oft Saul tocht hie: Ien kear hat David by my west, doe't ik allinne yn 'e spelonk wie, nou leit de hiele kriichsmacht om my hinne en kriget er de kâns net wer! En dêrom krekt krige David der sin oan om jitris nei Saul ta hy soe him sjen litte, dat er him sa ek noch wol binei komme koe. Hy birette him net lang; deselde jouns noch frege er hwa't mei him nei it kamp ta doarst. In jonge man, Abisaï, de soan fan David syn suster Seruja, joech him op en togearre setten se ôf, doe't it tsjuster wie.
Hja wiene beide net bang en moedich setten se de stap der yn. David hie soms fan dy oankomsten, dan moast er it iene of oare dryste stik úthelje, dan skromme er neat en weage er alles. Syn omkesizzer Abisaï wie like moedich, mar rûger en wreder. Doe't hja ticht by Hachila kamen, glûpten se hoeden fierder en flak by de bûtenste tinterige leine se in skoft to harkjen. It wie dea-stil yn it kamp en gjin skyldwacht steurde har. Doe krûpten se stadich fierder, tusken de tinten troch nei it midden fan it kamp. De greate keningstint koene se der maklik út en dêr njonken wie de tinte fan Abner, de kriichsoerste. It wie noch stil. Gjin ien fan al dy soldaten om har hinne waerd wekker. Doe tilden se dryst it tintekleed omheech en krûpten der yn. Njonken Saul stie de wetterkrûk en oan syn hollenein wie de keningsspear yn 'e groun stutsen.
Doe koe Abisaï him net langer ynhâlde. David woe fansels syn hannen net nei Saul útstekke, mar dat hoegde ek net; hy, Abisaï, koe it wol dwaen. En sunich flústere er: ‘De Heare sels jowt him yn jins hân: lit my him nou deadstikke. Gjin ien hoecht it to hearren; ik stek him yn ien kear fêst oan 'e groun en hy kriget gjin tiid to roppen’. Abisaï syn hân rikte al nei de spear. David lei de hân op syn earm. ‘Ik forbied it’, sei er strang en sa sunich as er koe. ‘De Heare sels sil him straffe, mar wy meije it net dwaen. Mar lit ús de spear en de wetterkrûk nimme, dan kinne se tominsten sjen dat wy hjir west ha’.
Tusken de tinten troch gyngen se werom En wer waerd fan hiel dat greate leger gjin ien wekker en feilich slaggen se út it kamp en de heuvel ôf. It wie dochs in forromming dat alle gefaer nou oer wie; dat hja wer rjocht op rinne koene en dat hja net mear bang hoegden to wêzen foar in soldaet dy't wekker wurde koe.
De moarns, doe't de sinne opkaem en de mannen fan Saul út 'e tinten kamen, stie David op in oare heuvel, flak by Hachila. Hy woe noch ien kear mei Saul prate, mar hy paste wol op, dat er net to ticht by kaem Oer de smelle delling hinne koe er Saul wol biroppe en ear't de mannen fan 'e kening de hichte ôf wiene en oan 'e oare kant wer omheech, koe er al lang fuort wêze tusken de rotsen.
Hy sette de hannen foar de mûle en rôp: ‘Abner, Abnerl Sille jo noait antwurdzje, Abner?’ Hy hoegde net lang op antwurd to wachtsjen. Troch de stille, hoare moarn bearde in swier lûd: ‘Hjir bin ik, mar hwa bistû, dy't de kening steurt yn 'e iere moarn?’
David neamde syn namme net. ‘Ik tocht’, raesde er, ‘dat Abner in man wie. Mar kinne jo gjin better wacht hâlde oer jins hear, de kening? Jim hawwe de dea fortsjinne, Abner, jo en al dat soldatefolk, hwant mei syn allen hawwe jim noch net op 'e kening past. To-nacht is der ien fan úzes kommen en hat by de kening yn 'e tint west. Dat sjoch ris, Abner, hwêr't de spear fan 'e kening en syn wetterkrûk is’. Abner waerd kjel, doe't er Davids wurden hearde. Hy woe him al omkeare en ûndersyk dwaen; doe murk er dat de kening al njonken him stie. ‘Is dat dyn stim, myn soan David?’ rôp Saul. En wer frege David, lyk as de earste kear: ‘Hwat haw ik dochs dien, dat de kening my sa bitter forfolget? As de Heare jo tsjin my opset - goed, dan sil ik swije. Mar as der minsken tsjin my stokelje en my fordriuwe út it lân, dat ik gjin Israëlyt mear bliuwe kin, dan mei God har forflokke! En hwerom jaget de kening my efternei? Hat men der oait fan heard dat in jager troch de heuvels draeft om ien patriis? Strûpt in soldaet it himd út om ien inkelde flie? Mar werom makket Israëls kening dan sa'n drokte om ien man?’
En wer wie kening Saul sa mar ynienen omkeard. ‘Ik haw sûndige’, rôp er, ‘mar kom nou werom, myn soan David, hwant ik sil dy gjin mear kwea dwaen’. Fansels gyng David der net op yn. Hy koe Saul to goed om him wer yn syn hûs to weagjen: hjoed skriemde er gleone triennen en woe er alles wol bilove, moarn rieden de kwea-