sa fier to krijen dat Absalom domme dingen docht. En mocht it nedich wêze datstû my de boade dochst: sjoch, Sadok en Abjathar binne ek yn 'e stêd en dy witte de wegen wol om my birjocht ta to krijen’. Husai harke frjemd op. It wie net maklik, hwat David him opdroech en ien ûnforsichtich wurd koe him it libben kostje. Oan 'e oare kant lake him dy mars oer minne wegen ek net oan en bang wie er net. ‘Ik gean al’, sei er, en dêrmei draeide er him om en sette de stap nei de stêd ta. Hy seach net wer om: as hie er foargoed mei David ôfdien, sa stoep er dêr hinne. Doe't er de poarte fan Jeruzalem yngyng, droech er al wer in nije mantel en hie er de ierde út syn grize lokken kjimd...
Wylst Husai, de wize riedshear, op wei wie nei Absalom, hie kening David wer in oare moeting: Siba, de tsjinstfeint fan Méfiboseth, brocht him ezels, biladen mei brea en koeken, in mannich fruchten en in sek fol wyn. De kening koe it skoan brûke ûnderweis, mar hy frege binijd: ‘Hwer is de soan fan Jonathan, dyn hear? Hy hâldt it dochs fêst net mei Absalom?’
Siba sette in earnstich gesicht: ‘It is noch slimmer’, sei er doe, ‘myn hear Méfiboseth wol bisykje om sels kening to wurden.’ It die David sear, dat er soks hearre moast: hy hie Méfiboseth sa goed bihannele en nou die er sa. It foel him al ôf en tsjin Siba sei er: ‘Ik wol neat mear mei dyn hear to meitsjen hawwe en al hwat er hat: lân en fé en slaven, skink ik dy’.
De feint Siba wie tige bliid; dit wie helte mear as er hope hie. Hy liet him foar David oer de groun falle en bitanke him tige; doe riisde er oerein en gyng syn wegen. Hwat er de kening forteld hie oer Méfiboseth, wie neat fan oan. Hoe soe it folk fan Israël ek ta har kening kieze in man dy't kreupel wie en him net rêdde koe? As David goed neitocht hie, dan hie er fan tinken wol ha kinnen, dat Siba de wierheit net sei, mar hjoed hie de kening oars to folle oan 'e holle. En Siba, de ûntrouwe tsjinstfeint, gyng mei haesten werom, om syn heare have yn bisit to nimmen.
Doe't David syn mannen troch it doarp Bahurim tein wiene, kamen se in holle wei lâns, mei hege, steile heuvels oan beide kanten. Boppe har, oer de heuvelrêch, roun in man allinne en seach op har del. Yn it earstoan sloegen se him gjin acht, mar ynienen, doe't er flak njonken de kening wie, bigoun er lûd to roppen en mei de earmen to slaen, net oars as smiet er mei stiennen. ‘Gean wei, gean wei, dû bloedforjitter, dû dogeneat! De Heare hat al it bloed fan Sauls hûs, datstû forgetten hast, op dyn holle delkomme litten; en de Heare hat it keninkryk jown yn 'e hân fan dyn soan en nou moatstû flechtsje...’ De mannen fan David bisauden har. Nou't hja goed seagen, koene se him wol; it wie Simeï, de soan fan Gera, út it hûs fan Saul en hy wie noch altyd forgrime oer de dea fan syn sibben dy't ophongen wiene troch de Gibeoniten. It wie David syn skuld net, doe, mar Simeï seach him der op oan. Al lûder bigoun er to roppen, al forheftiger slingere er syn forflokkingen.
Abisaï, de broer fan Joab, kaem op David ta. Hy hie it bleate swurd yn 'e fûst en wiisde omheech. ‘Sil dy deade houn myn hear de kening noch langer flokke? Lit my hinnegean en him de kop ôfslaen!’
Mar David woe it net lije. It wie wier, dat dy Benjaminyt de dea fortsjinne hie, mar hjoed koe er der net ta komme om him to deadzjen. Hjoed moast er oan ien wei oan syn eigen sûnden tinke en hoe soe er dan in oar straffe? ‘Né’, sei er strang, ‘jim hoege hjoed net foar my to striden. As myn bloed-eigen soan tsjin my opstiet en myn siele siket, soe dy Benjaminyt my dan net haetsje? Lit him flokke: miskien dat God barmhertich is en forjild my it goede foar syn flok fan hjoed-de-dei.’
Abisaï praette net mear tsjin. As David dan net wizer wie, dan moast er it sels mar witte! Mar it soe him noch in kear komme to spiten, dat leaude er fêst. En noch in hiel ein, wylst dêrûnder de kolonne fierder triek, roun Simeï mei har op en smiet mei stiennen en jage moude op en flokte kening David. De soldaten fan David skammen har, mar swijden, om't de kening it sa ha woe. Doe't Simeï lang-om-let syn nocht krige en syn wegen gyng, fielden se har forromme.
Nei in mars fan ûren en ûren, kamen se yn 'e Jordaendelling en setten de tinten op foar de nacht.