fan Ekron doe't ek dêr de pleagen bigounen. It waerd noch slimmer as yn 'e oare stêdden, forskate minsken stoaren en dy't it libben hâldden wiene forlegen fan 'e swolmen en jammeren it út fan pine. De âldsten fan Ekron wachten net lang en wer moasten de keningen gearkomme en in bislút nimme. De mannen fan Ekron praetten der net om hinne. ‘Hja hawwe de arke fan Israëls God by ús brocht om ús folk to deadzjen’, seine se bitter. ‘Stjûr dat ûnheilsding dochs fuort, hwant ús hiele lân giet der oan. Moatte Askelon en Gaza earst ek noch slein wurde, ear't jim it leauwe wolle? Hwant syn hân leit swier oer ús en oer ús god Dagon.’
De foarsten koene der net tsjin ynlizze; hoe spitich it ek wie, de arke moast wer nei Israël en hja fregen de preesters en de wiersizzers hwat de bêste manear wie om him werom to bringen. Dy hoegden har net lang to birieden en kamen mei in tige forstannich plan. ‘Ien fan beiden’, seine se, ‘de god fan Israël hat ús dit oandien en dan moat Er syn arke wer ha, of it binne gewoane rampen en dan soe it gjin sin ha en jow de arke oer. Wy tinke foar it neiste dat dy god ús dizze pleagen stjûrd hat, mar it bêste is en lit himsels útwizing dwaen. Dat set dy arke op in nije wein en span der twa kij foar dy't net lang lyn kealle ha en slút de keallen op yn 'e stâl; as dy bisten dan by har keallen weigean, de kant op nei Israël, dan is it dúdlik dat de Heare ús slein hat en dat Er syn arke wer ha wol. Mar mochten de kij net rinne wolle en by har keallen bliuwe, dan hat syn hân ús net rekke en sille de pleagen fansels wer oer gean. Mar tink der om, dat jim de arke net sa mar op 'e wein sette, mar doch der in skuld-offer by, oars soe syn grime op 'e nij gleon oer ús wurde. Meitsje fiif gouden mûzen en fiif gouden swolmen, neffens it tal fan ús stêdden en set dy yn in kistke njonken de arke; slach dan de kij yn en lit se frij har wegen gean. Hwant it soe gjin sin hawwe en gean noch langer tsjin dy god yn en bihurdzje jimme hert lyk as destiids de Farao dien hat. En dy moast likegoed bilies jaen, doe't de pleagen swier waerden.’
De fiif keningen harken nei de wize rie fan 'e preesters en makken alles ré. Op in moaije dei yn 'e foarsimmer stie in nije wein by de poarte fan Ekron klear op 'e wei nei Beth-Semes, de earste stêd oer de grins fan Israël. Twa kij stiene der foar en by har, op hege, knoflige poaten, stiene har keallen. Op 'e wein stie de arke ûnder de swiere kleden en dêrnjonken it kistke mei it gouden soenoffer en achter de ark, ré ta de reis, stiene de foarsten sels. Hja joegen de wink en twa tsjinners pakten de keallen en sleepten se fuort. De Filistinen wachten en rutsen de halzen. Hoe soe it nou gean?
De beide kij skodden de koppen ûnder it houten jûk en baltten om har keallen. En doe ynienen, as waerden se stjûrd, rounen se de wei op, de kant út nei Beth-Semes en hâldden, al baltende, de hearre-wei. Achter de wein, earbiedich en swijend, rounen de fiif keningen. Noait hiene se sa goed witten, de foarsten fan Filistéa, dat de Heare in great God is, as dy deis, by dy lange mars yn 'e gleone sinne oer de moudige wei. En God de Heare, dy't alles sjocht, hie Syn hege wille oan dizze frjemde optocht: twa nijmelke kij, in nije wein, it gouden offer, syn hillige arke en ta bislút fiif keningen...
Dy deis wiene alle mânlju fan Beth-Semes oan it sichtsjen yn 'e delling. Doe't hja efkes skoften om it swit út 'e eagen to feijen, seagen se op 'e wei dy frjemde stoet: in wein mei twa kij der foar en gjin fuorman en in ein der achter fiif mânlju yn keningspronk. Binijd seagen se der nei. Doe rôp ien: ‘De arke; de arke komt werom út it lân fan 'e Filistinenl Us God komt thús út it lân fan 'e fijân’. Hja smieten de sichten der hinne en gyngen de arke to-mjitte. De beide kij draeiden fan 'e wei ôf it lân fan Jozua op, in boer dy't to Beth-Semes wenne, en by in greate stien bleauwen se stean. Der wennen to Beth-Semes Leviten en dy kamen der by en tilden de arke fan 'e wein en setten him op 'e platte stien. Doe kleauwen se it hout fan 'e nije wein en offeren de beide kij de Heare ta in tank-offer. De keningen fan 'e Filistinen gyngen werom nei har lân; hja hiene har plicht dien en har hege gast oer de grinzen brocht, sa't it foarsten foeget.
Dy hiele dei wie it feest yn 'e delling fan Beth-Semes. De iene nei de oare brocht syn offer oan en ta de joun út rikken de alters. Mar doe't hja iten en dronken hiene, de mannen fan 'e stêd, waerden se oer-