sten, hâldde er by him. Sels legere er him mei in ôfdieling to Michmas en Jonathan bleau mei in lytsere kloft to Gibea.
En sa gyngen de dagen en de wiken foarby. Oeral yn Israël skrepten de minsken op it lân en hellen it nôt yn 'e hûs en yn it kamp by Michmas wachte Saul op 'e dingen dy't komme soene. Elke dei wie er bang, dat de fijân oer de grinzen komme soe, mar der barde neat. It like wol oft de Filistinen ek net rjocht mear doarsten, nou't kening Saul de Ammoniten forslein hie. En doe op in kear, sûnder dat Saul der hwat fan wist, bigoun syn soan Jonathan. Unforhoeds foel er op 'e Filistinen oan dy't noch yn Gibea sieten en sloech se allegearre dea. Der ûnkaem net ien en de oerwinningspylder kappe er om en sloech er oan grús.
Fansels lieten de Filistinen it der net by sitte en daliks rôpen se har mannen op en trieken oer de grins fan Benjamin op Michmas oan. Saul koe it dêr net lang úthâlde mei syn lytse kloft en triek werom nei Gibea, dêr't ek Jonathan mei syn mannen lei. Hy bigriep dat it der nou om gean soe en dat er in great leger hawwe moast. Dat op 'e nij gyngen syn boaden der op út om de mannen fan Israël op to roppen ta de striid; oeral yn Benjamin liet er de bazún blaze: de iene stêd naem it fan 'e oare oer en sa gyng it troch it hiele lân. En wer bruiden de Israëliten it ark der hinne en trieken op om Saul to folgjen; to Gilgal soene se byinoar komme en dêr gyng Saul ek hinne.
Ûndertusken lei it leger fan 'e Filistinen to Michmas, mar doe't hja murken dat Saul yn alle stammen de mânlju oprôp ta de striid, trieken se fierder op. Trije sterke binden stjûrden se der op út: ien nei it westen om it paed nei har eigen lân iepen to hâlden, ien nei it Noarden om de Efraïmiten to kearen dy't op mars wiene nei Gilgal en dan noch in kloft nei de Jordaen, om op to passen dat ek dêr gjin help wei komme koe. En om de skrik der yn to bringen by de mannen fan Israël, stieken se de doarpen yn 'e brân en fornielden se alles; de fruchtbeammen kappen se om, it fé namen se mei en alles dat har yn 'e hannen kaem sloegen se dea.
It folk fan Benjamin joech fuortdaliks de moed forlern. Hja tochten net mear om har nije kening dy't hja destiids ynhuldige hiene; hja tochten net mear oan forset tsjin de wrede fijân; hja bitrouden net mear op God dy't al sa faek syn folk útholpen hie, mar yn hiele kloften trieken se de bosken yn en sochten biskûl yn 'e hoalen fan 'e bergen. En wylst hja mei wiif en bern, mei fé en have op mars gyngen, baernde de fijân de lege doarpen plat. Alle jounen wie de loft read fan 'e brân en deis hong de reek oer de lannen. It kaem sa fier, dat ek de soldaten fan Saul bang waerden en by jountiid, as it tsjuster wie, gyngen se it kamp út. Alle dagen waerd it leger lytser en op it lêst wiene fan 'e trije tûzen helten mar mear seis hûndert oer.
Kening Saul bigriep dat it sa net langer koe. Syn leger forroun en de Filistinen bisetten de wegen, dat de mannen fan Efraïm net by him komme koene. It soe net lang mear duorje, dan wie er alhiel bisingele en koe er gjin kant mear út. Mar hwer moast er oanfalle mei sa'n lytse macht? As Samuël der mar wie, om de Heare to bifreegjen en om it offer op to dragen! It wie goed ôfpraet dat Samuël komme soe en dat Saul net earder bigjinne soe, mar hoe moast er komme, nou't de fijân alle wegen ôfset hie? Miskien wie er har al yn hannen fallen, de âlde profeet, en koe er noait wer komme...
It baernde Saul yn. Hy moast bigjinne, ear't ek dy lêste seis hûndert har nocht hiene en him sitte lieten. En Samuël kaem mar noait! Mar hy koe ek net langer wachtsje; dan soe er sels de Heare offerje. Samuël hie it him forbean, mar as it net koe sa't it moast, dan moast it mar sa't it koe. Hy koe it ek net helpe dat Samuël weibleaul It kaem net yn him op, dat it ek sûnder offer koe; dat de Heare ek helpe woe sûnder dat earst it alter rikke. It like wol dat de kening fan Israël neat better wie as de keningen fan de heidenen, dy't ek miene dat de gunst fan 'e goaden oan offers hinget...
Hy hie noch mar krekt it offer brocht en stie noch by it alter doe't Samuël kaem. Bliid roun er op him ta om him to groetsjen, mar strang frege de profeet: ‘Hwat hawwe jo nou dien?’ Saul seach wol dat Samuël tige lilk wie. En hastich sei er: ‘Ik