De wize kening
Twa dingen wiene it foaral, dy't in kening yn Israël dwaen moast: syn folk foargean yn 'e striid en rjocht sprekke neffens Gods hillige Wet. Mar nei al de oarloggen dy't David fierd hie, wie der gjin fijân mear dy't syn lân bidrige en de jonge Salomo wie der bliid om; hy wie gjin man fan oarloch en hy hie gjin oanstriid om oare folken oan to fallen en har lân to foroverjen. Net troch greate fjildslaggen woe er namme meitsje, mar troch machtige bouwurken: in moai hûs woe er sette foar de dochter fan 'e Farao, in paleis foar himsels en boppe-al in timpel foar de Heare. En foaral wie it syn doel om rjocht to sprekken sa't it in kening fan Israël foege, strang en rjochtfeardich en neffens des Heare geboaden, sa't syn heit it him bisteld hie.
Hy fielde sels wol, de jonge kening, dat it net maklik wêze soe, foaral net foar ien dy't noch net folle fan it libben en de minsken wist. De wet fan Mozes hie Nathan him ûnderrjochte en dêr wist er hiel hwat fan, mar mei de wet allinne wie it net klear. Hy moast witte hwat der omgyng yn it hert fan 'e minsken, hy moast oanfiele kinne, hwa't fan 'e tsjûgen de wierheit spriek en hwa net en hoe soe dat kinne, jong dat er wie, en sûnder folle ûnderfining? Der wie mar ien dy't him dat leare koe: de Heare, de God dy't de herten ken en Him soe er freegje om wysheit.
Op in goede dei triek er mei syn tsjinners en mei gâns preesters nei de hichte to Gibeon, dêr't doedestiids it koperen alter stie, dat by de tabernakel hearde. Tûzen brânoffers brocht er dêr en doe't de jouns de lêste offers fortard wiene, joech er him by it alter nei sliepen, op hope dat er yn 'e nacht in Godswurd krije soe.
Dy nacht kaem it ek, mar yn 'e dream. Dúdlik hearde er de Heare sizzen: ‘Ik haw al dyn offers sjoen en dyn bidden haw Ik heard: nou dan, bigear hwat Ik dy jaen sil.’
De jonge kening antwurde earbiedich: ‘Heare, jo hawwe my, jins tsjinstfeint, kening makke yn ús heite Davids plak, mar ik bin noch mar in foech jonge en wit net hwat der yn it libben to keap is. En nou stean ik yn it formidden fan jins eigen folk, in folk dat net teld wurde kin fanwegen de mannichte. Jow jins tsjinstfeint dan in froed herte, dat er it folk rjochtsje mei neffens jins Wet, hwant hwa soe dit manmachtich folk fan Jowes oars rjochtsje kinne?’
En wer kaem it wurd fan God ta Salomo: ‘It is tige goed datstû net dien hast lyk as de heidenske keningen, en dat dyn bigearte net fallen is op in lang libben, noch op rykdom en eare, noch op macht oer de fijannen, mar datstû oars net frege hast as wysheit om it rjocht to bistellen. Nou dan: Ik haw dien neffens dyn wurden. Ik haw dy in wiis en forstannich herte jown, dat dyn gelikens net foar dy west hat en nei dy net wêze sil. Mar ek hwatstû net frege hast, sil Ik dy jaen: rykdom, eare en macht oer de fijân en in lang libben, astû yn myn wegen wannelest en myn geboaden dochst.’ De kening waerd wekker, mar hy wist, dat dit gjin gewoane dream west hie: it wurd dat er heard hie yn 'e sliep, soe de Heare God oan him wier meitsje. Bliid en tankber reizge er werom nei Jeruzalem en offere ek dêrre by Gods hillige arke.
Net lang nei dy wûndere dream die it bliken, dat de jonge kening tige wiis wie yn alle dingen fan rjocht en wet.
It wie op in dei doe't Salomo siet om rjocht to sprekken, dat twa froulju by him kamen, elk mei in bern op 'e earm. Salomo seach wol dat it net fan 'e bêsten wiene, dy twa; hja wennen to-gearre yn in soarte fan herberch en ûntfongen dêr alle man dy't bitelje woe. In eigen man hiene se net, dy't foar har pleitsje koe en dêrom kamen se nou sels om rjocht to sykjen.
De earste frou kaem nei foaren en sei: ‘Och, myn hear, dizze frou en ik wenje