elke tocht kaem David werom, soun en fris en mei de romte fan eare en bût. It like suver as koe gjin wapen him reitsje, as hâldde de Heare sels it skyld boppe syn holle. Deselde Heare, dy't hìm forwurpen hie...
En doe bitocht Saul in plan, sa falsk, dat men it fan in kening net leauwe soe. Der wie noch altyd dy âlde kwesje mei Mearab, dy't trouwe soe mei de man dy't Goliath forsloech. David hie de priis doe earlik fortsjinne, mar om't er doe noch sa jong wie, wie der fuort net fan kommen. Nou bigoun Saul der sels oer. ‘Sjoch, myn âldste dochter, Mearab, sil ik dy ta frou jaen, mar dan moatstû earst biwiizgje, datst tige dapper bist en datstû de striid des Heare fiere kinst’. En hy sette in gesicht as soe er David och sa graech as skoansoan hawwe wolle en as die er him in hege eare.
En it wie in eare, trouwe to meijen mei de keningsdochter, mar lykwols like it David net goed ta. As Saul sa freonlik praette dan siet der meast hwat achter. En hwerom soe er earst noch dappere dieden dwaen moatte? Hy hie Goliath forslein; wie dat dan gjin biwiis genôch? En koel, as koe it him it measte net skele, sei er: ‘Né, mar ik bin mar in gewoan man en myn geslacht is lyts yn Juda, dat it soe gjin foech jaen dat ik de skoansoan fan 'e kening waerd’.
Saul stie der net op oan, mar it spiet him al dat David der net op yn gyng. It hie syn doel west dat David in tige dryste oanfal dwaen soe, om Mearab to fortsjinjen en hy hope dat er dan wol falle soe. Mar it wie as seach er it swurk driuwen, dy Judeër. En om't er dochs net woe, joech er Mearab yn dyselde tiid oan in oare man, in Adriel, út Abelmehola. It foel David dochs noch ôf, doe't er it hearde. Dy deis to Socho, doe't Goliath it leger fan Saul húnde, doe woe de kening fan alles wol bilove en nou't it sa fier wie, nou briek er syn wurd.
Sa like it wol dat dit gemiene plan oan 'e kant wie, mar net lang dêrnei bigoun it wer fan foaren oan. Saul hie noch in dochter, Michal, en op in kear fortelden syn feinten him, dat Michal tige mei David op hie en wol graech mei him trouwe woe. En fuortdaliks tocht Saul dat dit dan nou in goede kâns wie om David dea to krijen. Foar Michal soe er faeks noch mear weagje as foar har âldere suster en as it hwat slagje woe soe er falle yn 'e striid.
To-mûk bigoun er syn plannen út to fieren; sels trune er David oan om Michal ta frou to nimmen en hy frege sels syn tsjinners oft hja him net helpe woene. Hy fielde net iens mear hoe falsk dit allegearre wie en hoe lyts: in heit dy't syn dochter oanpriizget as in keapman syn waer; in kening dy't syn tsjinners oanspant tsjin in oarenien; de salvling des Heare, dy't út oergunst in better man de dea docht.
De feinten fan Saul wiene wol genegen om har hear to helpen en hja praetten it David wakker moai foar. Michal wie in kreas frommis en tige flink en om 'e breidskat hoegde it net oer to gean. Ynpleats fan in greate som jild to jaen, hoegde er allinne mar hûndert Filistinen to slaen. En hwat wie nou hûndert Filistinen foar in man as David?
David hâldde de saek in hiel skoft op syn birie, mar einlings soe it dan dochs wêze. Foar hûndert Filistinen soe er Michal hawwe as syn breid. Dat op in goede dei teach er mei in lytse, dryste binde de grins oer en yn it lân fan 'e fijân op. Fansels lieten de Filistinen dat sa mar net oer har kant gean en in leger teach op, David yn 'e mjitte. Nei de wylde, wrede slach leine net hûndert, mar twa-hûndert deade Filistinen op it slachfjild.
En sa teach David mei syn mannen werom nei Gibea, de kenîngsstêd. Saul sette in freonlik gesicht, doe't er by him kaem en biwiis brocht fan syn oerwinning, mar yn syn hert wie er forgrime. Nou wie alles forlern, nou hie dy soan fan Isaï der dochs it libben noch ôfbrocht. En nou koe er him fansels syn dochter net mear ûntkeare.
Net lang dêrnei troude it jonge pear en waerd David Saul syn skoansoan.
En wer like it foar it each fan 'e minsken dat Saul en David tige goed mei elkoar koene; hwa soe nammers op in brulloft tinke oan wrok en oergunst en oer in hate, sa bitter as de dea? Saul die him wol in skoftsje tige freonlik foar, mar lang koe er it net folhâlde, doe kaem de âlde wrok wer boppe. Tsjin syn feinten en syn soan Jonathan bigoun er der oer dat er dy David fan kant meitsje woe. As dy Filistinen dan mei syn allen dy iene Judeër net oer koene, dan soe hy it sels wol dwaen.
Mar doe riisde syn soan Jonathan oerein en naem it wurd. As der ien wie, dy't re-