oanien hie Rehabeam, de soan fan Salomo, de wet des Heare hâlden, doe kearde er him fan 'e tsjinst fan God ôf en gyng syn eigen wegen. Net dat er sels op 'e hichten offere: hy gyng fan tiid ta tiid nei de timpel, dy't flak njonken syn paleis stie, dêr't er binnen-troch komme koe, mar hy liet it folk gewurde en kaem net foar Gods eare op.
En doe kaem de straf: in kening út Noard-Egypte, de Farao Sisak, triek tsjin Juda op en Rehabeam koe it lang net hâlde. Hy moast suver alles dat er hie oan 'e fijân útleverje; sels fan it goud en sulver fan 'e timpel moast er it measte oerjaen en de machtige gouden skylden, dy't op heechtiden de keningswacht droech, makken de reis nei it fiere Egypte. It holp net folle dat Rehabeam syn earmoed net wêze woe en to-nei de eare-wacht mei skylden fan koper útriste!
Ûnder it regear fan syn soan Abia waerd it net better. Hy wie de kening fan Juda dy't tsjin Jerobeam stried en him in mannich stêdden ûntnaem - Bethel sels wie der ek al by, al krige er dan it gouden keal net yn hannen - mar hy koe it allinne mar winne, trochdat er in forboun sleat mei in heidensk kening: Tabrimmon fan Damaskus.
Trije jier hie er noch mar kening west, doe stoar er al en syn soan Asa folge him op. It like wol dat der nou foar Juda in better tiidperk komme soe, hwant Asa wie in from man en bisocht yn it earstoan fan syn regear om yn alles to dwaen neffens Gods wil en wet. Út alle macht bigoun er syn lân to suverjen: de Baälshichten waerden sljochte, de alters fan 'e ûngoaden ûntwijd en de asjera's forbaernd, ja hy fornielde sels in tige ûnhillich byld dat syn beppe, Maächa, de widdou fan Rehabeam, makke hie. En doe't it âld minske noch net ophâlde woe mei har ûngoadetsjinst, sette er har ôf en dat sei hiel hwat, hwant de Mem fan in kening hie doedestiids gâns to sizzen.
It die bliken dat de Heare Asa seinge, hwant doe't in manmachtich leger Koesjiten de grinzen oer kaem, triek Asa har yn 'e mjitte en forsloech se; sa'n greate slach waerd dat, dat Seara, har kening, noait wer in oanfal weage hat.
Nei dy oerwinning kaem der in profeet ta de kening en biloofde him ek fierder des Heare seine, as Asa yn 'e wegen des Heare gyng en de Wet fan Mozes hâldde. Doe rôp de fromme foarst it folk des Heare op en meiïnoar fornijden se it forboun yn in plechtige gearkomst yn 'e timpel. Hja soene nou fuortoan noch trouwer de Heare tsjinje en elk dy't it weagje doarst, man of frou, en tsjinje de ûngoaden, dy soe deade wurde.
It like oft alles yn Juda to'n goeden keard wie, mar it duorre net lang, doe waerd it al wer minder. Ek Asa rekke yn 'e striid mei in kening fan Israël en ek hy sleat in forboun mei in heidensk kening. Hy woun de striid, mar krige fuort dêrnei in Godswurd, dat it net goed west hie, hwat er dien hie. Ynpleats dat er doe harke nei it wurd des Heare, mishannele er doe de profeet en sleat him op yn it tichthûs. En yn it lêst fan syn libben, doe't er it oan 'e fuotten hie, socht er gjin betterskip by de Heare lyk as syn plicht west hie, mar by allerhanne wûnderdokters en biswarders. Miskien, as er noch langer regearre hie, dat it ek mei Juda wer forkeard gien wie, mar hy stoar en syn soan Josafath, in tige from man, waerd kening yn syn plak. Hy re gearre tagelyk mei de aldergoddeleaste kening, dy't oait yn Israël it biwâld hawn hat: Achab, de soan fan Omri.
Hwant it wie al lang net mear in kening út it hûs fan Jerobeam dy't hearske oer it tsien-stammeryk. De profesije fan Ahia wie wurd foar wurd neikommen en in opstannich offisier, Baësa hie it hiele slachte fan Jerobeam fan 'e ierde fordylge: hy hie it slimmer makke as destiids Abimélech en net allinne de mânlju en de jonges, mar ek de fammensbern en de froulju deade. Net iens sa lange jierren letter foel ek it hûs fan Baësa troch it wreekjende swurd. De moardner, Zimri, hâldde it sawn dagen út op 'e keningstroan, doe bilegere syn oanfierder, Omri, him yn it paleis. Doe't Zimri seach, dat er it net hâlde koe, stiek er it hûs boppe him yn 'e brân en kaem mei alles dat er hie yn 'e flammen om...
Nei al dy wylde toanielen fan bloed en moart, krige Israël foar it uterlike wer in tiid fan rêst en bloei, hwant Omri wie in machtich kening en regearre mei de strange hân. Op in berch yn Efraïm boude er in