En bitter sei er: ‘Harkje nei my, jimme mannen fan Benjamin. Hwerom hâlde jim it dochs mei David, dy man fan Juda? As hy kening waerd, soe er jim dan ek wynbergen jaen en fé en ekers, lyk as ik dien haw, nei't ik de Gibeoniten sloech? Soe er net folle mear om syn Judeërs tinke en soe er jimme net foarbyparte? Mar hwerom helpe jim my dan net om him to fangen en werom hat gjin ien my forteld dat myn soan Jonathan in forboun mei him hat en stokelet tsjin my?
Net ien fan 'e feinten die in mûle iepen; net ien fan 'e soldaten die in stap nei foaren. Hja hiene altyd trouwe tsjinners west fan kening Saul en mannich kear wiene se mei him optein tsjin de fijân, mar syn bline haet tsjin David, dat koene se dochs net goedkrije. It wie net wier dat David tsjin de kening opstie, noait hie er Saul in wurd missein en dat er freon wie mei Jonathan, dat wie dochs fêst gjin kwea? Hoe faek hie er net de Filistinen forslein en dat er doe dy deis to Socho dy kampfjochter deade hie, wie dat net in great ding? Né, hja woene alles foar Saul dwaen, mar dit iene net! En stil en swijend stiene se om har sombere kening.
En doe ynienen roun der dochs ien út 'e rige en bûgde foar Saul: Doëch, de Edomyt, dy't yn it leger tsjinne. ‘Myn hear’, sei er fluensk, ‘ik kin Jo net sizze hwêr't David is, mar ik haw him sjoen, de deis dat er flechte foar jins antlit. Ik wie doe krekt to Nob, yn 'e preesterstêd, dêr't de tabernakel stiet en ik seach dat er by Achimélech, de hegepreester kaem. It tocht net oars, as dy soe him fuortstjûre, hwant it foeget in preester net, om him ôf to jaen mei in man, dy't tsjin syn kening opstiet. Mar ynpleats kaem Achimélech him bûgjend yn 'e mjitte en spriek mei him: myn eigen eagen hawwe it sjoen, dat er him brea joech en it swurd fan Goliath en dat er foar him de Heare bifrege’.
Saul siet dea-stil, salang't de falske Doëch spriek; mar syn gesicht waerd wyt fan lilkens en de spear, dy't er yn 'e fûst hie, trille. Hy hie it wol tocht: it wie net allinne syn soan, dy't mei de Judeër gearspande, mar ek dat preester-folk dêr to Nob wie mei yn it klomplotl En dat hja dy rebel mei brea en wapens holpen, dat wie it slimste noch net iens, mar dat hja de Heare foar him fregen... Allinne de kening hie it rjocht om in Godsspraek to easkjen mei Urim en Thummim; dat Achimélech dat foar David dien hie, wie in klear biwiis, dat er him nou al as kening huldige. Alles wie ommers tsjin him: syn eigen soan, syn feinten en nou ek noch dy preesters to Nob. Hwa soe it oait tocht ha: it forrie ûnder de wite preesterrôk. Mar hy, kening Saul, hy soe rjochtdei hâlde! ‘Rop Achimélech’, sei er strang, ‘him en alle preesters dy't ûnder him stean’.
It wie in lange reis, fan Gibeä nei de preesterstêd mar noch dyselde oerdeis stiene se foar him, fiif en tachtich man dy't yn it preester-amt stiene. Strang en somber siet de kening dêr; yn syn donkere eagen gloeide de hate. En foar him, earnstich en swijend, stiene de preesters en seagen nei him op. Hja wisten dat it hjoed om har libben gyng.
‘Harkje dochs, Achimélech, dû soan fan Ahitub’.
De hegepreester bûgde nei de groun; doe riisde er oerein en seach de kening oan. ‘Sjoch, hjir bin ik, myn hear’.
Saul syn lûd wie heas fan fûle haet, doe't er sei: ‘Hwerom hawwe jimme dêr to Nob tsjin my gearspand, dû en de soan fan Isaï, mei him brea en in swurd to jaen en God foar him to bifreegjen, dat er my leagen lizze en tsjin my opstean soe, lyk as it hjoed-de-dei giet?’
Achimélech seach oan alles wol, dat de kening dochs gjin reden forstean woe. Dit wie syn lêste ûre, mar hy soe net smeekje om syn libben en noait, noait soe er skuld bikenne foar in ding dat er net dien hie. Saul koe him deazje, hy hie de macht, mar syn feinten soene witte, dat er ûnskuldich stoar.
Hy antwurde: ‘Lit de kening ús dochs gjin ding bylizze, dêr't wy gjin skuld oan hawwe. Hwant it is wier dat ik David holpen haw mei brea en in swurd, mar ik miende dat er noch yn jins tsjinst wie en dat er foar Jo op reis wie! Ik koe net witte dat er flechte foar jins antlit; as ik dat witten hie, soe ik it net dien hawwe. Mar ik tocht dat David de trouste fan al jins feinten wie, jins skoansoan, de oerste fan 'e liifwacht en de eare fan jins hûs. Omdat ik tocht dat it foar de kening gyng, dêrom haw ik him geriifd mei spize en wapens en dêrom haw ik foar him de Heare frege. En