dy't tige spylje koe: faeks dat har sike hear dan kalmer wurde soe. It kaem der nou mar op oan dat hja in geskikten-ien fine koene en doe't hja der oer praetten kaem ien fan har op it idé om David komme to litten, de soan fan Isaï, út Bethlehem. Hy koe wûndermoai spylje en bûtendat like er in fiks soldaet to wêzen, dat dan koe er ek mei as de kening útteach ta de striid.
It like harren allegearre skoan ta en op in kear doe't it tige bêst wie mei Saul, bigounen se der oer. De kening foun it ek goed en fuort de oare deis gyngen der boaden nei Bethlehem; dy fregen Isaï oft er syn soan net misse koe om tsjinst to dwaen yn it keningshûs. Fansels koe de âldman net wegerje, nou't de kening sels frege en wer seale de jonge hoeder de ezel en wer teach er fan hûs, de frjemdte yn. In pear sekken naem er mei fol farske breaën en noch in sek fan 'e bêste wyn en in jong bokje. Hy hie der sels it measte sin net oan, mar dêr hie syn heit net nei frege. En bûtendat: hy wist dat dit net bûten God omgyng. Ienris soe er sels op 'e troan fan Israël sitte en hearskje oer de tolve stammen; dêrom stjûrde de Heare it nou sa dat er by de kening kaem. Hie er yn âlde tiden ek Mozes al net by de Farao brocht om him ré to meitsjen foar syn letter wurk?
Hy waerd tige goed ûntfongen to Gibea en doe't er Saul seach en mei him praette, koe er him hast net bigripe dat it sa slim wie as de tsjinners seine. Hy mocht wol oer him en hy murk al gau dat de kening him ek graech lije mocht; it duorre net lang doe hie er ek al in plak yn it leger en wie er Sauls wapendrager. Dat it like wol as koe de harpe rêste en soe er ynpleats syn kening tsjinje mei swurd en spear.
Mar doe kaem der in dei dat it sa goed net wie mei Saul en dat de tsjinners stil en hoeden omgyngen en David wonken dat er spylje moast. De kening siet yn syn stoel oan 'e ein fan 'e tafel, roungear en djip fortiisd yn syn eigen sombere gedachten. Syn eagen stiene gril, mar hy fornaem net iens dat David der yn kaem en yn in hoeke fan 'e keamer, by de muorre, sitten gyng. It wie tige stil. Sokke tiden mijden de tsjinstfeinten har sike hear en lieten him yn syn wêzen; in inkeld lûd, in swiere stap, in doar dy't klapte, koe him razend meitsje. David hie gjin each fan 'e kening ôf, mar syn hân taestte nei de snaren. De kening hearde neat. En al lûder sprongen de klanken troch de stille keamer, al lokjender, twingender. Hy spile alle blidens en langst fan syn jonge libben, de heuvels om Bethlehem, de keppels, blommen en fûgels, syn heite hûs en de wylde freugden fan 'e oerwinning op Goliath. Al lûder rûzen de lieten, al blider. Doe seach er dat de kening glimke en nei him knikte. It slimste wie oer en dizze kear bleau de oanfal wei.
Fansels gyng it net altyd sa maklik, mar it spyljen holp dochs wol en der kaem in tiid dat David mar komselden mear de harp hoegde to brûken. Yn dy tiid triek er faek mei Saul to fjilde en it die bliken dat er moedich wie, op it dryste ôf. Ynpleats fan Saul's wapendrager waerd er al gau offisier en bytiden stjûrde de kening him der op út en bleau sels thús. En altyd kaem David as oerwinner thús, de fijân forslein en de grinzen feilich. Gjin binde Filistinen koe it fan him winne en syn soldaten woene wol foar him troch it fjûr. Saul koe mar rêstich thús bliuwe yn syn keningshûs en David rêdde him wol mei de fijannen. Nei al dy jierren fan swiere striid, libbe Saul suver wer op. It wie oft der in kear yn syn libben kommen wie, nou't er David oan syn hôf hie. Hy waerd moediger en al langer en langer bleauwen syn sombere buijen wei en al mear bigoun er fan David to hâlden. It like hast wol oft er noch ien kear de kâns krige om syn libben to foroarjen, oft God tsjin him sei: Sjoch, Ik haw myn feint David by dy jown, datstû wurde meist sa't hy is, moedich en tige from. Haw My leaf, lyk as hy My leavet en dan sil it ljocht wêze oan 'e ein fan dyn libben.
Sa hie it kinnen, as Saul mar wollen hie. It wie syn eigen skuld, dat er ynpleats noch fierder fan God ôfdwaelde en noch djipper foel...
Op in kear hie David der wer op út west om tsjin de Filistinen to striden en dizze kear hie er in tige greate oerwinning bifochten, sa great dat de fammen fan Israël út-trieken om him en syn mannen hulde to dwaen. Yn in lange optocht, yn wite klean, dounsjend en mei tambourinen en triangels, gyngen se it leger yn 'e mjitte. It waerd in feestlike yntocht yn 'e keningsstêd, al dy rûge soldaten yn in rounte fan