deade. Sa hie ommers de soan fan Gideon yn 'e âlde tiid syn sawntich bruorren slachte, doe't er him kening meitsje liet to Sichem? Hja wiene al gâns in ein fan Baäl-Hazor ôf, ear't hja stadiger ride doarsten.
Mar hurder noch as de benaude prinsen, reizge it nijs nei de keningsstêd. Hja wiene noch net oan 'e poarte ta, doe draefde der al in boade troch de strjitten nei it keningshûs. Hy hime fan it rinnen en it swit plakte troch syn klean, mar hy wie de earste en dêr gyng it om. Hy die it him net oan tiid om tagong to freegjen, lyk as it oars hearde, mar sprong de treppen op en de wachtkommandant liet him gean. En noch mar amper seach er de kening mei syn riedshearen, of hy rôp har tomjitte ‘Absalom hat alle soannen fan 'e kening deade en der is net ien ûntkommen!’
Kening David waerd sa wyt as in deade; hy stie to triljen op syn skonken. O Heare, tocht er, nou is it sa fier; dit is de dei dêr't Nathan fan sprutsen hat: ‘...it swurd sil fan dyn hûs net wike.’ En àl syn soannen! It bloed fan Uria de Hethyt waerd thússocht oan syn moardner. En nou wie Absalom in moardner; nou moast er sels Absalom straffe... Krige it swurd dan noait lins yn it hûs fan David? Hy taestte nei de kiel; it wie as soe er stikke, as koe er gjin siken mear krije. Doe skuorde er de mantel iepen en sloech tsjin 'e groun. Om him hinne, bang en forslein, stiene de hovelingen.
En dêrmei kaem Jonadab der oan, in soan fan Davids suster en in tige wiis man. ‘Myn hear de kening moat net miene dat alle prinsen dea binne’, sei er, ‘ik tink, dat allinne Amnon fallen is, omdat dy doe dy deis Tamar to nei west hat. Sûnt dy tiid hat Absalom him hate en der mei omroun. Elk dy't syn eagen net ticht hie, koe it sjen.’ David seach op. Soe it dan dochs sa slim net wêze as dy boade sein hie? En tagelyk kaem der ien fan 'e wacht oandraven en rôp: ‘O kening, de poartewachter docht de boade dat der ruters oankomme, de berch op fan Bahurim ôf.’ Jonadab lake breed. ‘Hwat haw ik sein?’ sei er.
Doe't hja bûten wiene, de kening en syn feinten, kamen se krekt de hoeke om. David sprong op har ta en patte se ien foar ien. Hy lake troch syn triennen hinne.
Mar doe't de earste blidens fan it wersjen oer wie, kaem dochs it fortriet wer boppe. It wie moai dat al de oaren noch libben, mar Amnon, de âldste, wie der net mear en Absalom wie likegoed in moardner. Absalom, fan al syn bern de moaiste, en dêr't er it measte fan hâldde! Mar ek dit wie syn eigen skuld: as hy sels Amnon straft hie, dan wie dit net bardl Om de skande fan Tamar to wreken, hie Absalom dit dien. Mar hoe mear't er der oer nei tocht, hoe mear't er bigriep, dat Absalom it fêst net allinne om syn suster dien hie. Amnon wie de âldste soan, en Kileab, de twadde, wie allang wei; nou, nei dizze moart, wie Absalom de âldste. Wis, hy hie reden genôch om forgrime to wêzen op syn broer, mar hy hie him fan kant makke om sels de âldste, de kroanprins, to wurden. It wie wol freeslik, en dat jins eigen soan jin soks oandie! Hy mocht net wer yn 'e selde fout forfalle en Absalom net sparje. It foel him tige swier, mar hy rôp ien fan syn offisieren en droech him op om Absalom op to heljen. Letter op 'e dei kamen se wer to Jeruzalem mei it boadskip dat Absalom net mear thús wie. ‘It is net oars’, sei er rêstich, ‘wy hawwe ús plicht dien’. Mar yn syn hert wie er tige bliid.
Wiken letter waerden se gewaer, dat Absalom yn Gesur wie, yn it lân fan syn memme folk.
Stadich gyngen de dagen foarby yn 'e stêd Jeruzalem; it waerden wiken, moannen, jierren en David krige langst nei syn forballe soan. It fûle leed om Amnon wie bikommen en nei sa folle tiid like de died fan Absalom hast sa slim net mear. Soms hie er oanstriid om him thús to heljen en him alles to forjaen, mar hy seach wol yn, dat dat dochs net koe. As er út himsels wer thús kaem en birou hie en foar him yn it stof foel... faeks dat er him dan forjaen koe, mar it joech gjin foech, dat er der sels op út gie. Hy koe allinne mar wachtsje, al mar wachtsje. En soe er wol oait wer thúskomme? En al greater waerd syn ûnwennigens, al sterker syn langst! Bytiden wie er der stil fan en hie er gjin moed ta it wurk.
Sels de rûge Joab bigoun der erch yn to krijen en hy woe mar dat David syn soan wer thúshelje liet. Dat er in moart dien hie, foun Joab sa slim net: Tamar wie syn bloed-eigen suster en in man as Amnon