mar hja wisten ek net hoe't it oars moast. Sels hiene se har yn dit aventûr jown en nou seagen se gjin útwei mear. Hwant elke dei koe it bidroch útkomme en dan soe Achis bloedich wraek nimme.
En doe barde it op in kear dat in boade fan Achis to Siklach kaem en David en syn mannen oprôp om nei Gath ta to gean. It wie oarloch en alle man moast opkomme om to striden tsjin Saul yn 'e flakte fan Jizreël. Dizze kear gyng it net om in strooptocht, net om hwat ezels en lytsfé, net om in mannich doarpen of in wetterwelle: nou gyng it der op of der ûnder. As Saul it woun, dan soene de Filistinen har lêste steunpunten yn Israël kwyt reitsje en dan lei har eigen grins foar de fijân iepen; as de Filistinen it wounen, dan soe de fette flakte harres wêze en de rike stêdden en dan koene se hiele Israël twinge ta hurde tsjinst. Dat dêrom soe dizze keàr alles op alles set wurde, dêrom rôpen de fiif foarsten de ban en de efterbân op en dêrom woe Achis syn freon David mei ha. David, dy woun altyd. Doe't David tsjin Goliath stried, doe woun Israël; nou't David de Filistinen holp, nou moast Saul forlieze. Achis wachte op him en daliks doe't David yn 'e stêd wie, moast er by kening Achis komme. ‘Nou is it sa fier’, sei Achis, ‘nou sille wy foargoed mei Saul ôfrekkenje. Dit wurdt in greate slach en dû meist mei. Saul hat dy safolle kwea dien, nou is it de tiid om wraek to nimmen.’
David bûgde de holle. Hy wie nou ienris yn tsjinst fan Achis en hy koe net wegerje, mar noch stie it by him fêst, dat er net tsjin Saul fjochtsje woe. Wie er mar noait yn it lân fan 'e Filistinen kommen! Mar nou wie it to let! Hy hie it him sels oandien. Achis miende dat er wol graech mei woe, mar alles dat er hie soe er jaen wolle om frij to kinnen! O God, tocht er, hwat moat ik nou? As ik striid tsjin Saul en tsjin jins eigen folk, dan helje ik my in flok op 'e hals en bin ik net weardich om kening fan Israël to wurden en as ik it net doch, dan moat ik Achis forriede, dy't my fortrout as syn eigen soan!
Noch ien kear bisocht er, him der út to rêdden. ‘As ik mei gean’, sei er, ‘dan leit de sudergrins fan Filistéa iepen en kinne de Amalekiten jins lân ynfalle’, Mar Achis liet him net biprate. ‘De Amalekiten’, sei er forachtlik, ‘dêr rekkenje wy letter wol mei ôf. It soe ek al nuver treffe as dy nou krekt kamen. Wy hawwe yn tiden neat mei har hawn’. En wer bûgde David earbiedich. It wie noch net lang lyn, dat hy hwat mei de Amalekiten hawn hie, mar dat koe er net sizze. ‘As myn hear my ropt’, sei er, ‘dan sille wy meigean en jo sille gewaer wurde hwat jins tsjinstfeint kin’.
Achis lake freonlik. ‘Ik hie it net oars tocht. Dêr't de kening fan Gath hinnegiet, dêr tsjocht syn freon David mei! En dizze kear silstû mei dyn mannen myn liifwacht wêze: myn libben bitrou ik dy ta’.
De oare deis gyngen se op mars, it noarden yn. In machtich leger wie it, dat de fiif keningen gearbrocht hiene; gjin ien dy't in wapen tille koe, bleau thús. Yn in pear dagen trieken se troch it gebiet fan Efraïm nei de flakte fan Jizreël. Ear't hja fierder teagen, nei de stelling fan Saul by de Gilboa-bergen, défilearde hiel it leger foar de fiif keningen. Hûndert by húndert, tûzen by tûzen, marsjearden se foarby. De binden fan Achis wiene de lêste en oan it haed fan 'e keningswacht roun David: de salvling des Heare yn 'e slachoarder fan 'e Filistinen.
De fjouwer oare keningen bisauden har, doe't hja him seagen. ‘Hwat sille dy Hébréërs?’ fregen se forheard. Greatsk antwurde Achis: ‘Dat is myn freon David, de fijân fan Saul, dy't nou al jier-en-dei by my is en dy't my trou tsjinne hat’.
Mar de foarsten woene der gjin praet fan hearre. ‘Dy Hébréër kin net mei ús optsjen’, seine se forheftich. ‘Nou is Saul forgrime op him, mar as er yn 'e slach omkeart en tsjin ús bigjint, dan binne wy forlern en hy komt by Saul yn 'e gunst. It is al faker bard, dat Israëliten, dy't ús holpen, midden yn 'e slach oerrounen. Dat stjûr dy David werom en lit him net mei ús yn 'e slach tsjen’.
Doe rôp Achis David en sei tsjin him: ‘It spyt my, hwant ik wit datstû myn trouwe tsjinner bist, mar de foarsten fortrouwe dy net en wolle dy net mei ha. Dat gean yn frede nei Siklach en wachtsje dêr oant wy weromkomme’.
It wie David in pak fan it hert. Nou hoegde er net tsjin it eigen folk to striden en ek Achis, dy't him sa goed fortroude, net forriederlik oan to fallen. Dit wie in