De swalker
Nei de lêste moeting mei jonathan flechte David it Suden yn. Hy wist noch net hwêr't er hinne soe, mar hy bigriep wol dat der haest by wie. Saul soe der alles op sette om him yn hannen to krijen en der wiene sa folle minskan dy't him koene. En hy hie gjin wapens, gjin iten foar ûnderweis; oars net as in pear mannen dy't mei him flechtsje woene en dy't it sels yn dizze bittere need mei him weagje doarsten. Hy moast iten ha en in wapen en gjin ien soe it him jaen doare as it útkaem dat er foargoed út 'e gunst wie by Saul. Der siet oers neat op: hy moast beare, dat er noch altyd de trouwe tsjinner fan 'e kening wie.
Hja kamen, op har wei it Suden yn, by it stedtsje Nob lâns. Súnt de Filistinen Silo nommen hiene yn 'e dagen fan Eli, wie Nob de preesterstêd en stie dêr de Tabernakel. David koe de hegepreester skoan; Achimélech wie syn namme en hy wist dat de man alles dwaen woe om in tsjinner fan 'e kening to helpen. Syn maten wachten bûten de tabernakel en David gyng sels nei de preester ta. It wie wol in slim ding: Gods hegepreester foar to Ieagenjen, mar it koe net oars.
Achimélech kaem David al yn 'e mjitte, bang en mei gâns bûgingen. Hoe koe dat, dat in man as David, de skoansoan fan 'e kening en in heech offisier yn it leger, sa allinne op mars wie, sûnder mannen noch wapens? David glimke freonlik. ‘It is ek frjemd’, sei er, ‘mar de kening hat my útstjûrd mei in boadskip dat nimmen witte mei. Sadwaende bin ik tige hastich fuortrekke, mar ik bin net aïlinne, myn feinten wachtsje bûten. Mar soene jo nou net hwat iten hawwe, fiif breaën is al genôch, of hwat der oars mar is?’
De hegepreester skodholle. ‘Ik ha suver neat by de hân, mar hjir is wol hillich brea, dat yn 'e tabernakel stien hat, en dat allinne preesters ite meije. Mar om't it in saek fan 'e kening is en om't ik jo ken, sil ik de breaën jaen, tominsten as jou feinten net ûnrein binne, foar de wet’. Dat wie wol yn oarder, sei David. En nou hie er noch hwat. Wie hjir by it godshûs net in spear of in swurd, dat er meikrije koe? Hwant hja hiene it net iens oan tiid hawn om de wapens om to hingjen, sa hie de kening har fuortdreaun.
En wer woe de hegepreester helpe. ‘It swurd fan Goliath, dy't jo forslein hawwe, sjoch dat is hjir, biwuolle yn in doek; nim dat mar, hwant in oar swurd is hjir net’. David naem it tankber oan. As it der op oankaem wie it sines en better wie der yn hiele Israël net.
En sa flechten se doe wer fierder, in pear dagen lang, mei de seine fan Achimélech en it swurd fan 'e Filistyn. Hwat wie der al wer hwat bard sûnt er mei ditselde wapen dy reus de kop ôfsloech! Doe wie Saul wakker wiis mei him en nou wie er in swalker, in man dêr't gjin plak mear foar wie yn Israël! Doe woe hiele Israël him wol op 'e hannen drage en nou moast er Gods hegepreester forlige om oan iten to kommen. As Saul it nou mar net op Achimélech forhelle. Hy wie der neat to goed ta en hy leaude fêst, dat er dêr yn 'e tabernakel in tsjinner fan Saul sjoen hie, Doëg, de Edomyt. As dy it forklapte - en dat soe er wis dwaen! - dan telde er neat mear foar it libben fan 'e preesters. Mar der wie nou neat mear oan to dwaen. Underweis hiene se noch ris goed bipraet hwêr't se hinne soene. It koe net oars, hja moasten oer de grins; yn Juda wiene se nearne feilich. It bêste soe noch wêze, dat hja nei it lân fan 'e Filistinen trieken, nei de stêd fan Gath. Hy hie fakernôch tsjin 'e Filistinen fochten en hja soene wis net wiis mei him wêze, mar der wie in kâns dat hja him ûnderdak jaen soene, om't er in fijân wie fan Saul. Dy ûnbisnienen soene it wol moai fine dat hy en Saul ûnienichheit hiene: hoe mear't Israël fordield wie, hoe makliker hja it wer yn 'e macht krije koene. Mar fansels soe er him noait brûke litte om tsjin syn eigen folk to striden.
Hja kamen to Gath oan en meldden har by de kening, Achis. Doe't David syn namme sei en it doel fan 'e reis, waerd er daliks ûntfongen. Achis moast der ynwindich om laitsje. Dus sa fier wie it al, dat dy David, de man dy't doe Goliath forslein hie, gjin plak mear hie yn syn lân! Fansels net! Dy jonge, dryste David woe kening wurde en Saul soe alles op alles sette om dat to kearen. En nou wie David sa forgrime op Saul, dat er syn taflecht naem yn it Filistynske lân en biddele om 'e gunst fan syn eardere fijannen. It like him noch net ien-