sei er: ‘Dû silst net stjerre; ik swar it dy yn des Heare namme.’ Jierren letter soe dy hastige eed him tige spite, mar nou miende er, dat er der goed oan die: by sok in blide dei paste it net om bloed to forjitten.
En noch mar krekt hiene se dy frjemde moeting hawn mei Simeï, doe't der wer ien oanriden kaem: Méfiboseth, de soan fan Jonathan. Al dy tiid dat David to Mahanaim west hie, hie er roud; it wie him oan to sjen en it wie ek to rûken: hy hie him dizze wiken net forskjinne en sels syn fuotten en syn burd hie er neat oan dien. De kening seach him strang oan en frege: ‘Hwerom bistû net mei my tein, Méfiboseth?’
De soan fan Jonathan antwurde: ‘Ik koe net, hear. It wie myn doel om mei jo yn ballingskip en ik hie Siba opdroegen om de ezels to sealjen, mar hy hat ynpleats alle ezels meinommen en my by de kening swart makke. Mar sûnder ezel koe ik net ta de kening gean, hwant jo witte, dat ik net rinne kin.’
David wist net hwa 't er nou leauwe moast, Siba hie it hiel oars forteld en it hie better west dat er de saek earst ûndersocht hie; soms wie er wier to hastich en naem er to gau in bislút. En hoe moast it nou? Hy hie it lân oan Siba jown mar as it der op oan kaem leaude er Méfiboseth leaver. Doe sei er: ‘Ik gebied dat Siba en dû it lân diele sille.’ Méfiboseth bûgde by wize fan tank. ‘Al soe ik alles kwytreitsje’, sei er, ‘dan wie it noch net slim, nou't de kening bihâlden weromkomt.’
Doe bigounen se mei man en macht alles oer de rivier to dragen en ek de kening sels gyng nei de oare kant. Fan de Jordaen teagen se nei Gilgal en dêr kamen de âldsten fan Israël om David op to heljen. Hja seagen raer op dat Juda har nou dochs noch foar west hie en doe't hja hearden, dat de stam fan Juda aparte rjochten krigen hiene, waerd it in hiele rûzje. It gyng hurd om hurd en foaral de mannen fan Juda seine it raer op...
Der wie to Gilgal ek in man út Benjamin, Seba, de soan fan Bichri. It wie him noch altyd yn 'e wei dat Juda de keningsstam wurden wie en nou, mei dy rûzje tusken Israël en Juda, seach er de kâns skoan. Hy liet syn boade roungean mei dit boadskip: ‘Wy hawwe gjin diel oan David en wy hawwe gjin erfenis oan 'e soan fan Isaï: in elk nei syn tinten, o Israël!’ It sloech fuortdaliks yn, dit liet fan 'e opstân en alle man fan Israël teach út Gilgal wei, it Noarden yn, achter Seba oan. As David dan allinne mar om Juda joech, dan moast er him ek mar mei Juda rêdde; hja koene it wol sûnder kening ôf!
It wie wol in slach foar David en nou seach er dat it net goed west hie om Juda sa foar to trekken. Mar nou wie it to let! Noch mar krekt wie de opstân fan Absalom oer, of nou wie dit der wer; hy moast fuort taslaen, oars gyng it op 'e nij op in greate oarloch oan. Sa fluch as it koe, triek er nei Jeruzalem en makke alles klear. Oars soe er Joab opdroegen ha om mei Seba ôf to rekkenjen, mar Joab wie út syn amt ûntset en Amasa moast it nou dwaen. De kening lei him op dat binnen trije dagen it leger fan Juda marsfeardich wêze moast. Hy tocht net oars as Amasa soe dwaen hwat him oplein wie, like goed en like fluch as er it fan Joab wend wie, mar dat kaem oars út. De trije dagen wiene al om en noch wie Amasa net klear om mei it leger fan Juda op mars.
It baernde David yn. It wie heech tiid dat hja Seba oanfoelen, ear't er him fêst sette yn 'e iene of oare stêd. Der kamen sombere gedachten by him op. Kóe dy Amasa net hurder? Dan wie er in fjildhear fan neat en hie er him noait nimme moatten. Of wóe er miskien net en hâldde er it to-mûk mei Seba? Dan wie er in forrieder. Yn elk gefal moast der hwat dien wurde. Hy rôp Abisaï en sei: ‘Nou sil dy Seba, de soan fan Bichri, ús noch mear kwea dwaen as Absalom; nim dû de soldaten dy't yn 'e stêd binne en set him efternei.’
Abisaï makke der daliks wurk fan: de liifwacht, de Filistinen fan Ittai en de mannen fan Joab kamen gear en makken har ré ta de efterfolging. Hja hiene der wol moed foar; nei Absalom soene se nou dy Benjaminyt forslaen. De hiele kloft marsjearre it Noarden yn. Joab wie der ek by. Fansels wie er forgrime op David, dat dy him sa bihannele hie, mar heite greater wie syn grime tsjin Amasa. David wie op it lêst syn kening en de kening moat men hearrich wêze, sels as er jin ûnrjocht oandocht. Mar dy Amasa! In wike-mannich lyn stie er tsjin David yn it fjild en nou wie er de greate man yn Davids leger; doe hie hy,