De ûntrou fan 'e kening
By alle rykdom oan goud en skatten, hie kening Salomo ek in great tal froulju. Om't er mei safolle lannen hannel dreau, krige er kunde oan keningen en hege lju en om de bân hwat oan to hâlden, troude er dan faek mei in dochter of in suster fan dy mannen. Mar by al dy foarstinnen - sa'n sawnhûndert, alles meiïnoar - naem er ek noch trijehûndert slavinnen, dy't syn feinten foar him kochten, ta frou. It wie yn dy tiid sa, dat in kening noch hiel hwat froulju ha moast om syn stân op to hâlden, mar tûzen froulju yn fjirtich jier, dat wie sels foar in kening as Salomo wol hwat ryklik. En as it dan allegearre noch froulju út Israël west hiene, mar der wiene by út Moab en Ammon en Edom; der wiene Hettityske en Sidonyske, allegearre hast fan dy folken, dêr't Israël gjin omgong mei hawwe mocht.
It wie gjin wûnder dat Salomo, doe't er âlder waerd, tsjin safolle froulju net op koe, mar hy hie it himsels oandien en it wie syn skuld dat it forkeard gyng. It bigoun, lyk as meastal, tige yn it lyts: hy harke nei hwat hja fortelden oer har eigen lân en goaden en doe't hja seine, dat it dochs sa moai wêze soe, as hja yn it frjemde Jeruzalem har eigen goaden ek tsjinje koene, liet er dêr it ear nei hingje. It soe ek wol goed foar it ryk wêze, as er it hwat skikte mei dy frjemde goaden: de keaplju fan Tyrus soene nammersto leaver to Jeruzalem komme, as hja dêr ek in timpel founen fan har eigen god en Moab en Ammon soene har williger deljaen ûnder Israël, as er ek har goaden eare. En sa kaem it, dat kening Salomo, de soan fan David, de man dy't Gods hillich hûs boud hie, in offerhichte makke foar Astarte, de goadin fan Sidon, foar Kamos, de god fan Moab en foar Milkom, de ûngod fan Ammon. Bûten de muorren fan 'e stêd wie it, mar dêr wie it wier net better om. It wie ek net sa, dat Salomo de Heare alhiel forgeat, en him neat mear oan him gelegen lizze liet, né, mar hy woe èn de Heare èn de ûngoaden tsjinje en dat is al mis. Hwat David, by al syn freeslike sûnden, noait ien kear dien hie: de frjemde goaden neirinne, dat die syn wize soan. En doe't ien kear dy trije ûnhillige alters stiene op 'e berch by Jeruzalem, duorre it net lang of hy offere ek sels. Sa djip wie Salomo fallen, dat hy, dy't ienris sa bidden hie foar it folk, syn folk ôffierde fan God en it sûndige wegen wiisde. Op sok in kwea, fan sok in man, moast in swiere straf komme.
Op in kear kaem de Heare wer ta syn oerhearrige tsjinstfeint, mar dizze kear sil it wol net yn in dream west ha, mar earder troch de mûle fan in profeet en strang wie it boadskip fan 'e hege God: ‘Omdat dit by dy bard is, datstû myn forboun net hâlden hast, dêrom sil Ik it keninkryk fan dy skuorre en jow it ien fan dyn tsjinners. Allinne sil Ik it net yn dyn dagen dwaen en Ik sil ek net it hiele ryk fan dy ôfskuorre, mar ien stam sil ik dyn soan jaen. En it is net om dy dat Ik dat noch doch, mar allinne om myn tsjinstfeint David en om de stêd Jeruzalem, dy't Ik útkard haw.’
It moat foar Salomo in swiere slach west ha, doe't er dat Godswurd hearde. Ien inkele stam foar syn soan, ien lytse stam, ynpleats fan Davids great en machtich ryk. Mar it wie eigen skuld. Fuort nei dy tiid al bigoun der in opstân yn it lân Edom en krige er lêst mei in Edomityske prins, dy't Hadat hiet en dy't great wurden wie yn Egypte. Mar heite slimmer en dreger tsjinstanner krige er yn ien fan syn eigen tsjinners: Jerobeam, de soan fan Nebath.