mocht mei muorren en poarten, it soe him neat jaen, hwant hiel it folk soe komme en touwen tôgje nei dy stêd en wy sille har yn 'e beek slepe, dat der gjin stientsje mear to bikennen is.’
It wie stil yn 'e keningsseal; Husai fielde dat syn wurden ynslein wiene. In man as Absalom tocht allinne oan syn eigen eare en hy seach him sels al oan it haed fan sok in machtich leger. En dêr wiene offisieren by, dy't it neat net slim founen dat de slach tsjin Joab en syn mannen noch hwat opsteld waerd. Mar soene se it goede plan fan Ahia dêrom falle litte en neffens syn rie dwaen? O God, tocht er, slaen him mei blinens, dat er myn wurden docht. En dêrmei hearde er Absalom sizzen: ‘Ik haw myn bislút nommen: wy sille it plan fan Husai dwaen.’ It skimere him foar de eagen en syn hert bounze fûl. God wie dochs noch mei David. Nou koe alles noch goed komme.
Mar Husai, de Arkyt, wie in forsichtich man. Men koe it noait witte, hwat Absalom letter noch wer die: it soe it bêste wêze dat er David dochs foar de nacht noch warskôge. Hy stjûrde daliks nei de gearsit de boade nei de preesters, dy moasten dan mar sjen dat it fierder kaem.
Sadok en Abjathar wisten der wol rie op, sels al hâldden de soldaten fan Absalom de wacht by alle poarten. Har beide soannen sieten de hiele dei lâns by de boarne, in eintsje bûten de poarte en wachten dêr op birjocht. Fansels koene hja der gjin man op út stjûre, dy soe wis keard wurde, mar in faem mei in wetterkrûk op 'e holle dat koe bêst. Dy faem hie al earder de reis nei de boarne makke, dy deis, mar dit wie in wichtige tiding en hja moast it weagje. It slagge har ek dizze kear om Jonathan en Achimaäz birjocht ta to krijen, mar in jonge hie it sjoen en brocht it de kening oan. Hja wiene midden yn it doarp Bahurim, doe't hja fornamen dat der soldaten achter har oankamen. It wie net to weagjen om fierder to gean; op 'e lange, ienlike wei koene se dy hurdrinders net foarbliuwe. Fluch setten se de stap deryn en rounen ûnder in poarte troch. Op it romme binneplein, njonken in saed, troffen se in frou. Hja wie gau biret, dy boerinne fan Bahurim. Hwat koe it har skele fan hokker partij dy beide knapen wiene en oft Absalom it goedfoun of net? Twa fikse jongfeinten wiene yn gefaer, dat hwat koe in frou oars dwaen as helpe? ‘Hjiryn’, wonk se en wiisde nei de saed. Doe lei se der handich in deksel oer en struide dêr nôt op. Hja wie noch mar krekt wer goed en wol klear, doe kamen de soldaten it plein al op. Der wie neat to sjen: oars net as in boerehiem tusken hege muorren en hwat nôtkerlen op in donker kleed. Dy twa jongemannen, sei de boerinne, ja dy hie se sjoen, dy wiene yn alle haest oer de beek set... De soldaten leauden it en gyngen har wegen en sa kaem it dat Jonathan en Achimaäz dy lette joun noch by de Jordaen kamen en David fortelden hwat Ahia woe. De nachts noch trieken David en alle oaren oer de rivier. Dy moarns hie David bidden oft God de wize rie fan Ahia to skande meitsje woe: nou wist er, dat de Heare syn gebet forheard hie.
De âlde riedshear bigriep it ek, dat syn plannen mislearre wiene. Nou't Absalom net daliks trochpakte, mar wachte op it folk, hie er de slach yn it foar forlern: noait koe sa'n leger fan boeren it winne fan Joab syn bitûfte striders.
It koe him ek neat skele. Oft Absalom kening bleau of dat er foel yn 'e slach, it wie him itselde. Mar dat David, de moardner fan Uria, it nou dochs noch winne soe, dat wie minder. Hy hie altyd tocht dat de Heare de God fan it rjocht wie en dat Er de kweadwaners útdylge, mar nou wist er better. Sa'n God woe er net tsjinje: in God dy't de lytse man strafte as er kwea die en dy't de keningen de hân boppe de holle hâldde! En yn it lân fan sa'n God woe hy net langer libje.
De oare moarns bitiid seale er de ezel en ried it Suden yn, nei syn eigen stêd. Noch mar in deimannich wie it lyn, doe wie er it paed ek riden, de haet yn it hert mar mei greate, fiere plannen. Nou ried er hjir ûnder in hege blauwe loft, in âld en bitter man. It offer dat hja as famylje meiïnoar brocht hiene, de deis ear't er nei Hebron teach, hie net holpen. God seach syn offers net oan; dy rûkte leaver de rook fan keningsoffers. Hy naem ôfskie fan 'e famylje en bistelde hwat der nei syn dea barre moast. Doe dwaelde er it fjild yn, allinne en forhong himsels. Letter founen se him en droegen it lyk nei de stêd en bigroeven him yn syn heite hûs.