kamp op 'e berch leine tsien tûzen man. It wie in wûnder, nei al dy jierren fan fordrukking en it like hast, as hiene se der op wachte, dat Bara,k har roppe soe.
Sadré't Sisera, de kriichsoerste fan 'e Kanaäniten, hearde dat Barak in leger byinoar hie op 'e Tabor, rôp er syn eigen leger op en triek oer de flakte fan Jizreël nei de Tabor ta. Al syn soldaten naem er mei en al syn hynder-en-weinen en mei de hiele mannemacht triek er oer de beek Kison. Bytiden, as it tige reind hie, wie de Kison in wylde stream en wie it net maklik om der mei hynders en weinen troch, mar nou, yn 'e droege simmer, wie it in smelle ûndjippe beek. Ûnder oan 'e berch stelde Sisera syn leger op. Fansels koe er mei syn weinen de berch net op, mar ien kear moast dy Barak nei ûnderen komme en dan soe er dat boere-leger fordylgje. En nei de 81ach, as de oerwinning bihelle wie en it leger fan Barak forplettere, dan soene se Naftali en Sebulon straffe foar dizze drysse opstân: de doarpen soene se forbaerne en de keppels rôvje en de froulju fan Israël soene se nimme ta slavinnen. Dan soene alle stammen witte, hwa't Sisera wie, de kriichshelt fan Kanaän - Ja, hy mocht komme, dy Barak, as er doarst!
It wie op in iere moarn, dat de profetesse Deboara in Godswurd krige en it oan Barak troch joech: ‘Jow dy op, hwant dit is de dei, dat de Heare Sisera yn dyn hân jown hat. Sjoch, de Heare sels sil foar dyn antlit útgean.’
Doe joech Barak syn mannen bifel en yn 'e ljochte moarn risten se har ta de oanfal rê. Mar noch ear't se klear stiene, yn lange rigen, de bleate wapens yn 'e fûst, biroun de Ioft. Oer de bergen hinne kaem in ûnwaersbui op en dreau de kant út nei de flakte, dêr't it leger fan Sisera lei. ‘De Heare sil foar dyn leger útgean,’ hie Deboara sein. Hwa soe noch bang wêze, nou't God sels yn fjûr en tonger de fijân tomjitte triek? Doe gyngen op 'e berch de bazunen en bliezen ta de oanfal en de mannen fan Barak stoarmen nei ûnderen ta. Al wylder en wylder gyng it, der wie gjin hâlden oan en as in lawine foelen se oer de Kanaäniten hinne. De skrille hynders waerden kjel en sloegen op 'e rin en it waerd in wylde panyk. It duorre net lang; doe wie de legermacht fan Sisera op 'e flecht, en boppe it daverjen fan weinen en hynders knettere de tonger. De mannen fan Israël koene net bybliuwe en it like wol as soe de fijân har ûntkomme.
Mar doe wie de bui flak boppe it flechtsjend leger en sa mar ynienen foel de stjelprein del. It wie oft de sé oer it lân gyng en de droege groun koe it sa gau net forswolgje. Op plakken stie de flakte blank en dêr't earst de moude yn wolken omheech gyng, rieden nou de swiere weinen fêst yn it sûgjend slyk. Mei greate muoite kaem it diel fan 'e weinen by de Kisonbeek. Mar ynplaets fan in smelle, kalme beek, like de Kison wol in wylde berchstream. Hja moasten der troch, hwant achter har kaem Barak mei syn leger, mar weinen en hynders waerden meisleept en Sisera syn helten fordronken. En oan-ien-wei droane de tonger en rûze de rein en klettere de hagel op it faeije leger del. Dy't net omkamen troch it ûnwaer, waerden delhoud troch de Israëliten.
Barak sels wie mei foar-oan. Hja founen de wein fan Sisera, fêstriden yn 'e weake groun, mar de fjildhear sels wie der net mear by. Dus hy wie rinnende flechte. Hwat in skande foar sok in kriichshelt! Hwêr soe er keard wêze? En dat wurd fan Deboara keam Barak wer yn it sin: ‘De Heare sil Sisera forkeapje yn 'e hân fan in frou’. Hy rôp in mannich fan syn mannen en gyng werom om Sirera to sykjen. Hy woe witte, hwa't de frou wie, dy't syn fijân deadzje soe.
Net sa fier fan it slachfjild ôf hie in Kenite-stam de tinten opset. It wie in hiel apart folkje en hja wiene gjin Israëliten, al wiene se doedestiids mei Israël nei Kanaän tein. En krekt as yn 'e âlde tiid, doe't har âffears yn 'e woastine forkearden, wennen se ek nou noch yn tinten. Hja soene it net úthâlde kinne yn in stiennen hûs, dizze frije nomade-stam; hja moasten de tinten ris wer oprôlje kinne en earne oars hinne swalkje.
Yn dizze oarloch tusken de Kanaäniten en Israël diene se net mei; hja holpen gjin ien fan beide partijen en nimmen foel har lestich. Nei dit tintedoarp flechte Sisera. Gjin-ien soe him sykje by dy Keniten, dy't ommers net yn oarloch wiene. It wie wol net sa't it hearde, hwant de Keniten woene frij bliuwe en net ien partij bigunstigje,