de Heare oft er rjocht dwaen woe oan elk dy't yn need wie, oft er syn folk biwarje en seingje woe, yn tiden fan oarloch, fan droechte, fan honger, as it syn sûnden bilide en yn dizze timpel ta Him bidde soe. Ja, hy frege de Heare oft er ek hearre woe nei elk dy't net fan Israël wie, mar dy't út in fier lân komme soe om syn namme oan to roppen. En as it folk fan Israël yn sûnde falle mocht, en as de Heare har yn syn grime nei in fier en frjemd lân fierde en hja bikearden har en rôpen ta him, it antlit nei it âlde lân en nei dit hûs, och mocht Er har dan hearre en har forlosse en har werombringe yn har eigen lân.
Doe riisde de kening oerein en seinge it wachtsjend folk en dêrnei, dagen oanien, waerden yn it nije hûs de offers slachte en de feestspizen iten. De achtste dei gyng elk nei syn hûs, bliid en wol to moed om al it goede, dat de Heare dien hie oan syn folk.
Nei it ynwijingsfeest kaem de Heare sels ta Salomo en spriek him ta. ‘Ik haw dyn smeekbea heard, dystû smeekjende dien hast en Ik haw dit hûs hillige en astû myn geboaden hâldst en yn myn wegen giest, dan sil Ik dyn troan bifêstigje yn ivichheit. Mochten jim en jimme bern jim lykwols fan My ôfkeare en oare goaden tsjinje, dan sil Ik jim ûtroegje út dit goede lân en jim foar myn antlit weismite, dat Israël in spotliet wurde sil by alle frjemde folken en dan sil Ik dit hûs, datstû My set hast, ta in púnfal keare litte!’
Bihalve ta syn keningswurk en syn bouplannen, foun Salomo ek noch tiid ta stúdzje en skriuwen: lyk as syn heit wie er dichter en makke er in great tal fersen. David hie by syn libben gâns psalmen dichte, lieten fan forlossing en útrêdding út greate gefaren, fersen fan djip birou en fan djippe tank, mar Salomo, dy't folle rêstiger libben hie, dichte foaral oer de natuer, oer alles dat de Heare skepen hie. Ek mocht er himsels graech yn allerhanne slimme fragen jaen en dêr skreau er gâns wize spreuken oer, dy't net allinne lêzen waerden yn syn eigen lân, mar ek fier oer de grinzen fan Israël. Sels yn fiere lannen wie syn namme bikend en om fierrens wei kamen wize lju om mei him to praten oer swiere en slimme fragen. Ien kear kaem der sels in frou: de keninginne fan Skeba, dy't earne yn Arabië har ryk hie.
Hja hie al faek fan dy wize kening dêr to Jeruzalem heard, fan syn macht en hearlikheit en foaral ek fan syn God, mar hja koe hast net leauwe dat al dy forhalen wier wiene. Op it lêst teach se nei Jeruzalem om mei eigen eagen to sjen hwat der wier wie fan al dy geroften. Hja kaem to Jeruzalem mei in great gefolch fan tsjinners en kamielen en mei skatten fan goud en jewielen en fan 'e djûrste krûderijen. Salomo wie tige bliid mei har komst en liet har alles sjen dat er hie. Yn 'e wide troanseal ûntfong er har en harke er nei har riedselspreuken, dy't er allegearre oplosse koe; dêrnei sieten se oan tafel yn 'e ytseal en hja bisaude har suver oer al de tsjinners dy't dêr by yn aksje wiene. Ek de kleankeamer biseach se en de wynkelder, en yn 'e timpel makke se in offer-tsjinst mei. Doe't hja alles sjoen hie, sei se tsjin 'e kening: ‘It hat de suvere wierheit west, hwat ik yn myn lân oer jo heard haw; ik koe it net leauwe, mar nou wit ik dan: de heite wie my noch net trochdien; jins wysheit en rykdom geane de rom dy't ik heard haw, fier to boppe. Priizge mei wêze de Heare jins God, dy't jo op 'e troan set hat, om't er Israël yn ivichheit leaf hat.’
Nei't hja noch gâns bipraet hiene to-gearre en ek hannelssaken dien hiene, teach de keninginne werom nei har lân, bliid en tankber dat hja de greate kening nou heard en sjoen hie. Ek Salomo sels wie bliid mei alles dat er fan har krigen hie: wol hûndert tweintich talinten goud hie se yn Jeruzalem bliuwe litten en letter krige er noch in heap goud út Ofir, dêr't syn eigen skippen, yn boun mei Hiram sines, hinne fearen. It kaem sa fier dat Salomo riker wie as alle keningen en dat it sulver net mear yn tel wie. It wurd wie wol neikommen dat He Heare sprutsen hie yn 'e dream to Hebron. Noch noait hie Israël sa ryk west, noch noait hiene oare folken der sa heech by opsjoen as yn dizze tiid.
Mar al dy hearlikheit, dy't God yn sa romme mjitte joech, hie Er in doel by. It gyng Him net âlderearst om Salomo, net om it folk fan Juda en Israël: de gloarje fan kening Salomo wie teken en symboal fan de hearlikheit fan in oare kening, dy't letter komme soe en ivich hearskje oer de folken fan 'e wrâld: Jezus Kristus, de soan fan God. It wie net slim dat Salomo dat noch