rike, de lytse man krekt sa goed as de greate boer.
Op in kear, doe't it wer rjochtdei wie, stie prins Absalom al ier-en-bitiid oan 'e kant fan 'e wei, tichte by ien fan 'e poarten fan Jeruzalem. It duorre net lang of der kaem in reizger oan, in boere-man oan 'e klean to sjen en net bikend yn 'e haedstêd. Absalom groete him tige freoniik en frege him hwêr't er wei kaem en hwat it doel fan 'e reis wie. De man wie bliid dat er him ris útprate koe en fortelde it hiele forhael: sa en sa hie er it hawn mei syn buorman, mar hy liet it der net by sitte en nou moast de kening dan mar útspraek dwaen. Absalom hie mei alle oandacht harke en doe't de man útpraet wie sette er in earnstich gesicht. ‘Jo hawwe it sa dúdlik foarbrocht’, sei er, ‘...dat ik wit der alles fan. Ik haw ek wol hwat forstân fan rjochtsaken en ik doar jo wol sizze dat dy buorman ûngelyk hat. Mar ja, it is de fraech noch oft de kening jo dêrom gelyk jaen sil! De kening mient it goed fansels en hy is in wiis man, mar hy wit ek alles net en dan moat er op syn tsjinners ôfgean en ja, dêr binne goede ûnder mar ek forkearde. Jo moatte der fansels al hinne gean en alles sa goed mûglik útlizze, mar ik bin bang dat it net folle jaen sil. As ik kening wie... Mar sa fier is it gelokkich noch net. Ús heit wurdt al âlder, mar hy is noch soun en geef...’ De man bistoar it hast fan 'e skrik en de skonken trillen him. ‘Ús heit, sizze jo, mar jo binne dochs net ien fan 'e prinsen?’ stammere er. Absalom lake breed en syn wite tosken blonken. ‘Ik bin Absalom, de âldste prins’, sei er, ‘mar hwat soe dat?’ De reisbere man die hastich in mannich stappen to-bek. Doe stiek er de hannen smeekjend foarút en woe him falle litte yn it stof. Forjow it my, woe er sizze, dat ik jo de earbiwizen net brocht haw en dat ik, earme lûsangel, mei in prins praet haw as wie it de earste
de bêste féboer! Mar ear't er him falle litte koe en ear't er in wurd sein hie, stie Absalom by him en naem him by de hân. ‘Myn freon, bûch net foar my; in prins is ek mar in gewoan minske en jo binne âlder as ik.’ En ear't de forhearde boer goed wist hwat him oerkaem, hie Absalom de earmen al om him hinne en patte him op it wang...
Doe't dy frjemdling deselde jouns wer op reis gyng, tilde it hert him noch fan dy frjemde moeting. In prins hie mei him praet en him syn freon neamd en noch gloeide it wang him suver fan dy prinslike pea. Dat der sokke prinsen wiene, sa freonlik, sa needrich, sa goed foar de mindere man! Hy hie it noait tocht, mar as er wer thús wie en de buorlju kamen yn 'e joun om syn reisforhael to hearren, dan soe er fortelle fan prins Absalom, de âldste fan Davids soannen en letter har kening en hear. It wie hwat wurdich foar in lân sok in kening to hawwen! Hy koe net witte, goê-man, dat Absalom dyselde deis noch wol mei tsien oaren praet en noch wol tsien oare mânlju patte hie en dat it oars net wie as in snoade set om by it folk yn 'e gunst to kommen.
Hy hâldde it in pear jier oanien fol, op elke rjochtdei, en yn gâns doarpen, yn Juda mar ek yn Israël, brochten de reizgers it nijs fan de goede prins, dy't har pleit oanhearde en har yn alles gelyk jown hie en dy't skielk, as David de holle dellei, har kening wêze soe. En sa krige Absalom oeral yn it lân syn freonen en it koste him oars neat as in freonlik gesicht, in mannich goede wurden, in pea op in switrich wang. Ien kear, as syn tiid kommen wie, dan soene al dy minsken dy't mei him praet hiene, syn meistanners wêze en him oannimme as har foarst.
Mar it koe fansels mei dizze goedkeape helpers net ta: hy moast mannen hawwe dy't fan syn plannen wisten en dy't ré wiene om har libben foar him yn to setten. En dat koe nou ienris net mei in keningswein en fyftich hurdrinders of mei in smout petear oan 'e kant fan 'e wei. Yn it djipste geheim stjûrde er boaden út nei de stêdden fan Juda en dy praetten mei alle man dy't hwat op David tsjin hie en it net iens wie mei syn bistjûr. En sokken wiene der mear as men tinke soe. Hwant it folk hâldde wol fan kening David, dy't Israël frij fochten hie fan 'e fijannen en dy't it Ryk great en sterk makke hie, mar fan 'e âldsten wiene der forskate, dy't founen dat David to folle om it ryk en om Jeruzalem en to min om Juda tocht. It wie sa moai bigoun destiids: de Judeër David wie kening yn Hebron, in echte Judeeske stêd, mar letter hie er Hebron forlitten en alles op Jeruzalem set. Dan hie Saul it destiids better dien, dy kaem altyd foar syn eigen stam,