plicht noch ris goed foarhâlden. It like tige from, in byld to meitsjen en dan to sizzen dat it dochs winliken net om dat byld, mar om de Heare sels gie, mar it gyng tsjin Gods Wet yn, it wie sûnde en slimme ûntrou. En net allinne dat it forbean wie, mar it wie ek tige nuodlik: in folk dat ien kear wend wie om foar in byld to bûgen, soe der maklik ta komme kinne om de Heare alhiel to forjitten en frjemde goaden nei to rinnen.
Mar om al dy dingen tocht kening Jerobeam net. Syn folk soe net langer nei it lân fan 'e fijân en dêr moast alles foar wike. Doe't de beide gouden keallen klear wiene en de timpel to Bethel boud - to Dan hiene se fan âlds al in godshûs - stelde Jerobeam sels de bylden foar oan it folk. Al langernôch binne jimme opgien nei Jeruzalem om de Heare to oanbidden, mar nou hoecht dat net mear; sjoch hjirre dyn goaden, o Israël, dy't dy opfierd hawwe út Egyptelân’. En doe't it folk de gouden goaden seach, dy't blonken yn 'e sinne, doe jubelen se it út. Nou wie it ryk fan 'e tsien stammen neat minder as it âlde ryk fan David, nou hiene se alhiel gjin langst mear om noch oait wer nei de stêd fan Rehabeam. En doe't de bylden plechtich ynwijd wiene en it iene yn 'e timpel to Bethel stie, gyng in hiele kloft folk foar it oare út, de lange, lange wei nei Dan. Sa, yn steatlike prosessy, droegen de heidenen har goaden ek troch it lân...
En út 'e hege himel wei seach de Heare yn grime del op syn oerhearrich folk. Ien kear hiene har âffears yn 'e wyldernis dounse, ek om in gouden keal, mar doe wie der in Mozes, dy't it foar de Heare opnaem. Dizze kear wie der gjin Mozes, nou wie der allinne mar in kening, dy't net om Gods gebot joech en dy't syn folk foargie yn it kwea. Wol swier soe de straf wêze as de Hege God fanwegen kaem.
Jerobeam hie it gebot, dat de profeet Ahia him oerbrocht hie, yn 'e wyn slein, hy hie de straf fortsjinne, mar noch ien kear woe de Heare him warskôgje. It waerd in warskôging dy't oan it gefoel kaem...
Net lang nei de ynwijing fan 'e timpel, yn 'e achtste moanne, op 'e fyftjinde dei, bigoun yn Bethel it greate jierlikse feest. Ek op it stik fan feesten nammers, mocht de nije timpel net efteroan komme. It wie al sa'n biswier om geskikte preesters to krijen, hwant hast alle Leviten wiene oer de grins, nei Jeruzalem, tein en de kening hie al forskate mannen wijd, dy't net út 'e famylje fan Aäron en net iens út de stam fan Levi wiene. Dat founen guon minsken al in slimme ôfbrek, dat it moast to-minsten net oan in feest en oan spiisoffers stean.
It wie noch by it bigjin fan it greate feest en kening Jerobeam roun krekt by de treppen fan it alter op, doe't der in profeet oankaem. Elkenien koe oan syn klean sjen, dat it in Godsman wie, dy't dêr op it alter ta kaem, mar it wie ek oan syn dracht to sjen, dat er yn Juda thúshearde. It folk wachte yn spanning. Hwat soe er to sizzen hawwe, dy frjemdling? Mar soe de kening him hwat sizze litte fan ien út it lân fan 'e fijân?
De profeet naem daliks it wurd en hy spriek de kening sels net ienris oan. As er harkje woe, nammersto better foar himsels, mar hy hie it tsjin dit ûnhillich alter. ‘Alter, alter, sa seit de Heare: Sjoch, in soan sil út it hûs fan David berne wurde, hwaens namme Josia wêze sil, dy sil op dy offerje de preesters fan 'e hichten dy't op dy rikje, en der sil minskebiente op dy forbaemd wurde’.
It waerd noch stiller nei dy driigjende, sombere wurden. In swier oardiel soe der gean oer it ryk fan Jerobeam: in kening fan Juda soe ienris Bethel ynnimme en dit nije alter ûntwije en de preesters deadzje. Mar der wie tominsten noch ien treast: it soe nou net barre, mar letter, miskien wol ieuwen letter. De kening sei neat, mar gyng troch mei it offer. Hy hie dy Godsman út Juda wol deadzje wollen, dy man út it lân fan 'e fijân, dy't tsjin syn alter profetearre en syn feest bidoar mei syn flokspreuk - mar hy doarst net. Dy't de hân opheve tsjin in profeet, dy krige it mei de goaden to dwaen. It bêste wie dat er mar krekt die, as hie er neat heard. Hy soe him net kenne litte. Doe forbiet er syn grime en stiek it fjûr oan en seach yn 'e lôgjende flammen. Gjin ien doarst mear hwat sizze en ek de Godsman út Juda seach swijend nei lt offer. Mar hy gyng net fuort. As woe er noch mear sizze, sa stie er dêr.
Letter op 'e dei, doe't it offer fortard wie en de preesters klear stiene om 'e hillige jiske op to skeppen, die er ûnforhoeds in stap nei foaren. En wer, yn 'e