fan syn soannen thússocht wurde soe, ek oan him. Hy moast der hwat oan dwaen, mar hy wist net hwat en hoe. It moast mar komme sa't God it woe; de Heare wie wiis en goed.
Op in kear kam der in godsman by Eli om him it oardiel oan to sizzen. ‘Sa seit de Heare: Is it noch net moaijernôch dat Ik jimme útkard haw út alle stammen fan Israël om by myn alter op to gean en om foar myn antlit it skouderkleed to dragen en dat Ik dyn heite hûs alle fjûroffers fan Israëls bern biskikt haw? Moatte jim nou ek noch myn slachtoffer en myn spiisoffer forskoppe en moatstû dyn beide soannen mear earje as My, dat jim jim meste mei it bêste fan al de offers fan myn folk Israël? Dêrom sprekt de Heare: Ik haw yn earder dagen sein dat dyn heite hûs oan't yn ivichheit foar My libje soe, mar nou nim Ik myn wurd werom, hwant dy't My earje sil Ik earje, mar dy't My forachtsje, sil Ik fornederje. Sjoch, de dagen komme dat Ik dyn earm en de earm fan dyn heite hûs ôfkapje sil en dat der yn dyn hûs gjin âld man mear wêze sil en de hiele oanset fan dyn hûs sil stjerre yn 'e krêft fan it libben. En dit sil it teken wêze dat dat oardiel komme sil: dyn beide soannen, Hofni en Pinehas, sille op ien en deselde dei stjerre. En letter sil Ik My in trouwe preester kieze, dy't dwaen sil lyk as it My haget; dy sil Ik in sterk hûs sette en dan sil ek dy't fan dyn geslacht noch oer is by him komme en foar him bûge en biddelje om in stikje jild en om in plasse brea. Sa sil it gean: de Heare sels hat sprutsen.’ Eli hearde it freeslik fonnis swijend oan. Démoedich bûgde er de holle, as woe er sizze: de Heare hat gelyk, it giet ek net goed mei myn soannen. It spiet him om Hofni en Pinehas, dy't er leaf hie al wiene se ek noch sa dwers en forkeard; it muoide him om it godshûs, om it alter, om de hillige ark, mar hy hie de krêft net om ta to pakken, om dy sûndige preesters to bannen út 'e timpel. Hy praette der oer mei har, mar Hy die neat en der foroare neat. Hy koe
allinne mar wachtsje op it oardiel dat ien kear komme moast as swier waer nei in gleone simmerdei...
En mei hiel syn âld, ûnwennich hert hong er oan de jonge Samuël dy't de Heare tsjinne en trou syn wurk die en dy't altyd wol nei him harkje woe. Sa gyngen de jierren foarby.
It wie al wer in hiel skoft lyn dat dy Godsman to Silo west hie. Eli wie nou al tige âld en stadichoan waerd er blyn. Hy sliepte nou yn in oare keamer en ynpleats hâldde Samuël de wacht yn 'e timpel, dêr't de lampe des Heare baernde.
Op in kear doe't Samuël lei to sliepen, klonk der in stim troch de stille keamer: ‘Samuël, Samuël!’ Fuortynienen wie er klear wekker en hastich roun er nei Eli ta. ‘Hjir bin ik al’, sei er, ‘hwant jo hawwe my roppen.’ De âld man skodholle. ‘Ik haw net roppen; jow dy mar gau wer del.’
Samuël lei noch mar krekt, doe hearde er it wer. Dizze kear wie it sa dúdlik, it miste him net, dit wie Eli dy't him rôp. Wer gyng er der daliks ôf en nei Eli ta. Mar ek dizze kear sei Eli: ‘Ik haw wier net roppen, mny jonge, jow dy mar rêstich del.’ Samuël die hwat him oplein waerd. Soe de âldman it sels net mear witte? Hie er faeks roppen yn 'e dream? Sa moast it wol wêze. Hy lei stil to wachtsjen. Doe hearde er foar de tredde kear deselde stim: ‘Samuël, Samuël!’ Hy waerd net lilk; hy tocht net: Hè, hwat in drokte yn 'e nacht, mar fuortdaliks sloech er de tekken op en gyng nei de oare keamer. ‘Hjir bin ik, hwant nou hawwe jo sa dúdlik roppen.’ De âlde Eli siet oerein op it bêd. En earnstich sei er: ‘Né, myn jonge, ik haw net roppen, mar it moat de Heare wêze, dy't mei dy prate wol. Gean hinne, jow dy wer del, en as Er wer ropt, siz dan: Sprek Heare, hwant jins tsjinstfeint harket.’
En wer lei de jonge Samuël op syn bêd. Soe de Heare nou wier in boadskip oan him hawwe? Soe er de âlde, fromme hegepreester foarby gean en ta him sprekke, in foege jonge noch mar? Doe kaem de Heare foar de fjirde kear en wer rôp Er: ‘Samuel, Samuël!’ De jonge riisde oerein en sei hiel earbiedich ‘Sprek Heare, hwant jins tsjinstfeint harket.’
De Heare spriek: ‘Sjoch, Ik bin mei hwat dwaende yn Israël, dêr't alle man dy't it heart de earen fan sûzje sille. Hwant dy deis sil 1k oer Eli komme litte alles hwat Ik tsjin syn hûs sprutsen haw, it bigjin en de ein. En Ik sil syn hûs oardielje om de