mei har trouwe en dat hja bern hawwe soe, sterke soannen, like moedich as har heit. Jefta, hie dan de âldste hite moatten, dat de namme fan har greate heit libje soe yn it lân fan Gilead, lang nei't er sels forstoarn wie. En nou dit... Gjin man soe se hawwe en gjin soan, mar stjerre soe se op it alter en har jonge lichem soe forgean yn 'e offerflam.
En dêrmei stiek se de holle omheech en fage de triennen fuort. Har heit wie in helt en hy hie syn folk forlost út 'e hân fan 'e fijân en hja wie syn dochter... Hja soe net mear skrieme en it him net swierder meitsje as it wie. Hwat lette it dat hja stjerre moast, nou't har folk forlost wie? De Heare hie in greate oerwinning jown, Hy soe it offer ha dat ta-sein wie.
Biret roun se op Jefta ta. ‘Heit’, sei se moedich, ‘as heit de mûle opdien hat ta de Heare, doch my dan lyk as heit it sein hat, hwant de Heare hat ús folsleine wraek jown oer Ammons's bern. Mar jow my dan noch twa moanne de tiid, dat ik hinnegean nei de bergen en myn jongfammesteat biskriem, ik en myn freondinnen.’
En sa triek de dochter fan Jefta de bergen yn en skriemde om har jonge libben en omdat se noait in soan hawwe soe en omdat it geslacht fan har heit nou foar altyd ûndergean soe en syn namme net mear libje yn 'e boeken fan syn folk. Doe't de twa moanne om wiene kaem se werom en naem har heit har en offere har de Heare ta in brânoffer.
Sûnt dy bittere dei hat de rjochter Jefta gjin wille mear hawn yn syn libben. Hy hie it leafste dat er hie, syn iennichst dochter, de Heare jown en it is in great ding om de Heare sà leaf to hawwen en safolle foar Him oer to hawwen, mar dit offer wie dochs net goed yn des Heare eagen. Yn in tiid dat Israël altyd wer syn God forgeat en syn biloften briek, hie Jefta hâlden hwat er tasein hie ek al wie it ûnminsklik swier, mar krekt dizze bilofte hie er net dwaen mocht. Allinne om't er safolle jierren yn 'e frjemdte west hie en om't er libbe yn sa'n wylde, wrede tiid, koe er sa djip falle. ‘Yn dy dagen wie der gjin kening yn Israël en elk die, dat goed yn syn eagen wie...’
Net lang nei it offer fan Jefta's dochter rekke de rjochter fan Gilead op 'e nij yn in oarloch, mar dizze kear gyng it net tsjin de heidenen mar tsjin ien fan Israëls stammen.
De mannen fan Efraïm, dy't net komme woene doe't Jefta har rôp, koene it nou net forkropje dat er sûnder har de fijân forslein hie en dat er nou hearske oer it lân oan 'e oare kant de Jordaen. Lyk as hja destiids tsjin Gideon opsprutsen hiene, stjûrden se nou boaden nei Jefta ta, dy't seine: ‘Hwerom bistû trochtein om to striden tsjin Ammons bern en hastû ús net roppen om mei dy to gean? Wy sille dy en dyn hûs forbaerne mei fjûr.’
Jefta wie sa geduldich net as Gideon en hy tsjinne de boaden fuortdaliks fan antwurd. ‘It is net wier’, sei er, ‘dat ik jim net mei ha woe; ik haw jim frege, mar doe't jim net kamen haw ik myn libben weage en bin trochtein nei Ammons bern; en de Heare hat har yn myn hân jown. Dat hwerom komme jim nou om tsjin my to striden’?
De Efraïmiten woene net nei Jefta harkje. Mei in great leger trieken se oer de Jordaen en foelen op him oan, mar hja forlearen de slach en it hiele leger flechte nei de Jordaen. Mar dêr stiene de mannen fan Gilead al op har to wachtsjen. En elke kear as der in flechtling pakt waerd en sei, dat er gjin Efraïmyt wie, Iieten se him it wurd ‘sjibbóleth’ sizze. It wie in gewoan wurd dat ‘stream’ bitsjutte, mar de mannen fan Efraïm koene it net goed útsprekke en seine ynpleats: ‘sibbóleth’. En elken-ien dy't dat sei waerd troch de mannen fan Jefta deaslein. Sa foelen der tûzenen, dy deis. En it wie Jefta syn skuld net, mar de Efraïmiten hiene it sels sa wollen. Sa waerd de greatske stam van Efraïm fomedere en kaem der wer frede yn it lân.
Seis jier hat Jefta mar mear libbe en rjochter yn Gilead west; doe stoar er en waerd bigroeven yn ien fan 'e stêdden dy't er forlost hie út 'e macht fan 'e fijân. It folk fan Israël hat syn namme net fortgetten en noch lange jierren neitiid wie it wenst dat de jongfammen ien kear yn it jier de bergen yngyngen om roulieten so sjongen oer syn dochter.