brea foar ûnderweis wie sa goed as op. Mar de feint liet it der net by sitte, hy taestte yn 'e gurle en der foun er yn in hoekje noch in kwartsje, it fjirde fan in sikkel sulver. As hja dat dan de profeet ris joegen? ‘Dat is in wiis wurd’, sei Saul, ‘lit ús dan nei Rama gean’. In kwartsje wie wis gjin great stik jild, mar it wie better as neat en greate stikken soe de sjenner ek net wend wêze. Hy koe net witte dat it dizze kear wol sûnder jild koe, hwant Samuël forwachte him al. De deis fan to foaren hie de Heare tsjin him sein: ‘Moarn om dizze tiid sil Ik in man út 'e stam Benjamin nei dy ta stjûre; dy silstû salvje ta foarst oer myn folk Israël en hy sil har forlosse út 'e hân fan 'e Filistinen’.
Hja hearden fan fammen dy't de stêd út wei kamen om wetter to heljen, dat Samuël yn 'e stêd wie en dat er nei de offerhichte soe, tichte by de stêd, om oan to sitten oan it offermiel. Fuort by de poarte fan 'e stêd troffen se him. En wylst hja op him takamen, sei de Heare tsjin him: ‘Dit is de man dêr't Ik dy fan sprutsen haw.’ Tagelyk wie Saul al by him en frege: ‘Kinne jo ús miskien sizze hwêr't yn dizze stêd it hûs fan 'e sjenner is?’ Samuël seach him oan en glimke: ‘Ik bin de sjenner sels. Mar ik stie ré om nei it offerfeest ta, dat op 'e hichte hâlden wurdt, dat kom nou mei my, hwant jim moatte hjoed by ús ite. En dy ezelinnen, dy't wei wiene, sit dêr mar net oer yn, hwant dy binne der al wer. Nammers, hwat bitsjutte in mannich ezels, nou't dat hwat hiele Israël bigeart foar jo en jins heite hûs is?’
Saul wist net hwat er der sa gau oan hie. Hwat woe dy sjenner dochs? Hwerom moasten se mei oan it miel yn dizze stêd dêr't gjin ien him koe? Hoe kaem it dat Samuël oer dy ezelinnen bigoun, noch ear't er der nei frege hie? En hwat bitsjutten dy lêste, wûndere wurden? Hy koe dochs net bidoele dat it keningskip foar him ornearre wie? En dimmen sei er: ‘Ik bin út 'e stam fan Benjamin, de lytste yn Israël en myn geslacht is lang it greatste net; hoe sprekke jo my dan mei sokke wurden oan?’
Mar Samuël gyng der net fierder op yn en swijend, djip yn gedachten gyng er har foar nei de offerhichte. Dus dizze man soe kening wurde fan Israël. It hie wol minder kinnen! Breed yn 'e skouders wie er, tige lang en hy roun mei linige, feariende stappen. En sa gewoan wie er, alhiel net greatsk en út 'e hichte, al hie er dan in tsjinner mei op reis. Hy soe joun noch wol mei him prate, mar hy koe it net helpe, hy mocht him nou al greach lije. En al de biswieren tsjin it keningskip, dy't er de deis fan Mispa sa breed útmetten hie, foelen by him wei. Dizze man woe er sjen oan it haed fan in leger, in gouden keningsdiadeem om 'e foarholle, it bleate swurd yn 'e brune fûst...
Yn 'e keamer, dêr't de offertafel ré stie en de tritich gasten al wachten, sette er Saul op it eareplak en de kok sette foar Saul it skouderstik del, it bêste fan it offerfleis, It koe him neat skele dat de mannen fan Rama de frjemdling mei skeane eagen oanseagen; dat moasten se hjoed sa mar nimme, letter soene se it wol better bigripe. Nei it miel gyngen Saul en syn tsjinner mei him nei hûs en dy stille joun, op it platte dak, praetten se lang en earnstich. It wie al let doe't hja har ta sliepen joegen.
De oare moarns bitiid, de dage wie noch mar amper oan 'e loft, wiene se al wer klear om fuort en lyk as it foeget foar in hege gast oer, brocht Samuël har in ein. Op it fjild, om 'e stêd, wie it stil; sa fier't hja sjen koene wie der net ien dy't har steure koe. ‘Bliuw hjir stean’, sei Samuël, ‘stjûr jins feint in ein foarút, hwant ik haw in godswurd oan jo’.
Hja wachten sa lang dat de feint har net mear forstean koe; doe naem Samuël ûnder syn mantel wei de krûk mei oalje en geat dy leech oer Saul syn holle. ‘Sa salvet de Heare jo ta kening oer syn erfdiel’. Doe sloech er de earmen om him hinne en patte him. It like wol as naem in âlde heit ôfskie fan in soan dy't er leaf hie.
Samuël bigriep wol dat it in great ding wie foar Saul, dat er kening wurde moast; to great hast om it to leauwen en dêrom joech er him in teken dat alles neikomme soe. ‘As jimme strak fierder reizgje, sille jim earst twa mânlju treffe by it grêf fan Rachel en dy sille jim fortelle dat de ezelinnen foun binne; dan sille jim by de ikebeam fan Thabor trije mannen moetsje dy't op reis binne nei de timpel to Bethel, de iene mei trije bokjes, de oare mei trije bôlen en de tredde mei in folle wynsek. Dy sille jimme sounfreegje en jo twa bôlen jaen. En ta bislút sil jim ticht by hûs in skare profeten