en woe er der nou sels hinne? ‘Der is in frou’, seine se, ‘mar dy wennet alhiel to Endor, dat is ûren rinnen en de wei giet by it kamp fan 'e fijân lâns’.
‘Meitsje jim daliks klear,’ sei er, ‘en wiis my it paed’. Hwat hindere it dat er yn it earst sok folk forfolge en deade hie? As dat frommis him nou mar holp. Samuël soe er opkomme litte; dy hie altyd fan him hâlden en dy wie noch net sa lang wei. De deaden, oan de oare kant fan it grêf, dy wisten de takomst wol.
En sa gyngen se op mars troch de tsjustere joun, de trije mannen, de kening yn it midden, mar hy hie oare klean oantein, dat gjinien sjen koe hwa't er wie. Yn in wide bocht rounen se om it kamp fan 'e Filistinen hinne, mar gjinien wie har lestich en sûnder tsjinslaggen kamen se, dêr't hja wêze moasten. De frou hie har hûs yn in rotsmuorre en doe't hja oankloppen, ienris en twaris, kaem se sels foar. Mei in fakkel biljochte se de lette gasten. Trije man, soldaten, en de iene in holle greater as gewoan. Hja moast oppasse!
Saul die sels it wurd. ‘Lit my dochs de takomst witte troch in deade op to roppen, dy't ik jo neame sil’. Hja seach him skerp oan. ‘Jo witte dochs wol dat Saul alle deade-bilêzers útroege hat út it lân? As ik jimme holp dan soene jim it forklappe en de kening soe my deadzje’. Saul stiek de hân omheech. ‘Sa wier as de Heare libbet, der sil jo gjin straf oerkomme om dizze saek’.
‘Kom’, wonk se en gyng har foar troch de holle, tsjustere gong. Nou leaude se tominsten dat dy lange, bleke man de kening sels wie: hwa oars koe har swarre dat der har neat oerkomme soe? Hja soe it har net skine litte, mar it wie goed dat hja it wist. Nammersto better koe se strak har rol spylje as it sa fier wie. It wie al frjemd: deselde Saul dy't to foaren har soarte fan minsken deade kaem nou om har to bifreegjen. Winliken moast se bliid wêze en har wreke, mar hja koe net lilk op him wêze. Hy wie sa wurch en sa bleek en syn hannen trillen; it bigreate har, dat er ta sok ding forfalle moast, de nachts foar in swiere slach. It wie as stie de dea him nou al op it antlit skreaun.
‘Hwa sil ik opkomme litte?’ frege se.
‘Lit Samuël opkomme’. Fansels, tocht se, as it Saul is, om hwa soe er dan oars freegje? En it wie tige maklik: in man, in profeet; ek al hie se him noait sjoen, it wie net slim om him foar to stellen. Hja die in doar iepen en liet Saul yn in keamer; it wie net folle mear as in hoale, yn 'e berch úthoud. ‘Bliuw hjirre’, sei se, ‘en wachtsje. As Samuël komt, kinne jo him hjir hearre’. Doe gyng se fuort en sloech de doar ticht.
Saul wachte. Der wie neat yn dit keal fortrek; oars net as in walmjende lamp. Yn 'e muorre gappe in donker gat: it like in soarte fan tunnel dy't yn in oare keamer útkaem. It hert sloech him. As Samuël nou mar komme woe! Mar hy hie him altyd genegen west. Tominsten yn it earst... Letter... Hy fage it swit fan syn foarholle. Yn 'e oare keamer gyngen slurkjende stappen; dêr knettere fjûr en troch de tunnel kaem de skerpe rook fan baernende krûden. Nou soe er it aenstouns witte. Libben of dea... Oerwinning of nederlaech...
Doe hearde er de frou wer, in sucht, en doe joech se in wylde skreau, as ien dy't de dea foar eagen sjocht. Saul hâldde de siken yn. Nou kaem it, dat âlde, bikende lûd... Mar it wie de frou dy't rôp: ‘Jim hawwe my bidragen, jo binne Saul; nou wit ik it fêst’.
‘Stil mar’, sei Saul, ‘wês net bang. Siz my hwat jo sjogge’.
‘Der komt in âld man út 'e ierde op; in âld man mei in brune mantel... O, ik bin sa bang!’
Flak foar it gat yn 'e muorre liet Saul him falle en roerde mei de foarholle de flier. Earbiedich sei er in groetenis. Doe riisde er oerein en wachte hwat Samuël sizze soe. Hy twivele net, dat it Samuël sels wie; oars soe dy frou net sa bang west ha. Nei't it like hie se it sels net ienris tocht!
Doe kaem it lûd fan Samuël, strang en somber: ‘Hwerom hastû my ûnrêstich makke en my opkomme litten?’ En stammerjend antwurde Saul: ‘Ik bin tige bang, hwant de Filistinen oarlogje tsjin my en God hat my forlitten en antwurdet net mear, net troch de tsjinst fan in profeet, noch troch in dream, noch op hokfor wize; dêrom haw ik jo roppen, om my to sizzen hwat ik dwaen moat’.
En doe spriek Samuël it fonnis oer de forwurpen kening. ‘Hwerom fregestû my om in godswurd, nou't de Heare dy forlitten