jins tsjinstfaem sward dat myn soan Salomo nei jo op 'e troan sitte soe, mar sjoch, nou is Adonia kening wurden en jo, mynhear de kening, witte nearne net fan. Mar op jo, o kening, binne de eagen fan hiele Israël, dat jo har sizze sille, hwa't nei jo op 'e troan fan Israël sitte sil. Hwant oars soe it ris barre kinne, dat ik en myn soan Salomo foar forrieders oansjoen en deade wurde...’
Noch ear't David in wurd sizze koe, wie Nathan ek al foar de doar en frege tagong; hy waerd der ynroppen sadré't Bathséba nei bûten gien wie. Nathan naem daliks it wurd. ‘Myn hear de kening, hawwe jó soms sein, dat Adonia nei jo op 'e troan sitte sil! Wy moatte it hast wol tinke, hwant hy hat oksen en skiep en mestfé slachte en alle soannen fan 'e kening binne by him, en Joab en Abjathar; en hja ite en drinke by him en sizze: De kening Adonia libje! Mar hy hat my en Sadok en Benaja en de jonge Salomo net ta syn gastmiel bean. Dat as dit allegearre fan 'e kening útgien is, dan moatte wy swije, mar dan bigryp ik net, hwerom't de kening it ús net sein hat, hwant ik wist net better as Salomo soe jins opfolger wêze.’
De kening hie alles heard hwat Bathséba en Nathan sein hiene en hy wie klear wekker. Oars lei er der meast mar stil hinne en slomme hwat, mar nou kaem noch ien kear de âlde krêft fan alear wer boppe. Salomo, de soan fan Bathséba, soe kening wurde en oars gjin-ien; hy hie it earder sizze moatten, mar it wie noch net to let. ‘Lit Bathséba komme’, gebea er. Nathan gie daliks de keamer út en wer stie Bathséba, de frou fan David, foar har man, dy't har ien kear sa hertstochtlik leaf hawn hie. Mei klopjend hert hearde se nei him. ‘Sa wier as de Heare libbet, dy't myn siele forlost hat út alle need, wiswier, lyk as ik dy sward haw: Nei my sil dyn soan Salomo kening wêze, en yn myn plak sil er op myn troan sitte - sà sil ik hjoed-de-dei noch dwaen’. Bathséba wie tige bliid en tige tankber. Nou soe alles noch goed komme mei har jonge soan.
En noch gjin ûre letter gyng der wer in optocht troch de strjitten fan Jeruzalem: de jonge Salomo op it mûlidier fan 'e kening en om him hinne Sadok en Nathan en Benaja mei syn wacht en hja gyngen de poarte út, mar oan 'e oare kant de stêd as dêr't Adonia syn feestmiel joech. De kening hie alles sels sa bisteld en alles forroun sa't it hearde: Sadok salve de nije kening en hja bliezen op 'e bazún en doe teach de hiele optocht de stêd yn en nei it hûs fan David. De minsken yn 'e stêd wiene bliid mei de jonge kening, en yn 'e smelle strjitten, tusken de hege muorren, wie it ien hege, lûde jubel.
Oan 'e oare kant de stêd roun it feest nei de ein: it iten wie dien en it waerd tiid om Adonia to salvjen en de stêd yn to gean. Doe ynienen stiek Joab de hân omheech en sei: ‘Hark, hwat is dat foar gerop en gerûs yn 'e stêd?’ en dêrmei krige er ek it antwurd op syn fraech: Jonathan, de soan fan Abjathar, kaem der oan en wist alles hwat der bard wie yn 'e stêd. Hy fortelde koart en klear, dat Salomo kening wurden wie en dat de hiele stêd him neiroun en yn rep en roer wie fan blidens. ‘En de kening wit der fan’, sei er, ‘hy hat oanbidden op syn bêd en sein: Priizge mei de Heare wêze, de God fan Israël, dy 't it sa biskikt hat, dat der hjoed ien fan myn bern op 'e troan sit, nou't myn âlde eagen it noch sjen kinne.’
De gasten fan Adonia hiene it fuort foar it forstân, dat der neat mear fan har plannen komme koe: de jonge Salomo siet op 'e troan en Benaja hie de hiele stêd biset. As hja noch langer wachten, soe er op har los komme mei de wapens yn 'e fûst en har allegearre deadzje. Doe sprongen se oerein en gyngen elk syn wegen. Net ien tocht mear oan Adonia; dy moast sels mar sjen hoe't er it libben der ôfrêdde.
Adonia tocht net oars, as dat er nou stjerre moast. Hy wie tsjin David opstien en de nije kening koe oars net yn him sjen as in gefaerlike fijân. Der bleau him noch ien middel oer om it faeije libben to rêdden: hy gyng nei it hillichdom, dêr't de arke stie en naem de hoarnen fan it alter beet. Op sa'n hillich plak soe Salomo him miskien net deadzje doare.
It kaem krekt sa't Adonia tocht hie; de kening liet him helje en liet him doe frij nei syn hûs gean. As er to-nei goed oppaste en net wer bisocht om kening to wurden, dan soe der gjin hier fan sines op 'e ierde falle, mar sadré as er him misgie, al wie it noch sa'n lytse saek, dan soe er de dea stjerre. Adonia gyng bliid nei hûs; it