De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 320]
| |
foar de kening to arbeidzjen. Syn heit libbe al net mear, dat hy foun it net moai dat er sa fier fan hûs moast, mar der holp neat oan: hy moast opkomme en holp as ploechbaes mei oan 'e bou fan 'e Millo, in machtige toer by de muorre fan Jeruzalem. Jerobeam wie iverich en hoewol't er net folle fielde foar dizze hearetsjinsten, die er dochs goed syn bêst; hy wie nou ienris gjin man om foar it wurk wei to winen. De opsichters murken al gau, dat de ploech fan Jerobeam mear wurk forsette as alle oare en hja sprieken oer him by de kening; net lang dêrnei sette Salomo him oer alle hearetsjinsten fan 'e Jozef-stammen en sa waerd de soan fan Nebath fan in arbeidersman in amtner yn tsjinst fan 'e kening. Ek yn dit nije wurk die er trou syn plicht en de kening tocht, dat er in goede set dien hie. Dat wie ek sa, der waerd mear dien as foartiid, mar der siet ek in oare kant oan: nou't Jerobeam sa folle minsken ûnder him hie, hearde en seach er ek mear. De mannen fan Israël wiene net sa bêst mear to sprekken oer Salomo en hja klagen stien en bien oer de swiere hearetsjinsten. Dat er destiids de timpel to Jeruzalem boud hie dat koe gjin ien him kwea ôfnimme, mar dat er noait wer ophâldde fan bouwen en de iene stêd nei de oare forsterke, dat wie minder. En it wie ek dat bouwen net allinne, dat har yn 'e wei wie, mar de kening libbe sa yn wielde en hy hâldde der safolle froulju en safolle boaden op nei, dat it folk de swiere lêsten hast net mear opbringe koe. Jerobeam hearde al sokke klachten geduldich oan en al sei er it net altyd, yn syn hert joech er har gelyk. Sa'n wielde as dêr't Salomo yn libbe, dat koe allinne yn in great en ryk lân as Egypte, mar net yn Israël. It wie him ûnbigryplik dat in wiis man as Salomo it net ynseach, dat er it noch minder makke, troch de swierste lêsten op 'e oare stammen to lizzen en Juda, syn eigen stam, to ûntsjen. En sûnt de opstân fan Absalom en fan Seba hie it al noait hielendal wer goed west tusken Juda en Israël. It koe yn 'e takomst noch bêst útrinne op in skieding, sa like it Jerobeam ta.
It barde op in kear, dat er op reis wie fan Jeruzalem nei Seréda, syn eigen stêd, dêr't ek syn mem wenne. Op in iensum ein fan 'e wei, midden op 'e romte, kaem er de profeet Ahia tsjin, dy't in gloednije mantel oan hie. Jerobeam gyng oan 'e kant, lyk as it foech jowt as men in Godsman moetet, mar ear't er him noch groetsje koe, kaem de profeet op him ta en triek de nije mantel út. Sûnder dat er in wurd sei, bigoun er de mantel yn stikken to skuorren en Jerobeam wachte geduldich. Dy lappen soene har bitsjutting wol hawwe, hwant sa'n profeet die soks net sa mar. Yn tolven skuorde er de mantel. Tolve stammen, gyng it him troch de holle. Mar hwat hie hy, in man út it stedtsje Seréda, mei de stammen Israëls út to stean? Doe naem de profeet tsien lapen fan 'e groun en hâlde se him foar. En earnstich sei er: ‘Nim dû der tsien stikken fan, hwant sa seit de Heare, de God fan Israël: Ik sil it keninkryk út Salomo's hân skuorre en ik sil dy tsien stammen jaen, dêrom dat er My forlitten hat, en him bûgd hat foar Astarte, de goadinne fan 'e Sidoniërs, foar Kamos, de god fan 'e Moabiten en foar Milkom, de god fan Ammons bern. Lykwols sil Ik dat net daliks dwaen, mar Ik sil him kening bliuwe litte, al syn libbensdagen, om 'e wille fan syn heit David en om 'e wille fan Jeruzalem, de stêd dy't Ik útkard haw. Ik sil dy tsien stammen jaen en syn soan sil Ik ien stam jaen, dat myn tsjinstfeint David altyd in lampe foar myn antlit hawwe mei to Jeruzalem, de stêd dy't Ik útkard haw om myn namme dêr to bifêstigjen! En Ik sil dy nimme en dû silst regearje oer Israël en astû harkest nei myn wurd en myn ynsettingen en myn geboaden hâldst, lyk as myn feint David dien hat, dan sil Ik mei dy wêze en dy in fêst hûs bouwe en dy Israël jaen.’
