de soene. Sels siet er heech en droech yn syn feilige rotskleau en hja krigen de rekken thús. It wie suver syn eigen skuld dat de Filistinen him ha moasten, hwat biweegde er ek en trou ien fan har froulju?
Fuortdaliks rôpen se de mânlju op út 'e bidrige doarpen en trije tûzen man sterk gyngen se op mars om Simson op to heljen. Hy soe dochs net tsjin syn eigen folk bigjinne? En as er him al net krije litte woe, dy nuvere foksefanger, mei sa folle man wiene se him fêst wol treast. It wie wol spitich dat it moast, en in maklike reis soe it net wurde, mar it koe net oars. It wie op it lêst better dat ien man stoar as dat hiele Juda ûndergyng!
Simson forkearde noch altyd yn 'e selde rotskleau dêr't er hinne gien wie nei de moart op syn frou. Noch noait koe er der oer hinne komme hwat hja him oandien hiene. Al wie it dan syn eigen frou al net mear, dêrom koe er har noch net forjitte. Sa jong wie se noch en sa moai, en dan sa'n wrede dea to stjerren. Soms fleach it him oan en hie er oanstriid om de Filistinen to oerfallen, om noch mear fan har del to houwen as yn dy lêste fûle slach. Dan bitocht er him ek wer: hwat sin soe it hawwe? Syn frou krige er der net wer mei werom...
Op in dei seach er yn 'e fierte in kloft minsken kommen, in grize biwegende wolk fan wapens. In leger kaem op him ta. Filistinen! Twa, trije tûzen man om him allinne! Hy smiet de holle yn 'e nekke en rekte de earmen. Se mochten komme, de rekken wie noch net earlik lyk!
Doe't se tichterby kamen seach er dat it gjin Filistinen wiene, mar gewoan boerefolk dat it ark der hinne bruid hie en de wapens nommen. Mannen fan Juda! Hiene se nou dochs har nocht fan 'e fordrukking? Soe der nou dochs in ein komme oan dizze lange skande? It hert sloech him fan blidens. Nou kamen se om him to heljen, nou soene se him freegje oft er har lieder wurde woe. Sa wiene, jierren lyn, de âldsten fan Gilead by Jefta kommen; sa kaem nou hjoed Juda by him. En alle leed fan dizze lêste wiken, alle fortriet om dy deade frou, foel by him wei. In greate dei wie dit... Hy bigoun to twiveljen, doe't er seach hoe't dat machtich leger de heuvels bisette en alle wegen nei syn hoale. In mannich mânlju kamen op him ta, mannen op jierren al, wurch fan de lange mars en bûgd ûnder gâns soargen. Wiene dit nou mannen dy't sin hiene oan 'e striid en dy't har libben oer hiene foar de goede saek? En hwerom seagen se him sa frjemd oan, krekt as skammen se har?
Har earste wurd wie in forwyt. ‘Wisten jo net, Simson, dat de Filistinen oer ús hearskje? Hwerom hawwe jo ús dit dan oandien? Nou stean de binden fan 'e fijân yn ús lân; ús mânlju falle troch it swurd, ús froulju en bern geane yn slavernij, ús huzen geane yn flammen op. Moast dat nou sa?’
Simson lake forachtlik. ‘Hja hiene it fortsjinne’, sei er bitter. ‘Sa't hja my dien hawwe, sa haw ik har weromdien’.
Ien fan 'e âldsten naem it wurd. ‘Wy binne kommen om jo to binen en oer to leverjen oan 'e Filistinen. Allinne as wy jo opofferje, binne se ré om Juda to sparjen. It muoit ús dat it sa moat, mar it is better dat jo allinne stjerre, as dat ús hiele folk der oan giet’.
Simson bûgde de holle. Dus dàt wie it boadskip dat Juda oan him hie. Dêrom hiene se dus de mars nei syn hoale makke en him bisingele. Ynpleats dat hja as ien man tsjin de fijân stiene en fochten foar de frijdom, hiene se him oan 'e ûnbisnienen forkocht. Frede, frede... Dat wie it iennichste dat dit leffe folk bigearde! En hy mocht de priis bitelje mei syn bloed en syn libben! Heare, tocbt er, is dit nou jins eigen folk? Binne dit nou Israëliten, dy't foar de heidenen yn it stof krûpe en har foarman útleverje? Hy rôle de fûsten op. Soe er se ûtinoar slaen, dit leger fan Juda en troch har bisingeling brekke, de frijdom to-mjitte? Hja hiene it oan him fortsjinne, dv slave-sielen.
Mar tagelyk wist er, dat er dat noait dwaen koe. It wie dochs syn eigen folk, syn eigen flesk en bloed. Der soe net fan Simson sein wurde dat er tsjin syn lânslju focht. Dan wie it noch better dat er him oerjoech. Koe it dan Gods wollen wêze dat er him as in offerlaem slachtsje liet foar syn folk? Koe syn dea dan it bigjin fan 'e forlossing wêze, dêr't de Ingel fan sprutsen hie? Moast troch syn offerdea de moed fan dit folk wer wekke wurde?... It wie al swier Hy wie noch sa jong en it libben wie sa