Haëzer, ‘Stien-fan-Gods-help’. It lei ticht by Afek, dêr't tweintich jier earder de Filistinen har slach slein hiene.
Dizze earste oerwinning op 'e Filistinen wie net mear as in lyts bigjin. Noch tiden lang hearsken de Filistinen oer Israël, oant yn letter dagen oaren it wurk fan Samuël oernamen en de wrede fijân foargoed oer de grinzen smieten.
Nei de oerwinning by Eben-Haëzer krige de rjochter Samuël noch mear to sizzen; net allinne mear yn it berchlân fan Efraïm, mar ek yn Juda rjochte er it folk. Doe't er âlder waerd koe er lykwols dy lange reizen net mear dwaen en stelde er syn beide soannen oan as rjochter yn it Suden. It die al gau bliken dat hja net op har heit liken; hja makken misbrûk fan har macht en fordrukten it folk. Foar de earmen wie der gjin rjocht en de riken kochten de beide mannen om.
Doe't dat lang sa gien wie kamen de âldsten fan it folk wer by Samuël to Mispa. ‘Sa kin it net langer’, seine se; ‘jo binne âld en jins soannen bûge it rjocht, dat jow ús in kening lyk as alle oare folken hawwe.’ Samuël wie suver forslein. Hy koe it net goedkrije dat it folk in kening frege: Israël hoegde gjin kening, it hie syn God en de wet fan Mozes, en as der gefaren drigen, koe God in rjochter jaen! En hy foun it ek net moai dat hja him en syn soannen oan 'e kant sette woene. Jierren hie er foar har wurke, dei en nacht hie er om har yn noed west, en nou dit. Hy forgeat dat syn soannen, Joël en Abia, it der nei makke hiene en dat it net tsjin him gyng. Dat hja fan him in kening fregen wie biwiis genôch dat hja heech by him opseagen.
Dat doe't er him by God biklage en sei dat in ûntankber folk him forwurpen hie, wiisde de Heare him to plak. ‘It is net wier dat hja dy forwurpen hawwe, Samuël; hja hawwe mei har tsjinst fan frjemde goaden My forwurpen, dat Ik gjin kening oer har wêze sil en dat is minder. Mar jow se nou har sin en siz dat hja in kening hawwe sille; siz it harren lykwols goed oan dat in kening ek swiere lêsten op har lizze sil en har ek fordrukke kin’.
Mei skrille kleuren tekene Samuël har it keningsrjocht. ‘Hy sil jimme soannen nimme ta syn leger en om foar him to arbeidzjen; jimme dochters om syn slavinnen to wêzen, jimme bêste stikken lân en jimme hôven, de tsienden fan jimme risping, jim keppels en jim ezels en jim sels sil er twinge ta swiere heare-tsjinst. En as jimme ien kear in kening hawwe, sil God jimme net op jim klachten antwurdzje; dan is it to let’.
Mar it folk harke net nei Samuël syn warskôging. ‘It is ús allegearre goed, mar as der earst mar in kening is, dan sille wy de frjemde folken oer kinne en de kening sil ús rjochtsje en ús oanfiere yn 'e striid en ús lân sil wer frij wurde’.
Doe liet Samuël har gean en it folk teach nei hûs, bliid dat hja nou mei gauwens in kening hawwe soene. Dat God har kening bleau, ek al soe Er har yn syn gunst har bigearten jaen, dêr tochten se net folle oer.