Doe't Jerobeam wer fierder roun, allinne op 'e stille wei, moast er oanienwei oan dat Godswurd tinke. It wie sa great en sa nij, hy moast der earst oan wenne. It greate ryk fan kening Salomo soe yn twaën gean en hy, in widdou's soan fan Seréda, soe it greatste stik hawwe. Tsien stammen tsjin ien, hwant Simeon telde net mear mei, dat wie alhiel yn Juda opgien. Hy hie it noait tinke doarst, dat dit foar him weilein wie! Mar as Gods eigen profeet it oankundige, dan kaem it ek fêst sa. It like ek al net iens sa frjemd mear, nou't er him | |
[pagina 321]
| |
der ynjoech: hy hie altyd goed mei minsken omgean kinnen en it folk fan Efraïm wie him wol genegen. Maklik wie it net, kening to wêzen, mar hy soe it wol rêdde. It wie ek wer moai, to hearskjen oer de tsien stammen, macht to hawwen en keningseare. En hwat de profeet yn it lêst sein hie, dat er net by Salomo's libben kening wurde soe en dat er Gods geboaden hâlde moast, dêr tocht er mar net to djip oer nei. Hy soe sels wol meitsje dat er oan 'e macht kaem en hy soe sels witte hoe't er letter regearje soe! Hy wie bliid mei it wurd fan 'e profeet en hy naem it as in goed teken, mar fierder koe er him sels wol rêdde en steurde er him net oan oaren.
Hy sette nou mei noch mear iver syn wurk troch. Alles dat syn mannen bouden yn Efraïm, soe ommers dochs fan him wêze! Der wie mar ien ding dat him yn 'e wei wie: it koe noch lang duorje ear't Salomo de holle dellei. Hy wie nou sa'n fiif-en-fyftich, de kening, en as er like âld waerd as syn heit, dan hie er noch fyftjin jier to goede! Sa lang woe Jerobeam net wachtsje. En dwers tsjin it wurd fan Ahia yn, makke er alles ré om sels de macht oer to nimmen: yn 'e stêd Seréda lei er in weinpark oan, mei weinen en hynders en op in goede dei bigoun er de opstân. It slagge him net: de soldaten fan Salomo makken der gau in ein oan en Jerobeam flechte it lân út. Hy teach nei Egypte en de Farao ûntfong him mei blydskip; dy foun it wol goed dat er in tsjinstanner fan Salomo by him hie, dy't him letter faeks helpe koe.
Yn it frjemde lân forgeat Jerobeam syn plannen net en syn freonen soargen der wol foar, dat er op 'e hichte bleau fan alles dat der yn Israël barde. Hy hoegde net lang to wachtsjen: in jier of hwat létter stoar de kening en sadré't er de boade krige, joech er him op reis nei hûs, nei de stêd Seréda. It wurd fan 'e profeet soe yn forfolling gean en earder as Jerobeam sels tocht hie.
Spitich dat er net nei Israël teach as in man dy't fan Godswegen roppen is ta swier en wichtich wurk, mar dat er kaem yn eigen krêft, in man, dy't it sels wol dwaen soe en dy't net om God en net om syn geboaden joech. |
|