oan 'e dei jo forriedt as it him sa útkomt?’ Fuort út it paleis wei gyng Joab nei de poarte en stjûrde in boade achter Abner oan om him werom to heljen. Doe't Abner der oan kaem gyng er him glimkjend yn 'e mjitte en groete him freonlik. ‘Ik haw heard dat jo ús helpe sille’, sei er. ‘Dat is moai, mar der binne in pear dingen dêr't ik jo nei freegje moat. Lit ús yn 'e poartegong gean, dêr is it rêstich en kin gjin ien ús hearre’.
Abner gyng sûnder euvelmoed mei. It foel him in hiel stik ta, dat Joab net lilk op him wie. Mar sadré't hja yn 'e tsjustere gong wiene, loek Joab syn mes en stiek Abner dea. Hy rekke him krekt op it plak dêr't Abner syn broer Asahel stutsen hie...
Doe't David it hearde wie er alhiel oerstjûr. Nou wie mei ien slach alles bidoarn, dat er mei sa folle soarch foarinoar brocht hie! Nou soene de oare stammen him fêst net ta kening útroppe. En dan, it wie sa'n gemiene moart. It wie wier, dat Abner Asahel slein hie, mar dat wie yn 'e oarloch! Dit wie in dea-slach yn folle fredes-tiid! Dit wie fredes-bloed foar oarlochsbloed en as er net oppaste, dan soe dizze bloedskuld op syn holle delkomme. It hiele folk moast it witte, dat Joab de skuldige wie en dat David der neat fan wist. Hy rôp syn tsjinners by him en spriek in swiere flok oer Joab út: ‘It bloed fan Abner, de soan fan Ner, mei delkomme op Joabs holle en op syn heite sibbe; en it hûs fan Joab mei noait frij wêze fan ien dy't siik is, of dy't melaetsk is, en dy't op krukken springt en dy't falt troch it swurd en dy't krapte hat fan brea’.
Dyselde deis noch waerd Abner bigroeven en de kening sels roun mei achter de bier. Sels Joab, de moardner, moast mei op 'e bigraffenis en roukleije foar de deade út. Mar hy hie gjin birou. De dea fan Asahel wie soend mei bloed en foar it keninkryk wie it ek better, dat Abner dea wie; al it oare koe him neat skele.
Dy deis makke de kening in rou-liet foar Abner en oan de jouns ta iet en dronk er net. Doe murk it folk dat David gjin skuld hie oan 'e dea fan Abner. Mar Joab, de moardner, krige de dea-straf net, dy't er fortsjinne hie: David koe him net misse, krekt foar de greate striid mei de Filistinen, dy't nou gau komme moast. Jierren en jierren letter, doe't Joab al âld wie en griis, doe is de skuld fan dizze dei dochs noch op syn holle delkommen.
Doe't it birjocht fan Abners dea to Mahanaïm kaem, wist Isboseth him gjin rie mear. Abner hie him destiids kening makke en nou't dy der net mear wie, hie er gjin ien mear dêr't er op oan koe en dy't foar him stride koe. Hy fielde dat it dien wie mei syn keningsmacht; de iene dei of de oare soe it folk him forlitte en nei David oerrinne en dan soe er him oerjaen moatte of it lân útgean. Hy wist sels net hwat it bêste wie. Mar ear't it sa fier kaem, foel ek Isboseth, de soan fan Saul, troch moardnershannen...
It wie op in middei, doe't de sinne op it heechst wie, dat kening Isboseth lei to sliepen. Yn it keningshûs wie it stil; elk dy't it barre mocht, die syn middeissliep of makke it him maklik yn it skaed fan 'e hege muorren. Doe kamen der twa mânlju oan en gyngen stil it hûs fan 'e kening yn; hja rounen kalm, as hiene se neat yn it sin, de gongen troch en kamen yn it binnenhûs, dêr't oars allinne de hovelingen komme mochten. In inkelde tsjinner dy't har mette, groete har; hwant it wiene twa binde-lieders, Baëna en Rechab en elk koe sjen, dat hja weet helje soene foar har soldaten: hja hiene in sek by har.
Mar Baëna en Rechab hiene gâns oare gedachten as it iten foar har mannen: hja gyngen de sliepkeamer yn en stieken de sliepende kening dea en houden him de holle ôf. Doe treauwen se de holle yn 'e sek en rounen rêstich nei bûten, de broeiske strjitten troch, de poarte út, it fjild yn. Doe't hja feilich bûten de stêd wiene, setten se de pas der yn. Der wie haest by: as de slieperstiid oer wie, soene se yn Mahanaïm de deade kening fine en dan stjûrden se har fêst soldaten nei.
Dy hiele middei rounen se en der wie gjinien dy't har saende of maende; sels dy nachts reizgen se troch en de oare deis kamen se mei de keningsholle by de poarte fan Hebron. Hja fregen hwer't David wie en oft se him daliks sprekke mochten: hja brochten nijs út Mahanaïm. Doe't hja foar him stiene, bûgden se djip en seine: ‘Myn hear David, wy bringe jo goed nijs: Isboseth, de soan fan Saul, jins fijân, dy't jins siele socht, is dea; hjoed hat de Heare