De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 289]
| |
de frou dy't er nommen hie, of miskien oer Uria? Mar dat soe wol net, it wie sa lang al lyn en sa'n profeet koe bêst in hiel oar boadskip ha. En sa kaem it ek út. Hwant de profeet bigoun net oer David sels to praten, mar hy frege oft er de kening in foarfal fortelle mocht dat yn ien fan syn stêdden bard wie. En doe't David knikte, bliid dat it dus net oer syn skuld gyng, die er yn sobere, koarte wurden syn forhael. ‘Der wennen twa mannen tichteby inoar yn 'e stêd dy't ik bidoel, in riken-ien en in earmen-ien. De rike hie skiep en kij by de mannichte; de earme lykwols hie oars net as ien lyts eilaem, dat er kocht hie en dat opgroeide yn syn hûs, by syn bern; it iet fan syn brea en it dronk út syn panne en it sliepte yn syn earmen en it wie him suver as in eigen dochter. It barde nou op in dei dat dy rike man in frjemdling by him krige, dy't er in gastmiel jaen moast, mar it bigreate him om fan syn eigen skiep in bist to nimmen en it de gast foar to setten. Dat hy gyng hinne en naem it iene eilaem fan syn earme buorman en slachte it en makke it de man ré dy't ta him kommen wie. Siz my nou, o kening, hoe't it moat mei de man dy't dit stik dien hat?’ David hoegde him net lang to bitinken: de man dy't dat dien hie, wie de dea skuldich. Noait hie er tocht dat soks yn Israël barre koe en mei de hurde hân soe er dy skande út syn ryk wei-dwaen. ‘Siz my’, sei er, ‘hoe't dy man hyt en hwêr't er wennet en sa wier de Heare libbet, hy sil de dea stjerre en dat laem dat er stellen hat, sil er fjouwerdûbeld werom jaen, dêrom dat er dit stik dien en gjin erbarming hawn hat.’ En tagelyk kaem de profeet op him ta en stiek de hân nei him út en lûd en strang sei er: ‘Jo binne dy man. Hwant jo hawwe de frou fan jins neiste nommen, dat net mocht en, lyk as wie dat noch net slimmernôch, hawwe jo har man de dea dien. Dat sa seit de Heare, de God fan Israël: ‘Ik haw dy ta kening salve oer dit hûs fan Israël en Ik haw dy alles jown dat fan Saul west hat: syn lân en syn fé en al syn froulju, ja hiele Juda en Israël haw Ik dy taskikt en as dat noch to min wie, hie it mar sein en Ik soe der noch mear by dien hawwe. Mar hwerom hastû de Wet fan de Heare dyn God forachte en dien hwat kwea wie yn syn hillige eagen? Dû hast Uria de Hethyt mei it swurd forslein, en syn frou hastû dysels ta frou nommen en him hastû deade mei it swurd fan Ammons bern. Nou dan, it swurd sil fan dyn hûs net wike yn der ivichheit en fan dyn eigen soannen sil Ik ien ta dyn fijân meitsje en Ik sil kwea oer dy komme Iitte út dyn eigen hûsl’ Nathan wachte, hwat David sizze soe. Hy stie dêr, swijend, strang, in man yn in rûge profetemantel en op bleate fuotten, mar yn dizze wieldrige keamer like er greater, sterker as de hearsker sels. Hy wie ek net bang, nei alles dat er sein hie; profeten binne net bang, mar hy wist ek dat David him neat dwaen soe. Hoe djip as er ek fallen wie, dizze ‘man nei Gods hert’, hy bleau ek nou noch in bern fan God en ier of let soe de Heare him wer yn genede oannimme. Doe seach er dat David de holle bûgde en hy hearde him stammerjen: ‘Ik haw sûndige tsjin de Heare en it muoit my mear as ik sizze kin.’ Dy wurden, Nathan twivele der net oan, kamen djip út Davids hert en in greate blydskip wâlle yn him op; syn reis hie net om 'e nocht west, in sûnder hie birou oer syn kwea, dit hurde hert wie brutsen. Mar ek nou moast er him de straf oankundigje dy't op 'e súnde stie en earnstich sei er: ‘Dan sil de Heare jo alles forjaen en hoewol't jo de dea fortsjinne hawwe, sille jo net stjerre. Lykwols, omdat jo troch dit stik de fijannen des Heare reden ta swiere laster jown hawwe, sil it bern fan jo en dy frou wis stjerre.’ En sûnder in wurd mear kearde Nathan him om en gyng er nei bûten. Allinne bleau kening David achter. Nou seach er ynienen hoe great syn skuld wie, hoe't Gods namme lastere wie om him, hoe 't om syn sûnde alle duvels bliid west hiene. Alles hie er jaen wollen as dit net bard wie, alles woe er dwaen om it goed to meitsjen. Mar der wie neat dat er wer goed meitsje koe: Uria wie dea en gjin triennen noch offers koene him oait wer it libben jaen. En syn lytse soan... God wie rjochtfeardich en Hy naem him it bern fan Bathséba wer ôf, mar hy koe it net misse, syn leave lytse soan. En dat dat lytse laem nou stjerre moast om syn kwea! Sels krige er it better, de jonge prins, by God yn 'e himel, mar dat er him nou skielk nei it grêf bringe moast... Hy bigoun to bidden. Al syn skuld en sûn- | |
