'e slach en soe der net folle bloed floeije. It liek Joab ek goed ta en al gau stiene der fjouwer en tweintich sterke jongkeardels foarinoar oer, it skerpe mes yn 'e fûst. Nou 8oe it der dan op oan komme hwa't it winne soene, de mannen fan Isboseth, of de mannen fan David. Mar doe't hja op inoar tasprongen, tocht gjin ien der oer om syn tsjinstanner ôf to wearen, elk woe de earste wêze en allegearre tagelyk staetten se elkoar it mes yn 'e side. Sa stoaren de fjouwer en tweintich kampfjochters en bleau de kampslach ûnbislist. Mar doe't de beide legers har maten fallen seagen, fleach it har ek oan en noch foar't Joab en Abner de oanfal kommandearren, stoarmen se opinoar yn. It waerd in fûle mar koarte striid en it die al gau bliken dat Joabs mannen it sterkst wiene. De feinten fan Abner flechten en doe't har oanfierder seach, dat de slach forlern wie, draefde er it fjild yn. Abner wie net bang, mar it hie gjin sin dat hy allinne stean bleau, nou't syn leger op 'e flecht wie; bûtendat moast er nedich wer nei Mahanaïm, hwant sûnder him koe Isboseth neat bigjinne.
Hy flechte allinne, de kant út nei de Jordaen, de lange spear mei de wrede punt yn 'e sterke fûst. Hy roun net al to hurd, hwant hy moast noch gâns in ein en Joab en syn mannen wiene noch sa fier net. Mar doe't er in moai ein fan Gibeon ôf wie, hearde er flugge fuotstappen achter him. Hy seach om; it wie Asahel, de jongste broer fan Joab en Abisaï. Och heden, gyng it him troch de holle, dy jonge... Hy woe net graech dat er Asahel deadzje moast, hwant Joab hie nou al in hekel oan him en dat soe der wis net better op wurde as er syn broer forsloech. En it soe dochs op in fjochtsjen gean moatte, hwant dy jongkeardel kaem mei it bleate swurd op him ta en it wie in forneamd hurdrinder. Hy soe him yn elk gefal earst warskôgje, al soe it wol net folle jaen. Sok jongfolk wie meastal eigenwiis.
Under it rinnen wei frege er: ‘Bistû dat, Asahel?’
‘Ik bin it’, sei de jongeman.
‘Nou dan, as it dy to dwaen is om de eare, of om myn útris, bigjin dan tsjin in oarenien en gryp dy oan en nim him de wapens ôf, mar lit my yn myn wêzen’.
Asahel lake. Dat mocht er wolle, Abner, dat er der sa maklik ôfkaem. ‘Ik moat jo hawwe’, sei er koppich. Hwat in eare soe it wêze as hy, jongkeardel, de greate Abner dellei. It wie dochs mar goed dat er him sa op it hurdrinnen útlein hie.
Noch ien kear bisocht Abner it yn goedens. ‘Jonge, wês nou wizer, hwant winne kinst it dochs net en as ik dy dea stek, hoe moat ik dan letter dyn broer Joab wer ûnder de eagen komme?’ Asahel sei neat werom. Dy Abner miende dat er him sa mar hawwe koe, mar dat soe er gewaer wurde. Heech tilde er it blinkend swurd en sette noch hurder ta. Abner draefde troch, mar Asahel helle him hurd yn. Noch in pear tellen, dan hie er him. Hwat in eare...
Hy fornaem net dat Abner skean oer it skouder seach en de spear stiif ûnder de earm naem; hy tocht der ek net om dat sok in spear ek oan it forkearde ein in punt hie; hy hie mar ien gedachte: de greate Abner soe falle troch syn hân. Hy roun noch hurder. Doe, ûnforwachts, bleau Abner stean. Asahel koe sa gau net ynhâlde en roun rjocht yn 'e spear; it wapen boarre troch syn lichem hinne. Hy stoar op datselde plak.
Abner roun troch. It muoide him, mar hy koe der ek neat oan dwaen. It wie oarloch en bûtendat hie er him noch warskôge. Mar Joab soe razend wêze. Spitich! Hwant hja wiene op it lêst fan itselde folk en dizze oarloch soe dochs wol ien kear ophâlde. Miskien dat hy letter ek noch wol ûnder David stean moast. Mei Isboseth soe it dochs wol noait hwat wurde kinne. Mar Joab soe noait wer goed op him wurde, dêr koe er him wol foar!
In skoft nei-tiid kamen Joab en syn mannen der ek lâns. De measten bleauwen by it lyk fan Asahel stean en klagen oer syn iere dea, mar de beide bruorren, Joab en Abisaï, jagen fierder. Skrieme, dat diene se letter wol, as de slach oer wie, mar nou wie it gjin tiid foar triennen, nou wie it de tiid om bloed to forjitten, bloed út wraek foar har deade broer. Mar hoe't hja ek tasetten, hja krigen Abner net. Earst doe't de sinne al ûnder wie seagen se him op in hege heuvel, dêr't er syn forsille soldaten byinoar rôp. It wie al to tsjuster om de heuvel to bistoarmjen; lang ear't hja boppe wéze koene, soe Abner al flechte wêze. Doe hearden se him roppen. ‘Sil it swurd dan ivich woedzje, jimme mannen fan David? Moat der noch mear bloed floeije fan