wêze dat it âlde Sichem, de stêd dy't krekt yn it midden fan it lân lei, keningsstêd waerd en hwa koene se dan better ta kening salvje as in soan fan 'e greate rjochter Gideon, dy't tagelyk har omkesizzer wie? Fansels hie Gideon noch folle mear soannen, mar men koe better ien kening oer jins stêd ha as sawntich en bûtendat, sokke bêste wiene it ek al net. Hja hiene him ek altyd al min bihannele, dat miskien wie it mar it bêste dat er har earst fan kant makke, dan koe der to-minsten letter gjin striid mear komme oer hwa't it keningsskip takaem...
It woe de mannen wol oan, in omkesizzer op 'e keningstroan en op in goede dei praetten se der oer mei de âldsten fan 'e stêd. Dy fielden fuort-daliks foar it plan: it soe in hege eare wêze foar Sichem en hwa wit koe it letter net de haedstêd fan it lân wurde. Dat Abimelech fan doel wie om al syn bruorren to formoardzjen, founen se net slim; dat barde yn oare lannen ek wol. Sawntich wie wol in hiel getal, mar hwat die Gideon ek mei sa'n heap froulju?
Dat hja achten ienriedich dat it altyd oangean moast en út 'e timpelskat fan Baäl-Berith namen se sawntich sikkels sulver en joegen dat oan Abimelech. Dy hierde dêr in binde soldaten foar, ûnforskillige wrede keardels, dy't om God noch syn gebot hwat joegen en op in nacht triek er dêr mei nei Ofra en helle de sawntich soannen fan Gideon op. Allinne de jongste. Jotham, krigen se net. Hja namen de mannen mei bûten de stêd en by in greate stien slachte Abimelech se mei eigen hân, krekt as wiene it bisten by in great offerfeest. Hy die it sels, hwant syn soldaten koene se sa goed net en hy woe wis wêze, dat der net ien ûntkaem. It wie al slimmernôch, dat er dy jongste net krije koe.
En sa, mei it bloed fan syn eigen bruorren oan 'e bûnte mantel, triek Abimelech Sichem yn en sa waerd hy, de moardner fan syn heite soannen, salve ta kening ûnder de ike-beam fan 'e wijstien, dy't ticht by de poarte wie. It wie deselde beam dêr't Jozua ûnder stien hie, doe't er it forboun mei de Heare fornijde en doe't er dy wurden spriek ‘Ik en myn hûs, wy sille de Heare tsjinje...’ En nou salven se by dy wijde beam dizze wrede moardner ta kening en yn Sichem stie de timpel fan Baäl-Berith, de Baäl-fan-it-forboun. Wol fier wie it hinne mei it folk des Heare!
De lju fan Sichem wiene tige bliid mei har nije kening. Nou wie Sichem sa mar in keningsstêd wurden, en hwat in eare wie dat net en hwat in rykdom soe dat jaen! Dat hja hâldden in great en fleurich feest, dy deis en brochten offers en dounsen har wille út. En by sok in offer hearde fansels in offermiel en Abimelech, de gouden kroan op it swarte hier, siet oan 'e ein fan 'e lange tafel en njonken him sieten de bruorren fan syn mem. Der waerd neat sparre ta dit blide feest, der wie folop fleis en de romte fan wyn; noch noait suver hiene se to Sichem sa'n great feest hawn, dêr soarge de nije kening wol foar. En úten-troch riisde ien fan 'e âldsten oerein en priizge Abimelech...
Mar let op 'e middei, doe't it feest noch lang net ôfroun wie, kaem der in sprekker, dy't net bean wie. Dy siet net mei oan 'e lange tafel, mar dy stie boppe it dounsjend folk op in punt fan 'e berch Gerizim. Hy hie de lange mantel opnommen, dizze frjemde sprekker, en de mulriem om en wylst er spriek seach er alle kanten út, dat net ien fan Abimelech syn hierde moardners him bislûpe soe. It wie Jotham, de iene soan fan Gideon dy't ûntkommen wie. O, hwat haette er dy wrede kening, dy't der siet oan 'e feest-tafel; hwat soe er him graech de skerpe dolk yn it hert stekke wolle, mar dat koe nou ienris net. Mei de wapens koe er neat bigjinne, dat wist Jotham wol, mar soms is de tonge ek in wapen en bytiden binne wurden deadliker as messen.
‘Harkje nei my, jim mannen fan Sichem’, rôp er, ‘en God sil nei jimme harkje.’ Forheard bleauwen de dounsers stean en de musyk foel stil. En wer sette de jonge Jotham it lûd út.
‘De beammen gyngen der op út om in kening oer har to salvjen. Earst fregen se de olivebeam oft dy net kening wurde woe. Mar de olivebeam hie gjin oanstriid fan keningseare en sei ‘Soe ik myn fetlikens opjaen, dy't God en minsken oan my earje en soe ik hinnegean om to sweven oer de beammen?’
Doe gyngen alle beammen nei de figebeam en seine: ‘Kom, wês dû kening oer ús!’ Mar de figebeam skodde syn machtige krún en sei: ‘Soe ik myn swietichheit for-