Simson, de sinnesoan
Om 'e selde tiid dat de stammen oer de Jordaen yn 'e macht fan 'e Ammoniten wiene, fordrukten de Filistinen it lân fan Dan en Juda. Hja wiene fan gâns oar ras as de bern fan Israël, greater en ljochter en tige kriichshaftich en der wie gjin ien dy't de striid tsjin har oandoarst. Fiif greate stêdden hiene se yn 'e flakte tusken Juda en de sé: Asdod, Askalon, Ekron, Gath en Gaza en elke stêd hie syn eigen kening. Hja wiene út in fier lân kommen - fan it eilân Kreta miskien - en hiene har nou foargoed nei wenjen set yn dizze goede flakte; sels in Kanaänityske god, Dagon, tsjinnen se en hja leauden fêst dat dy machtiger wie as de Heare. Swier woech har hân op it bange Juda en it lytse Dan en swiere skatting moasten Israëls bern elk jier op 'e nij wer opbringe.
Mar ek nou forgeat de Heare syn folk net en ek nou wer woe Er har in forlosser biskikke. Der wenne yn it stedtsje Soareä, dat yn 'e stam fan Dan, flak by de Filistynske grins lei, in man dy't Manoach hiet. Hja tsjinnen de Heare, Manoach en syn frou, mar soms tochten se dat God har gram wie, hwant hja krigen mar noait bern. En nou't hja âlder waerden hiene se gjin hope mear.
Op in goede dei lykwols, doe't de frou allinne wie, kaem de Ingel des Heare op har ta en spriek: ‘Sjoch, dû silst in soan krije, dat nim dy nou to wocht en drink gjin wyn noch sterke drank en yt neat dat ûnrein is, hwant dat jonkje sil in nazireër Gods wêze; gjin skearmes sil oait op syn holle komme en hy sil in bigjin meitsje mei Israëls forlossing fan 'e Filistinen’.
Fansels wie de frou tige bliid mei dit godswurd en hja gyng nei hûs en forhelle alles oan har man. It wie suver hast to great en to moai, tochten se. Mei in gewoan bern hiene se al bliid west en nou soe har soan syn folk forlosse en al syn libbensdagen in nazireër wêze! Noch noait hiene se der fan heard dat soks koe. Nazireër, dat koe elk wurde dy't 'him foar in tiid de Heare wijde, mar dan hâldde it wer op en wie alles wer gewoan. Mar dit bern fan harres soe oan 'e dei fan syn dea ta gjin wyn drinke en noait mocht in skearmes op syn holle komme. It moast wol in bysûnder bern wêze, dizze soan dy't komme soe!
It spiet Manoach wol, dat hy der net by west hie doe't dy ingel spriek ta syn frou. Hja hie fansels sa bliid west, dat hja nearne oars om tocht hie, dat nou wisten se noch suver neat: net hoe't dy ingel hiet en net hoe't hja dat bern opbringe moasten. Dat hy bea de Heare oft er dyselde Godsman noch in kear stjûre woe om har to sizzen hoe't hja mei dat jonkje oan moasten. Hy wie op it lêst de man en it gyng him like goed oan as syn frou.
Sûnt dy deis wachte Manoach geduldich oft de boade út 'e himel ek by him komme soe. Yn it foar bitocht er al hwat er freegje soe, om neat to forjitten as it sa fier wie. En doe op in kear, doe't Manoach thús siet to wac'htsjen, kaem syn frou mei hasten it lân út wei en rôp: ‘Kom gau mei, hwant dyselde ingel is der wer dy't doe tsjin my sprutsen hat’. Yn tûzen hasten gyng Manoach har nei en ûnder it rinnen wei bitocht er him op syn fragen; nou mocht er neat forjitte, hwant dizze Godsman soe wis net foar de tredde kear komme.
‘Binne jo de man dy't dizze frou oansprutsen hat?’
‘Ja’, antwurde de Ingel.
En earbiedich frege Manoach: ‘As dan mei'er tiid jins wurd neikomt, hwat moatte wy dan dat jonkje dwaen en hwat sil letter syn wurk wêze?’ En wer antwurde de Ingel, mar it antwurd wie hiel oars as Manoach tocht hie. Krekt itselde dat Er tsjin syn frou sein hie, lei de Ingel nou Manoach op: dat hja neat fan 'e wynstôk ite mocht en neat dat ûnrein wie, dat hja gjin wyn noch sterke drank ha mocht, mar hoe't it mei de lytse soan moast, sei er neat fan. It wie krekt oft Er sizze woe: Ik haw de earste kear al sein hwat jim witte moatte en al it oare moatte jim oerjaen; ik sil dat bern fan jimmes ré meitsje ta syn wurk, dat hoege jim net to dwaen.
Manoach skamme him suver en doarst neat mear to freegjen. ‘Och’, sei er, ‘wachtsje dochs op my, dat ik in geitebokje rémeitsje en it Jo foarset’. De Ingel des Heare antwurde ‘Ik sil fan jimme spizen net ite, mar astû de Heare in offer bringe wolst, dan sil Ik sa lang wachtsje’.
En noch bigriep Manoach net dat er de Heare sels foar hie. ‘Hoe is jins namme dan?’, frege er, ‘dat wy Jo earje meije.