It oardiel oer Jerobeam
It barde op in kear dat abia, de soan fan Jerobeam, siik waerd en dat gjin dokter him helpe koe; by de dei waerd er minder en elk koe sjen dat it met lang mear duorje koe. Yn dy uterste need tocht de kening wer oan dyselde God, dy't er nou sa lang al terge hie mei syn bylden en syn alter. As de Heare net fanwegen kaem en in wûnder die, dan moast syn jonge stjerre, mar hoe soe er ta dy hege God gean, nei alles dat der bard wie? Hy wist mar ien middel: Ahia, de profeet, moast him helpe, deselde dy't him destiids it keningskip biloofd hie. Mar sels Ahia soe net nei him harkje wolle, as er wist dat it om in soan fan 'e kening gyng. As er nou syn frou ris hinne stjûrde en dy forklaeide har, dat Ahia net wist hwa't it wie? De âlde profeet soe dochs fêst wol in seine sizze wolle foar in mem, dy't kaem foar in sike soan? En as er ien kear in goed wurd sein hie, dan die sa'n spreuk syn wurking wol en dan moàst God him better meitsje.
Dat sa kaem it, dat de keninginne fan Israël har as in boerefrou forklaeide en de lange reis oangyng nei Silo, it plak dêr't Ahia wenne. Tsien platte breaën naem se mei, in pear spikkelkoeken en in krûkje hunich, hwant by in profeet koe men net mei lege hannen komme. Hja hope sa, dat Ahia helpe woe! As er nou mar net fornaem, dat hja de frou fan Jerobeam wie. It kaem goed út, dat er blyn wie en dat er fan âlderdom net mear sjen koe.
Mar lang foar't de keninginne oan it hûs fan Ahia ta wie, wist de âldman al hwa't hja wie en hwat se freegje woe: de Heare hie him iepenbiere dat Jerobeams frou kaem om him to bifreegjen oer har soan. Hy hie him ek al ynjown hwat er tsjin har sizze moast en earnstich wachte er op har komst. Der hie in tiid west, lange jierren lyn, dat er Jerobeam graech lije mocht en him in flinke man foun, mar dat wie foargoed foarby. In man dy't syn wurden yn 'e wyn sloech en Gods wet net telde, dy't de hân al nei de kroan útstiek ear't it mocht en dy't it folk learde to rikjen oan gouden goaden, sa'n man dêr koe er gjin respekt foar hawwe. Noait hie er wer nei in profeet omsjoen, al de jierren net dat er kening west hie! Mar nou't prins Abia siik wie, nou't er God wer brûke moast, nou kamen se by him. De keninginne yn boerinneklean! It bigreate him om har, mar it wie Jerobeam syn eigen skuld, dat er har gjin goede tiding mei jaen koe.
En dêrmei hearde er har fuotstappen by de doar en lûd rôp er: ‘Kom der mar yn, frou fan Jerobeam, hwant ik wit wol dat jo it binne en ik haw in hurd boadskip foar jo!’ De keninginne waerd sa wyt as in deade. ‘In hurd boadskip’. Dan soe har jonge dus net wer better wurde! Hja hie der al bang foar west! O God, dan moasten se him misse! En yn har bange, donkere eagen blonken de triennen. En doe harke se nei de wurden fan 'e profeet en it wie oft it hert har stilstie. It wie noch folle slimmer as hja tocht hie!
‘Gean hinne, siz tsjin Jerobeam: Sa seit de Heare, de God fan Israël: Ik haw dy forhege yn it formidden fan dyn folk en dy kening makke en Ik haw it keninkryk fan Davids hûs ôfskuord om it dy to jaen, mar dû hast mear kwea dien as al dyn foargongers en hast dysels gouden goaden makke om myn grime geande to meitsjen en hast My achter dyn rêch wurpen: dêrom, sjoch Ik sil kwea bringe oer it hûs fan Jerobeam en fan Jerobeam útroegje hwat manlik is en Ik sil syn neiteam fuortfeije lyk as ôffal fuortfage wurdt oant der neat mear fan oer is. Hwa't fan Jerobeam yn 'e stêd