syn fortriet. En op in kear kaem Er ta Samuël en spriek him oan. ‘Hoe lang sil it dy noch leed dwaen om Saul, dy't Ik forwurpen haw, dat er gjin kening oer Israël wêze sil? Doch dyn hoarn fol oalje en gean hinne; Ik stjûr dy nei Isaï, dy't to Bethlehem wennet, en salvje ien fan syn soannen ta kening oer de tolve stammen’.
De âlde profeet krige de triennen yn 'e eagen. In nije kening moast er salvje en altyd hie er noch hope hawn, dat de Heare Saul it kwea forjaen soe en him yn genede oannimme. It wie in slach foar him, dit Godswurd. Sels hie er Saul salve en altyd hie er fan him hâlden en nou moast er him ûntrou wurde en de hillige salve jitte oer in frjemde holle. En dat de Heare him nou krekt rôp ta dat drôvich wurk!
Hy hie noch noait tsjin-aksele, de âlde Samuël, as de Heare him hwat oplei, mar nou waerd it him dochs to machtich. It koe ommers net: de kening soe forgrime wêze as it út kaem en hy soe it op him forhelje. ‘Och Heare’, sei er, ‘hoe soe ik hinnegean? As Saul it heart, sil er my grif deadzje’.
Mar de Heare antwurde: ‘Nim in koukeal mei en gean dan nei Bethlehem en siz tsjin 'e âldsten fan 'e stêd datstû kommen bist om to offerjen. Noegje dan ek Isaï op it offerfeest en gean nei it offer mei him nei hûs en salvje fan syn soannen de iene dy't Ik dy wize sil. Dan hoecht net ien yn 'e stêd to witten hwat dyn boadskip wie, bûten Isaï en syn soannen’.
Samuël bigriep dat er nou net mear tsjinprate mocht en de oare moarns bitiid gyng er op reis nei Bethlehem. It waerd in swiere reis foar de âldman en it woe him noch net oan dat der nou mei'er tiid in oare kening sitte soe op 'e troan fan Israël. Hy gyng om ien fan Isaï's soannen to salvjen, mar hiel de lange wei wie syn hert by Saul. Yn Bethlehem seagen se him al oankommen mei it offerkeal oan it tou en út'er haest gyngen de âldsten him yn 'e mjitte. It wie de tiid net foar in iepenbier offer en hja tochten net oars as dat er kaem om it oardiel oan to sizzen. Dat it wie in pak fan har hert doe't de profeet har frede winske en sei dat hja alles ré meitsje moasten foar it offermiel. Ek Isaï mei syn greate soannen gyng mei oan 'e tafel en nei it offer gyng Samuël mei him nei hûs. Ûnderweis fortelde er him syn boadskip.
Isaï wist net sa gau oft er bliid wêze moast of net. It wie wis in hege eare dat ien fan syn eigen jonges kening wurde soe, mar der koe ek folle noed en striid út fuort komme. Saul wie noch altyd kening en hwat soe dy dwaen as er hjir fan hearde? Mar hoe't ik ek kaem, as God it woe, dan moast er him skikke. Hy wie al binijd hwa't it wurde soe fan syn acht soannen. It wie hast wol wis fan de âldste, Eliab. Yn elk gefal hoegden se de jongste net thús to heljen; dy koe wol yn it fjild by de keppel bliuwe.
Sadré't hja thús wiene liet er de sawn âldste soannen komme en fortelde har hwat Samuël woe. Ien foar ien moasten se by de profeet lâns rinne en dan soe God him oanwize hwa't er salvje moast. Eliab gyng it earst en Samuëls eagen ljochten op doe't er him kommen seach. In greate, sterke keardel wie it, like lang as Saul. It lei him fêst by, dat dit de nije kening wurde moast en sûnder erch taestte er al nei de oaljehoarn. Mar tagelyk fielde er dat er in Godswurd krige: der wie gjin stim en gjin lûd, mar God spriek dúdlik yn syn hert. ‘Sjoch syn stal net oan noch syn heech postuer, hwant ik haw him forwurpen. Hwant it is net lyk as de minske sjocht; hwant de minske sjocht oan hwat foar eagen is, mar de Heare sjocht it hert oan’. Hy seach Isaï oan en skodholle en de twadde soan roun foar him lâns. It wie likegoed in fikse, feardige keardel, mar ek dy hie de Heare net útkaerd. Isaï wonk de trêdde soan, mar ek dy wie it net. Doe kaem de fjirde, de fyfte, de sechste en elke kear sei Samuël: ‘Dy hat de Heare ek net útkard.’ Dus dan moast it de sawnde, de lêste wêze. De wegen des Heare binne wûnderlik! ‘Kom’, rôp Isaï, mar doe't de lêste foarby gien wie, skodholle de profeet wer. ‘Ek dy is it net’, sei er.
En dêr stiene se, de heit mei syn sawn greate soannen en seagen fan 'e iene op 'e oare. Sawn fikse soannen, mar net ien dy't goedernôch wie, sa't it like. Isaï seach Samuël oan. Hy sei neat, mar syn eagen fregen: ‘Hwat wolle jo dan mei ús? Hwerom dogge jo ús dit oan? Ien fan myn soannen soe kening wurde en alle sawn haw ik jo foarsteld en nou is der net ien by. Wy hawwe der net om frege...!’
Doe sei Samuël tsjin Isaï: ‘Binne dit alle jongfeinten?’ Isaï seach der suver frjemd