hâldt fan hwat er hat, dy kin der mar fêst op rekkenje dat er it wer kwyt rekket. Sa tocht Joab der oer en dêrom wie er op dy telling tsjin. Hwat joegen lange listen mei nammen en sifers as God in pleach stjûrde en de mannen wei-naem? ‘De Heare God’, sei er, ‘mei jo noch hûndert kear sa folle folk jaen en mynhear de kening mei der syn niget oan sjen, mar it plan is nèt go'ed.’ Mar David woe net nei Joabs rie harkje en stjûrde him der dochs op út. Wegerje koe Joab net, hy wie op it lêst in tsjinner en moast dwaen hwat him oplein wie. Mei syn mannen teach er op reis en yn alle stêdden en doarpen rôpen se de mânlju byinoar en skreauwen se it tal op en sa swalken se hiel it lân troch, fan it uterste noarden oan it fiere suden ta. Nei njoggen moanne en tweintich dagen wiene se wer yn Jeruzalem en Ieine se David de listen foar: achthûndert tûzen man yn Israël en fiifhûndert tûzen yn Juda. Op eigen ban en boet hie Joab Benjamin mar net teld, dat wie de âlde stam fan Saul en dy fortroude er net yn it leger; as David dêr lilk om wie, dan koe hy der ek neat oan dwaen, mar dy stam telde er net. It wie sa al slimmernôch en de straf soe wis net ûtbliuwe. Mar kening David wie net lilk! Yn dy moannen dat Joab fuort wie en binammen de lêste wiken, hie er gâns oer
al dy dingen neitocht en nou seach er wol yn dat er in great kwea dien hie. Net allinne hwat Joab sein hie, dat hjir in slach op komme moast, teach er him oan, mar syn sûnde wie dat er greatsk west hie en dat er noch mear oarlogje woe en noch mear lannen ûnder syn skepter twinge. Nou seach er wol yn dat God him net op 'e troan set hie om in great, ierdsk ryk to bouwen en om oare folken ungelokkich to meitsjen en om streamen bloed to forjitten - né, Israël moast in foarbyld foar de folken wêze en it moast Gods wet biwarje en Him hulde dwaen. Hy mocht de fijannen slaen dy't de hân útstieken nei Gods folk, mar hy mocht net sels in rôver wurde, dy't oare folken sûnder reden oanfoel. Ienkear hie er tsjin Michal sein: ‘...ik sil my noch mear fornederje’ en ynpleats wie er nou greatsk wurden en woe er noch greater lân hawwe en noch mear eare en boppe alles: macht. ‘Heare’, bea er dy jouns ear't er him deljoech, ‘och Heare, forjow de skuld fan jins tsjinstfeint nou dochs, hwant ik haw my swier bisûndige’. Doe joech er him del en hy hope mar, dat de Heare de nachts by him komme mocht om to sizzen, dat syn kwea forjown wie.
Ynpleats kaem de oare moarns de profeet Gad mei in boadskip fan Godsels. Earnstich stie syn gesicht, doe't er sei: ‘Trije straffen stelt God jo út; kies dêr ien fan, en dat sil Er jo dwaen. Hwat wolle jo? Sil der sawn jier hongersneed komme oer dit lân, of sille de fijannen trije moanne oer jimme hearskje, of sil it trije dagen pest yn Israël wêze?’
Biskamme bûgde David de holle. Hoe soe er nou sels kieze kinne út dizze trije rampen? Pest, dan stoaren de minsken sa mar wei en de iene stiek de oare oan. En honger, dat moasten altyd de earmsten bilije. Mar yn 'e macht fan 'e fijannen dat wie noch it slimste. Honger en pest, dat die de Heare jin oan, mar de fijân dy wist fan gjin ophâlden. En hy tocht oan 'e tiid doe't er to Siklach wenne en de doarpen fan 'e Amalekiten útmoarde oant de lêste man en de lêste frou. En sa soene de heidenen dan woedzje yn it eigen lân. ‘Ik bin bang,’ sei er, ‘en doar net kieze. Honger of pest, de Heare moat it sels mar witte, mar lit ús net yn 'e macht fan 'e minsken falle.’ Syn hert bounze, doe't er de profeet fuort gean seach. Syn earm folk!
Net lang dêrnei briek de pest út yn it lân fan Israël. Út alle stammen, út stêdden en doarpen, út it berchlân fan Juda en út 'e fiere flakten, kamen de boaden to Jeruzalem en forhellen fan soune, sterke keardels, dy't delfoelen op it fjild, fan froulju dy't ûnder it wurk siik waerden, fan bern dy't stoaren op memme skurte, fan liken dy't op 'e strjitten leine, om't gjin ien de moed hie om se to bigraven. En elke kear as in nije ûnheilsboade kaem, kromp David yninoar fan fûl fortriet. It wie om syn skuld, dat al dy minsken stjerre moasten, om syn greatskens, om syn langst nei macht en gloarje.
Yn 'e stêd Jeruzalem wie de pleach noch net útbrutsen, mar de trije dagen wiene noch net om en it koe elke ûre bigjinne! De kening gyng op it dak fan syn hûs en seach út oer de wite huzen. Noch lei de keningsstêd dêr frédich ûnder de strieljende sinne, noch boarten de bern yn 'e smelle stegen, mar hwa wit soene se joun al net