[pagina 290]
| |
de sei er út foar des Heare antlit, neat hâldde er binefter en mei ynmoed smeke er om it libben fan syn lytse soan. Mar God forhearde syn gebet net en dyselde deis noch waerd it jonkje slim siik. Dy hiele nacht oer gyng David net op bêd, oanienwei lei er plat oer de groun en rôp er ta God. De oare moarns woe er net ite; gjin drip drinken kaem oer syn lippen, gjin krommel brea naem er ta him. Sawn dagen wraksele de kening mei God om syn stjerrend bern; sawn dagen seach er dat it al minder waerd; doe, op 'e sawnde deis stoar it. David wist it net, hwant hy lei wer oer de flier fan syn keamer to bidden; mar hy fornaem dat de tsjinners noch eamstiger seagen as earst en to-mûk mei elkoar praetten. Gjin ien fan harren doarst it tsjin him to sizzen: de kening koe ris lilk wurde en de man dy't it him it earst fortelde deadzje. Sa wie it doe ommers to Siklach ek gien mei dy boade dy't birjocht brocht dat Saul en syn soannen fallen wiene en mei de beide moardners dy't mei de holle fan Isboseth kamen. Né, it wie net to weagjen en fortel it de kening; dit lytse bern soe er him fêst neijer nimme as destiids de dea fan Saul-en-dy. As hja har hear better kinnen hiene, dy leffe tsjinners, as hja hwàt bigryp hawn hiene fan syn djip birou, dan hiene se sa bang net hoegd to wêzen. Sawn dagen lang hie er himsels forwiten dat syn lytse jonge Iije moast om syn sûnde, sawn dagen hie er fêste en bidden en foar God yn it stof krûpt - hoe soe er dan nou de dea fan syn soan op har wreke? Hja waerden suver kjel, doe't David frege ‘Siz it my, is de jonge wei?’ En triljend seine se: ‘Ja hear, hy is wei’. Hja tochten op syn minst, dat de kening lûd jammerje soe en syn klean to-skuorre, dat er himsels it hier út 'e holle skuorre soe en wyld mei de duorren slaen, mar it kaem hiel oars út. David riisde oerein en wosk en salve himsels - dy hiele wike hie er ta soks gjin moed hawn - en teach oare klean oan en gyng op nei it hûs des Heare. En by alle leed om syn forstoarne soan, wie der ek de blydskip dat er nou wer bidde koe, dat God him yn genede oannimme woe, dat al syn sûnde forjown wie. Doe't er wer thûs wie frege er om brea en iet er wer... It wie net dat David der neat om joech dat syn jonkje stoarn wie: dat hiene se dizze wike wol oars sjoen, mar syn tsjinners koene dit dochs net goedkrije. Dy't om it sike bern sa skriemde en die, hoe koe dy breaite nou't it berntsje wei wie? David bisocht om it har út to lizzen, doe't hja it him fregen. ‘Doe't it bern noch libbe’, sei er, ‘doe wie der noch hope en haw ik bidden oft God him sparje woe, mar nou't it wei is, hwat sin soe it nou hawwe to fêstjen en to skriemen? De lytse jonge sil noait wer by my komme, mar ien kear sil ik ta him gean.’ Dyselde deis bigroeven se de soan fan Bathséba. In jier letter krigen David en Bathséba wer in soan en hja neamden him Salomo. Mar de profeet Nathan kaem op 'e nij yn it keningshûs, nou net om straf oan to kundigjen, mar om to sizzen, dat de Heare dit bern yn it bysûnder leaf hie. ‘Jedidjah’, neamde er him, dat bitsjut: ‘De Heare hat him leaf.’ David wie tige bliid doe't er dat hearde: it wie him in teken dat it nou wer goed wie tusken God en him en dat de Heare ek net mear lilk wie op Bathséba. En doe't hja har bûgden oer it sliepend bern, tochten se beide werom oan dy oare lytse soan, dy't nou al wer sa lang wei wie. Bathséba's soan wie dea - de soan fan Bathséba mocht libje yn Gods rike gunst. Mar noch altyd wie der dat Godswurd fan 'e profeet Nathan: ‘It swurd sil fan dyn hûs net wike’ en David wist, dat der noait in wurd des Heare op 'e ierde falt, dat net neikomt. Ienkear soe it komme, al wist hy net hwannear. |
|