Nahas lake wreed. Dy sawn dagen útstel koene se krije en dy boaden mochten om him troch de stêdden fan Israël tsjen; der kaem dochs gjin help, sa goed koe er dy Israëliten wol. De iene stam woe foar de oare gjin hân útstekke en yn 'e âlde tiid hiene se meiïnoar dat selde Jabes útroege; dan soene se nou fêst har libben net weagje om de mannen fan Jabes to rêdden. Né, hy krige se wol, dy leffe Israëliten, dat hwat hindere it dan dat syn wraek in wike letter kaem? En de skande soe der nammersto greater troch wurde! ‘Ik jow jim sawn dagen tiid’, sei er spotsk, ‘en jimme boaden meije gean dêr't jim wolle’.
Dyselde deis noch gyngen de seinboaden op reis. Sawn dagen wie neat to lang en hja reizgen, sa hurd as it mei mûglikheit koe, nei de stêd dêr't kening Saul wenne. Hja wisten sa gau noch net hwat hja oan har nije kening hiene - it wie noch mar in moanne nei dy gearkomste to Mispa - mar as der ien helpe koe, wie hy it. It wie syn plicht as kening, mar om't er út de stam fan Benjamin wie, moast er tominsten foar Jabes fiele. Yn dy freeslike tiid fan 'e boargeroarloch wiene fjouwer hûndert fammen fan Jabes mei Benjaminiten troud en nei safolle jierren wie dat noch net forgetten. As Benjamin net helpe woe en de nije kening net, dan hoegden se de oare stammen net iens to freegjen.
It wie al op 'e nei-dei dat hja to Gibea oankamen, wurch en út 'e liken fan 'e lange reis. Mar noch gunden se harsels gjin rêst: earst moast de hiele stêd har boadskip witte. Doe't de mannen fan Gibea it drôf forhael hearden, rekke alles yn 'e stêd yn ûnstjûr. Mânlju skuorden de mantels, froulju skriemden en fan 'e weromstuit gûlden de bern. Hwat wie dat freeslik, dat dy heidenen de mannen fan har folk it each útstekke soene. Dat soks nou sa mar koe! En sels sieten se der hast like slim foar mei dy Filistinen yn har lân! En op 'e nij brieken se út yn jammerklachten, al skrilder en lûder, dat it like as jammere de hiele stêd. Mar by al dy skriemende mânlju wie der net ien dy't sei: Kom lit ús Jabes helpe en de striid tsjin Ammon oangean. Hja tochten der net ienris oan. Hwant yn hiel dy stêd fol minsken wie der net ien dy't sa fêst op God bitroude, dat er syn libben weagje doarst.
En doe kaem kening Saul thús fan it lân dêr't er de hiele dei oan it wurk west hie; in pear kij dreau er foar him út, de poarte troch. Hy seach forheard om him hinne. Hwat skeelde der oan, dat al dy mânlju de klean to-skuord hiene en hwat woene dy frjemden dêr op it poarte-plein? ‘Hwat skeelt jim, sa to skriemen?’ frege er. Doe't er alles heard hie, lôge de grime yn him op. Hy trille fan lilkens, it wie as soe er der yn wei bliuwe. Wie dit nou de tiid om to skriemen en to gûlen? Wie der dan net ien fan dit leffe folk dy't nei de wapens taestte en helpe woe? Moast dy Nahas fan Ammon dan syn sin mar ha en dizze swiere skande op Israël lizze? Mar hy soe fanwegen komme, hy wie op it lêst kening! En hy soe it folk fan Israël twinge ta de striid. Hja doarsten net? Mar hja soene! Hy seach om him hinne; hy moast hwat dwaen, nou daliks. Syn each foel op 'e beide kij. En yn syn wylde grime foel er op 'e bisten oan en slachte se. Mei wylde slaggen houde er se yn stikken, net oars as hie er de fijân sels ûnder it mes. Doe rôp er de jonge mannen út Gibea op en stjûrde se alle kanten út, nei alle stammen fan Israël, elk mei in bluodrich stik fleis yn 'e hân. En sa moasten se sizze, yn elke stêd dêr't hja kamen: ‘Alle man dy't net opkomt, achter Saul en Samuël, om to striden tsjin Nahas, de kening fan Ammon, dy syn kij sille yn stikken kappe wurde!’
It wie oft der in wûnder barde, dy dagen doe't de boaden fan Saul fan stêd ta stêd en fan doarp ta doarp teagen. De skrik des Heare foel op it bange folk en as ien man namen se de wapens en teagen se op nei Gibea. Gjin ien tocht mear oer de Filistinen, gjin ien siet der mear oer yn hoe't it gean soe as hja fuort wiene: de nije kening rôp en hja soene gean.
Ticht by de Jordaen, op 'e selde hichte as Jabes yn Gilead, munstere Saul it folk. De boaden fan Jabes trieken foarút en brochten it blide nijs yn 'e stêd. Hja wiene wol sa wiis dat hja neat skine lieten by Nahas; hy wie der neat to goed ta en brek it fordrach en fal de stêd oan ear't de sawn dagen om wiene. Mei in somber gesicht stiene se foar him. ‘It sil wol neat wurde’, seine se, ‘mei de help fan 'e oare stammen. Moarn sille wy de poarten iepensette en ta jimme útgean, dan kinne jim ús dwaen