kostgonger, dy't sa goed foar har en foar de jonge wie. Mar hoe mear hja mei Elia praette en hoe mear't er har fortelde oer dy machtige, strange God, hoe mear't hja oan har eigen sûnden tinke moast. Sarfath lei yn it lân fan Baäl en oan't nou ta hie de Heare net nei har omsjoen; hja wie ommers net fan syn folk en wenne fier bûten syn peallen. Mar nou, mei dy godsman yn har hûs, wie dit in stik fan syn rjochtsgebiet, nou tocht Er fêst ek om har, nou gyngen alle dagen syn strange eagen oer alles, dat hja die. Sok in hillich man, dêr koe maklik ûnheil fan komme!
En doe op in kear - de profeet hie noch net iens lang by har west - foel de slach: har iennichst bern waerd siik en stoar. Hja briek net út yn fûle klachten en jammere net: it leed wie to swier om út to gûlen; hjir wiene gjin triennen foar. En swijend siet se yn 'e stille keamer, de deade jonge op har skurte, de earmen stiif om him hinne, de eagen strak en droech. Hja hie mar ien bigearte mear, dat hja nou ek stjerre mocht, dat dy hege God nou har ek deade. Earst har man en nou dit bern, dat har alles wie... En dit wie om har sûnden, it wie har skuld, dat har jonge dea wie...
Doe hearde se stappen; de profeet kaem de keamer yn en bleau foar har stean. Hja bûgde de holle djipper oer it deade bern. Nou soe er har it kwea forwite, nou soe er har bistraffe om al har sûnden. Hy mocht sizze hwat er woe, it rekke har dochs net mear. Har jonge... har leafste lytse soan.
Doe't Elia neat sei en dêr mar stean bleau, great en heech yn syn rûge mantel, koe se har net mear ynhâlde. En bitter sei se: ‘Ik wist, dat it komme moast. Jo hawwe myn âlde sûnden yn oantinken brocht by dy strange God en nou is de jonge dea’.
‘Jow my it bern’, sei er sunich. Hja joech it him net en sei neat. Doe naem er it har út 'e skurte en hja liet him gewurde. Hwat koe in earme frou bigjinne tsjin sok in machtich Godsman? Miskien woe er it bigrave: hy hie ek folle fan it bern hâlden. Miskien woe er hwat oars, hja wist it net; it kaem der ek neat op oan: hja hie gjin jonge mear. Hja hie neat mear: oars net as har leed en har skuld en de flok fan in machtich God.
Elia gyng de doar út mei it deade bern op 'e earmen en droech it de bûtentrep op nei it platte dak; yn syn keammerke lei er de jonge op syn eigen bêd. Sa wyt wie er, sa ynwyt en sa kâld; men koe it hast net leauwe, dat dit nou datselde bern wie dat dounse troch it hûs en mei him boarte en oangyng. En dy frou dêr ûnder yn 'e keamer, mei har great fortriet, dat wie noch minder. Hja miende, dat de Heare har gram wie en dat om har sûnden de jonge stoarn wie! Sa'n great en sterk leauwe hie se hawn, de deis, doe't hy kommen wie, en nou wie se bang fan him en bang fan syn God. Mar de Heare, de God fan Israël, wie net in God fan grime allinne: hy woe ek in heit wêze foar syn bern, in Man foar de widdou en de wezen in Heit. En dizze frou, dy't sa goed foar him west hie, dy't sterker leauwe hawn hie as de minsken yn Israël, dy hearde ek by Gods bern. Dizze earme widdou soe witte, dat de Heare barmhertich is!
Hy gyng op it bêd ta en klage: ‘Heare, myn God, hawwe Jo nou dizze widdou, dy't my opnommen hat yn har hûs, it ûnheil oandien dat har soan stoarn is?’ Doe liet er him oer it bêd hinne falle en sloech de earmen om 'e deade jonge hinne. Stiif drukte er him tsjin him oan, as woe er dat deade, kâlde lichem forwaermje. ‘Heare myn God’, bea er, ‘och, lit de siele fan dizze jonge wer yn him komme’. Hy gyng oerein en bea ynmoediger, hertstochtliker. Noch twaris bûgde er oer de deade hinne; noch twaris bea er. Doe wie it as soe syn hert stilstean bliuwe: de jonge forweegde. As waerd er wekker út in djippe sliep, sa rekte er him en riisde oerein op it bêd en glimke him oan...
Sels droech er it bern de treppen ôf, de stille keamer yn. De mem siet noch op itselde plak, de holle foardel, de hannen yn 'e lege skurte. ‘Sjoch’, sei er, ‘jins soan libbet’. Hy seach hoe't de donkere eagen opljochten. Noch noait hie er sa bliid west yn syn libben. Hy hearde de widdou sizzen: ‘Nou wit ik, dat jo in man-fan-God binne en dat it wurd des Heare yn jins mûle wierheit is’. En noch noait hie er witten, dat de God fan Israël sa goed wie en sa barmhertich...