wie noch ien kear helder en syn donkere eagen blonken.
‘Ik gean hinne yn 'e wei fan alle wrâld; wês dan sterk en wurd in man en wannelje yn 'e wegen fan 'e Heare, dyn God, en ûnderhâld syn geboaden sa't dy biskreaun steane yn 'e wet fan Mozes. Hwant dan allinne sil Er dy seingje en it wurd wier meitsje, dat Er oer dy sprutsen hat.
Mar der binne twa dingen dystû sels dwaen moast, as dyn ryk bistean sil, hwant oars kin Er dy syn seine wis net jaen: dû moatst Joab en Simeï, de soan fan Geara, deadzje mei it swurd. Hwant dû witst hwat Joab my oandien hat; hoe't er myn beide kriichsoersten, Abner fan Israël en Amasa fan Juda, formoarde hat en dat er yn folle fredestiid oarlochsbloed stoart hat op 'e gurle, dy't om myn heupen wie en op 'e skuon, dy't oan myn fuotten wiene. Ik haw him net straft en de bloedskuld is net weinommen, mar doch dû him neffens dyn wysheit, en lit syn grize hierren net mei frede yn it grêf keare.
Dû wist ek fan 'e swiere flok dy't Simeï oer my sprutsen hat op 'e wei nei Mahanaïm en dat ik him op 'e weromreis sward haw: Ik sil dy net deadzje mei it swurd. Dy eed haw ik net bruisen, mar lit dû him net frij út gean, hwant syn flok soe dy en dyn folk treffe, dat lit syn grize hierren bluodrich yn it grêf keare.’
De âld kening koe net mear. Hy lei wer stil, mar hy seach noch ien kear nei syn jonge soan. Doch hwat ik dy oplein haw, twongen dy wurge eagen. Net lang dêrnei stoar kening David en waerd bigroeven to Jeruzalem: It hiele folk roude oer him en hja wisten dat der in great man yn Israël stoarn wie. Miskien soene se noait sa'n kening wer krije, in kening dy't alles foar syn folk oer hie en dy't har regearre hie neffens Gods wet. Hy hie in swier libben hawn en hy hie greate en slimme sûnden dien, mar God hie oan 'e ein ta mei him west en him syn kwea forjown; dan paste it har net om der oer to wrokjen, nou't er stoarn wie. En de deis dat hja David útdroegen nei it grêf yn 'e Davidsstêd, rouden Jeruzalem en Israël oer him en hja skriemden, net om't it sa hearde, mar om't hja him echt leaf hawn hiene en om't hja him misten. Ien kear, in ljochte dei, hie er mei har dounse foar de ark; nou skouden se him yn it donker grêf, dat hwa soe dan net skrieme? Hwant fan 'e ljochte hìmel, dy't der is efter it tsjuster grêf, wisten se noch net, it folk fan Jeruzalem.
De jonge Salomo koe der daliks net ta komme om dy lêste opdracht út to fieren, dy't syn heit him jown hie. Beide hiene se de dea fortsjinne, Joab en Simeï, mar it wie sa lang al lyn en Joab hie, by al syn kwea, sa folle foar Israël dien. Miskien hie it der net iens fan kommen, as Adonia it net bidoarn hie en hwat dien hie dat Salomo him wol tige nei nimme moast.
Net lang nei Davids dea kaem Bathséba by Salomo en frege oft Adonia net trouwe mocht mei Abisach, de jonge frou dy't David de lêste tiid forsoarge hie. Hja tocht dat der neat op tsjin wie: Abisach hie David wol forsoarge, mar syn frou hie hja noait west, dat hwerom soe se net trouwe kinne mei in oare man. En Adonia, dy't hast al kening west hie, mocht wol hwat forgoeding hawwe.
Kening Salomo naem it lykwols hiel oars op. ‘Ik haw him goed warskôge’, sei er bitter, ‘mar nou bigjint er dochs wer. It giet him net om Abisach sels, mar hy wol in frou hawwe út it keningshûs, om letter dochs wer in set to dwaen op 'e troan. It folk wit der neat fan, dat Abisach allinne mar forpleechster wie en net de frou fan 'e kening. Adonia hat de dea fortsjinne en Joab en Abjathar, dy't him holpen hawwe en dy't hjir miskien ek wer mei achter sitte, sille har straf ek net ûntgean.’
Doe joech de kening bistel oan Benaja, de kommandant fan 'e liifwacht en dy teach út en deade earst Adonia en doe Joab; Abjathar allinne rêdde it libben der ôf, mar hy waerd forballe út Jeruzalem en mocht gjin preester mear wêze. To-nei soe Sadok allinne de tsjinst waernimme by it hillichdom en kaem der in ein oan it preesterskip fan Eli's hûs. Sa gyng it Godswurd yn forfolling, dat ienris sprutsen wie oer de âlde Eli.
En sa kaem it wurd ek nei, dat David syn soan Salomo oplein hie: Joab wie stoarn en syn âlde holle wie bluodrich yn it grêf keard. Dat Adonia ek deade wie, de fjirde soan fan David, dy't foar syn tiid stoar, dat hie de âlde kening net bigeard.
Trije jier letter foel ek de âlde Simeï ûnder it swurd fan Benaja. Salomo hie him oplein, dat er to Jeruzalem bliuwe moast;