De keningen praetten der net om hinne. ‘Dy Daniter dy't hjir by dy syn komst hat, is in fijân fan dyn foìk en dû moatst ús helpe om him yn 'e macht to krijen. Doch dû nou dyn bêst en bilês him en sjoch to witten to kommen, hwêr't er dy greate krêft wei hat en fortel ús dan hoe't wy him oer kinne om him to binen. It hoecht net forgees fansels: as wy him wier yn hannen krije, sille wy dv elkmis alve hûndert sikkel sulver jaen.’
Delila's donkere eagen glinsteren. Dat keningen royael bitellen, dat lei yn 'e reden, mar dat hie se noait tinke kinnen. Fiif en fyftich hûndert sulversikkels sa folle hie se noch noait byinoar sjoen, lit stean sels ryk west. It wie gjin moai wurk, in man to forrieden, dy't safolle mei har op hie mar sa'n slompe jild, dat koe men net slûpe litte. En it wie ek wier hwat de foarsten seine: hy wie de greatste fijân fan har lân. It koe gjin kwea wêze as hja him oerlevere. ‘Goed’, sei se, ‘ik sil myn bêst dwaen’.
De earste kear dat er wer by har kaem bigoun se der oer. Hoe kaem it dochs dat er har noch noait forteld hie hwêr't er dy greate krêft wei hie? It wie in geheim dat bigriep se wol, mar tusken him en har hearde gjin geheim to wêzen. Hja woe it sa graech witte; dan soe se him earst alhiel kenne, har sterke helt. Hoe koe er boun wurde dat er machteleas wie as alle oare minsken? O, hwat soe dat moai wêze as hja ien kear sterker wêze soe as de sterke Simson. Ien kear mar, dan praetten se der noait wer oer en gjin ien bûten har beiden soe der fan witte. Hja krûpte him oan en flústere: ‘Fortel my alles, Simson’.
Simson antwurde net. It kaem him yn it sin hoe't al earder in frou him frege hie nei it geheim fan syn krêft. Doe hie er swak west, mar doe gyng it ek allinne mar om in riedsel. Dit wie hwat oars. Nou gyng it om hwat tusken God en him wie, om syn nazireërskip, om syn wurk as rjochter. Dit koe er net sizze tsjin ien dy't net fan syn folk wie. ‘It kin net’, sei er earnstich. ‘Ien kear haw ik in frou to folle sein en it hat har de dea dien; de dea yn 'e flammen. Fergje my net Delila!’ Mar hja frege dochs wer. Dy oare frou wie in forriedster; it hie har eigen skuld west dat hja sa raer oan har ein kommen wie. Tocht er dat dan ek fan har? Fortroude er har dan net better? Der blonk in trien yn har donkere eagen. ‘O, Simson...’
It bigreate him, mar hy koe it net sizze. Djip yn syn hert sei in stim: Gean by har wei, Simson. It kin nou noch; der komt in tiid dan is it foar altyd to let. Dû hast ienris swak west: wês nou sterk. Hy lake syn soargen fuort. Sa slim wie it net. Hy sei it noait. Delila miende it net sa slim, mar it wie om har sels better dat hja it net wist. Hy sette in earnstich gesicht, mar yn syn eagen fûnkele de spot. ‘As hja my bounen mei sawn nije selen, dy't net fordroege wiene, dan soe ik swak wêze as oare minsken’.
Delila praette der net fierder oer. Hja bearde dat hja tige bliid wie, mar hja fortroude it mar heal. It gyng har hast to gau en to flot. Mar it moast al bisocht wurde; men koe noait witte en sawn wie op it lêst in hillich getal. Dat doe't Simson fuort wie, stjûrde se in boade nei de foarsten om sawn nije selen en om in wacht soldaten dy't se forbergje koe yn har syd-keamer, de deis dat hja him forwachte. Hja koe hast gjin tiid dwaen, sa binijd wie se, oft Simson har de wierheit sein hie of net.
Doe't er wer foar har doar stie, de stelde dei, ûntfong se him fleurich en goed; de bêste spizen diste se op en alles dat er frege joech se him. Fuort nei it miel, doe't hja to-gearre sieten sei se yn-ienen: ‘Simson, lit my dy nou bine; ik wol sjen of ik nou wier sterker bin as dy.’ Simson lake en liet him bine; hy frege net ienris hwêr't hja dy sawn farske selen wei hie. Delila die wol goed har bêst; gjin ien yn 'e wide wrâld dy't sa boun wie, koe oait wer los komme. En doe ynienen die se oft se tige kjel waerd. ‘Pas op’, rôp se bang, ‘ik hear hwat. De Filistinen oer dy Simson’, Mei in sprong stie er oerein. ‘Lit se komme’, sei er en mei ien swaei fan syn sterke earmen skuorde er de sawn selen stikken. De Filistinen dy't yn 'e oare keamer wachten, kamen net foar it Ijocht...
Delila hie it wol tocht dat er har hwat wys makke hie, mar doe't hja him dêr stean seach, sa moedich en sterk, foel it har dochs noch ôf. Noch noait hie in man har sa foar de gek hawn. Nou hie alle drokte om 'e nocht west: dy boade, dy soldaten, dy sawn selen. Mar hja liet it der net by sitte. Har dei kaem noch wol!