Gaza, de sterke stêd
Noch faek, yn 'e tweintich jier dat Simson as rjochter stien hie, hiene de Filistinen bisocht om him yn hannen to krijen. It wie har doel net om him fuort to deadzjen; sa maklik soe er der net ôfkomme, dy wrede Daniter. Forblynje soene se him en as de minste slaef soe er rinne yn 'e mounle. Mar hwat hja ek útfounen, hja krigen har fijân net; elke ynfal yn it lân fan Juda, elke oanslaoh op Simson roun út op skande en skea en it kaem op it lêst sa fier dat gjin ien mear in hân nei him útstekke doarst. Soms doarst er it bistean en swalkje allinne en sûnder wapens troch de doarpen fan Filistéa en nimmen wist hwat er mei dy reizen foar hie. Woe er faeks it lân bispiede en hie er plannen om mei in leger op to tsjen en de stêdden oan to fallen? Hy wie der neat to goed ta. En yn elk doarp dêr't er troch kaem, de noas yn 'e wyn en dy sawn swarte lokken yn 'e nekke, gyngen de minsken foar him út 'e weî en hâldden de bern op fan boartsjen.
Op in kear triek Simson wer dwers troch it lân fan 'e Filistinen, alhiel oan Gaza ta, dat yn it úterste Suden leit, deun by de Greate Sé. It wie, foar dy tiid alteast, in greate stêd mei hege muorren en in sterke poarte en net om 'e nocht hie it yn âlde tiden dy namme Gaza krige; de Sterke, bitsjutte dat. In moaije namme, tocht Simson, mar gjin stêd wie sa sterk dat hja him der ynhâlde koene. As er woe gyng er de stêd yn en bleau er der in nacht! Nei al dy rêstige jierren to Soareä, hie er sin oan sa'n aventûr. En dy ûnbisnienen koene him dochs neat dwaen.
Biret gyng er de poarte troch en de smelle strjitte yn. Dryst kloppe er op 'e doar fan in soarte herberch, dêr't in frou allinne wenne. Hy koe har net, mar dat wie alhiel gjin biswier, sa krekt seach dy Filistynske net; hjoed sloech se mei de iene reizger om en moarn hie se wer in oarenien. Dat hy mocht bêst in nacht by har bliuwe, dy Israëlyt mei syn lange lokken, as er mar bitelle...
De kening fan Gaza sloech de hannen yninoar doe't er hearde dat Simson yn 'e stêd wie. Hwa hie dat tinke kinnen, dat er sa ûnnoazel yn 'e fâlle rinne soe? De foksefanger fan Timna! Nou wie er sels de foks! Der moast fuortdaliks in sterke wacht nei de poarte, dan koe dy him oerfalle as er de moarns bitiid wer ôfstiek. Dat wie yn elk gefal better as dat hja him yn 'e herberch oanfoelen.
De hiele lange joun sieten de wachters yn 'e tsjustere poarte-keamer. In lange, swiere wacht soe it wurde en net ien mocht sliepe; nammers, hwa soe ek sliepe kinne mei sok in fijân yn 'e stêd? It wie nou sahwat tolve ûre. Midnacht. De ûre fan 'e kweade geasten. Hja huveren yn 'e koele nacht, mar it wie miskien net iens fan kjeld allinne.
En doe skrillen se yn-ienen op en taestten nei de wapens. Oer it poarte-plein kamen stadige, swiere stappen. Yn it ljocht fan 'e moanne seagen se him kommen. Hy roun sa rêstich as wie er yn syn eigen stêd,