en de oerwinners ynhelle hiene. Dat sa wie it kommen dat David, nei al syn swalkjen, wer in stêd ta syn foldwaen hie en in dak boppe de holle. It wie allinne mar spitich, dat it sa koart duorre.
Doe't Saul hearde dat syn fijân yn in stêd mei muorren en poarten tahâldde, liet er der gjin gêrs oer groeije en triek er fuortdaliks mei in leger it suden yn. Salang't David yn it berchlân fan Juda omswalke wie it ûnmûglik om him to finen, mar nou soe it dan wêze; yn in stêd koene se him bisingelje en wie der gjin kâns dat er ûntkaem. It kaem net ienris by Saul op, dat er der kwea oan die. Hoe soe er nammers David sparje, nou't er krekt in stêd fol preesters útroege hie?
Yn Kehila fornamen se al gau hwat kening Saul fan doel wie en David liet yn him omgean hwat er nou dwaen moast. Soe er him opslute litte yn 'e stêd en de striid oangean mei de trije tûzen soldaten fan 'e kening? Hy doast it wol oan, mar dan moast er wissichheit hawwe dat de boargers fan Kehila him net forriede soene. En as it der op oan kaem woe er ek leaver net tsjin syn eigen kening - hwant dat wie Saul dochs altyd noch! - en tsjin syn eigen folk fjochtsje. Mar mocht er de mannen fan Kehila oan har needlot oerlitte? As Saul nou mei Kehila ris die, hwat er mei Nob dien hie, hoe kaem it dan? Kaem dan it bloed fan al dy minsken net op syn holle del? Hy wist net hoe't er soe; hy seach oars gjin útwei as dat er God bifrege. Nou kaem it goed út, dat er Abjathar by him hie.
De preester sloech de skoudermantel om en David bea ynmoedich ta de Heare. ‘O Heare, God fan Israël’, smeke er, ‘ik haw heard dat Saul nei Kehila driget to kommen. Doch it my dochs to witten Heare: sil er komme?’ Doe stiek Abjathar de hân yn 'e tas mei de hillige stiennen en lies it antwurd des Heare: ‘Ja, hy sil delkomme’. En jitris die David in fraech: ‘Sille de mannen fan Kehila my helpe, of sille se my oerleverje yn 'e hân fan Saul?’ De Heare antwurde: ‘Hja sille dy net helpe, mar hja sille dy oerjaen’.
Nou wist David dan hwer't er him oan to hâlden hie. Yn syn hert hie er it ek wol tocht. De âldsten fan Kehila doarsten it net tsjin Saul yn 'e kant sette. Hwat moasten se bigjinne tsjin in kening dy't mei sok in leger op har ta kaem? En dy seis hûndert rûge mannen yn 'e stêd, al wiene it dan har bifrijers, dat foel op 'en dûr ek net ta! Hja koene dochs har libben en har guod der net by opsette om David to helpen? Dat hja gaspen op 'e nij de mulriem om en trieken de stêd út, it wylde berchlân yn. It hie in koarte freugde west, dêr to Kehila. In stêd, in hûs, in feilich dak - it wie to moai foar sokke rûge swalkers. In tintekamp, earne yn it lij fan in heuvel, in dampe, donkere spelonk, dàt wie har foech. Farwol, Kehila...
Noch ear't Saul oan 'e stêd ta wie, brochten se him de tynge dat David der al net mear wie. It muoide him, mar der wie neat oan to dwaen. Forgrime en bitter marsjaerde er mei syn mannen werom.
In skoft letter kamen der lju út 'e streek fan Sif en fortelden him dat David syn kamp opset hie yn har kriten en dat hja genegen wiene om de kening to helpen. Hja woene dy binde wol slite út har lân: sok folk wie noait to fortrouwen by skuorren en keppels. Saul wie tige bliid. Nou krige er help dêr't er it net forwachte hie. En tsjin 'e mannen fan Sif sei er: ‘Seinge meije jim wêze fan 'e Heare, dat it jimme om my bigreate hat. Gean hinne, foar myn leger út en gean David syn wegen nei; sjoch goed ta hwêr't er lâns giet en hwêr't er syn skûlplak hat en oft er wachten útset. En as er dan wier to jimmes is, doch it my dan to witten en ik sil komme en him opspoare, sels al moast ik hiele Juda trochsykje!’
En fan nijs bigoun de grime jacht. De Sifiten makken gjin heal wurk en leine Saul krekt út hwêr't er wêze moast en Saul folge har oanwizingen trou. Mar elke kear as er David omtrint ynhelle hie, glûpte er him ûnder de hannen wei en koe de kening wer op 'e nij bigjinne. It waerden lange, swiere wiken foar David en syn mannen. Gjin dei wiene se feilich foar Saul syn spionnen, elke ûre moasten se op har iepenst wêze, alle nachten sliepten se mei it bleate swurd njonken har. Mar dei nei dei en nacht op nacht kaem Saul tichterby.
It wie op in dei dat de beide legers flak byinoar wiene, David mei syn mannen oan 'e iene kant fan in berch en Saul oan 'e oare. Krekt to let murk David it driigjend