‘dat Ik Saul kening makke haw, hwant hy hat him fan My ôfkeard en net dien hwat Ik him oplein hie’.
Dy hiele lange nacht krige Samuël gjin wink yn 'e eagen. Nou wist er earst hoefolle 't er noch fan Saul hâldde en hoe't er noch hope hie. Lang pleite er foar de oerhearrige kening, mar God kaem net wer: der wie gjin stim en gjin antwurd. Doe bigriep er dat de Heare Saul foar altyd forwurpen hie en dat hy, Samuël, him it fonnis oansizze moast. Mei in swier moed kaem er der ôf, de moarns bitiid al en riste er him ta de reis. O God, hwat wie dit swier! Hoe lang wie dit nou lyn dat er der ek in kear tige bitiid ôfgien wie, om dizze selde Saul to salvjen ta kening oer syn folk? En nou moast er him oansizze dat God him forwurpen hie en dat Er it keningskip fan him nimme soe. Saul, de soan fan Kis... Hy hie in great kening wurde kinnen, as er him hâlden hie oan Gods gebot. En nou wie alles forlern!
En al fierder triek de âldman it Suden yn. Doe hearde er dat Saul mei syn mannen al foarby wie, op mars nei Gilgal en dat er to Karmel, yn it Suden fan Juda, in oerwinningspylder set hie. Samuël koe wol skrieme. In oerwinningspylder! Dat ûntbriek der noch oan! It wurd fan God sloech er yn 'e wyn en ynpleats dat er him skamme, sette er himsels in eare-teken op. En bitter gyng er werom, op nei Gilgal om der mei Saul oer to praten.
It waerd de swierste reis fan syn libben. Bûten it kamp hearde er al bletterjen fan skiep en it âljen fan in mannichte kij. Dus dat wie it: hja hiene it fé net band, lyk as har oplein wie, mar it foar har sels hâlden! Hoe wie it mûglik? Hy hie it noch sa goed sein! It wie de sûnde fan Achan: fan des Heare banoffer hiene se stellen. Mar Achan hie allinne sûndige en hjir stie in hiel folk by God yn 'e skuld. En dit folk hie in kening, dy't it better witte koe en dy't nou de straf drage moast. In greate grime kaem oer him en hurder roun er op it kamp ta. Alles foel by him wei: dy lange bittere nacht, syn leafde foar Saul, syn leed om in forwurpen kening, alles: hy wie nou mar allinne mear de strange profeet dy't opkomt foar de eare fan syn God.
En dêr kaem Saul al oan, bliid en greatsk en út 'e fierte rôp er al: ‘Seinge meije jo wêze; ik haw dien hwat de Herae my bisteld hie’. Samuël seach him oan. Hie er nou nearne gjin euvelmoed yn, dy kening, of wie er bang en bearde er allinne mar dat er bliid wie? Doe sei er: ‘Hwat is dat dan foar gebletter fan skiep yn myn earen en gebalt fan kij dat ik hear?’
Saul waerd bleek by dy fraech, mar hy hâldde him great. ‘O’, sei er luftich, ‘dy hawwe wy meinommen út Amalek, hwant it folk hat de bêste kij en de fetste skiep sparre om se de Heare to offerjen; mar al it oare ha wy band’. Hy woe noch mear sizze, noch mear goedprate, mar Samuël foel him yn 'e reden. ‘Hâld op’, sei er bitter, ‘meitsje it net to moai! Harkje, hwat de Heare fannacht tsjin my sein hat. Moasten jo net lyts wêze yn eigen eagen, jo dy't in boer wiene yn Gibea en de Heare hat jo set ta in haed fan alle stammen fan Israël? En nou hat de Heare tsjin jo sein: Gean hinne en ban de sûnders, de Amalekiten, mar ynpleats binne jo op 'e fette bút oanflein en hawwe dien dat kwea wie yn syn eagen’.
En jitris naem Saul it wurd om him sels skjin to praten. ‘Mar it haw ommers nei des Heare wurden harke en ik bin op mars gien nei Amalek en ik haw allinne Agach meinommen, mar alle oaren haw ik band. En dat fé, dat is myn skuld net, dat hat it folk meinommen om it de Heare to Gilgal to offerjen’.
Mar Samuël antwurde: ‘It is de Heare net to dwaen om brânoffers en slachtoffers, mar om in hert dat nei syn wurden harket. Sjoch, hearrichheit is better as tûzen offers en achtslaen op syn gebot is better as it fet fan rammen. Om't jo des Heare wurd forwurpen hawwe, dêrom hat Hy jo forwurpen, dat jo gjin kening mear wêze sille’.
En doe bûgde Saul de greatske holle. It wie oft dy âlde profeet, in man dy't amper oan syn skouders ta-kaem, heech boppe him útriisde en greater wie as hysels. En stammerjend sei er: ‘It is sa, ik haw sûndige, hwant ik wie bang foar it folk en haw nei har stimme harke, mear as nei it wurd fan God. Mar forjow my nou de sûnde en gean mei my nei it kamp, dat ik de Heare oanbidde mei’.
Mar Samuël skodholle. ‘Ik gean net mei jo. En it helpt neat mear dat jo de Heare oanroppe: jo hawwe syn wurd forwurpen