minsken, dy't gjin brea mear krije koene, om 'e boeren, dy't om 'e nocht it sied yn 'e ierde struije soene, om 'e bem, dy't fan honger stjerre soene. Mar lykwols wist er, dat it goed wie, hwat er dien hie: it gyng om syn folk en om God, dy't as in heit syn bern kastije woe, net út wredens, mar om se werom to bringen op it goede paed.
Doe sloech er de mantel om en naem de reisstêf op; hy gyng nei Samaria, nei kening Achab; hja moasten goed witte hwerom't har dizze honger oerkaem en dat it in oardiel fan 'e Heare wie. It waerd in frjemde reis, dy lange mars fan Tisbe nei de haedstêd en noch noait hie in profeet yn Israël sok boadskip brocht. Honger, dat hie der west yn 'e dagen fan Abraham en fan Jakob, yn 'e tiid fan 'e rjochters en fan kening David en altyd hiene Gods fromme bern om wetter bidden, om wetter en streksum brea. Hy wie de earste, Elia fan Tisbe, dy't bidden hie om honger. O, God, tocht er, dat it sa fier komme moast! Mar it spiet him net en hy roun mei greate moedige stappen: de honger kaem, nou wie der wer hope foar it folk fan God.
Hy wie net bang, doe't er foar de kening stie. Sels al soe Achab him deadzje, dan wie it noch net slim. Hwat soe de dea fan in Godsman, sa lang't de Heare sels libbe en nei syn folk omseach? En bûtendat: gjin kening koe hwat tsjin him bigjinne as God it net woe! En earnstich, mei lûde stim, sei er: ‘Sa wier as de Heare, de God fan Israël libbet, hwaens tsjinstfeint ik bin, it sil net dauje en reine ear't ik it siz!’
Doe kearde er him om en gyng de doar út; hy wie al bûten ear't kening Achab goed wist hwat er der oan hie...
Dy Maeitiids, doe't de iere rein net foel en dy simmers, doe't it nôt op it fjild fortoarre, doe wist Achab mar al to goed, hwat dy frjemde, sombere profeet bidoeld hie. Hy hate him, dy man dy't mei syn flokspreuk de himel sletten hie, dat der gjin wetter mear foel en dat it sels nachts net dauwe. Oeral liet er om him sykje en sels nei it útlân gyngen boaden, om to freegjen oft Elia dêr faeks ek wie. Hy moast him hawwe; allinne as dy profeet deade waerd, soe dy biswarring bruisen wurde.
Mar hoe't de tsjinners fan Achab ek har bêst diene, hja founen Elia net. Dy siet al lang heech en droech oan 'e oare kant de Jordaen yn in beekdelling tusken de rotsen. Doe't it iten krap waerd en Achab en Izébel alle war diene om him to fangen, hie de Heare sels syn tsjinstfeint stjûrd nei de beek Krith, in sydrivier fan 'e Jordaen; wetter wie dêr genôch, en de raven soene him iten bringe.
It wie wol in wûndere opdracht dy't God him joech, mar Elia bitocht him net en gyng daliks op mars. As God it sei dan soe it wis goed komme: dy't de himel tichtsleat dat der gjin rein mear foel, dy koe ek de fûgels fan 'e himel gebiede om him iten to bringen.
Gâns in skoft bleau er dêr, yn dat wylde iensume lân en elke moarn as it ljocht waerd en elke joun ear't it tsjuster wie, kamen de swarte fûgels en lieten brea falle en fleis; hy hie it mar foar it opkrijen. It wie net altyd farsk en lang net altyd lekker, mar it wie iten en it smakke him goed. Wylst syn folk honger litte, hie hy altyd mar wer folop! Noch noait hie ien sa iten út Gods hân, as hy dêr by de Krith en dy sombere fûgels mei har swarte flerken, wiene him as ingelen fan God. Hwat hindere it, dat it gleon wie yn 'e delling, dat de sinne skroeide en dat er gjin oanspraek hie? Noch noait hie God sa deun by west, noch noait hie er sa moedich west. Wachtsje soe er, moannen, jierren as it wêze moast en as de need op it swierst wie en de honger net mear to dragen, dan soe er it folk oproppe en dan soene se de Baäls reagje út it lân en dan soe er noch ien kear bidde, net om droechte, mar om rein. En dan soe de Heare him hearre en de rein soe rûzje oer it to-skroeide lân.
Elke dei skepte er wetter út de beek; it wie klear en koel, hiel oars as it lije wetter dat er thús wol dronken hie. Mar op it lêst bigoun ek de beek út to droegjen; stadich earst en doe al hurder. It wetter sakke by de dei en it soe net lang mear duorje, dan koe er gjin krûkfol mear skeppe. Hy wist net hoe't it dan moast, mar ek dat soe wol goed komme; God paste op him.
Op in dei doe't der hast gjin wetter wie, kaem it wurd des Heare jitris ta him: ‘Jow dy op, gean nei Sarfath, dat by Sidon leit, en bliuw dêr to wenjen; sjoch ik haw in widdou dêrre hjitten dy to ûnderhâlden’. Dyselde moarns noch joech er him op reis. Sarfath, tocht er, dat is it lân fan 'e Baäl en it lân fan Izébel. Ek dêr soe it iten krap