syn folk, it gyng om 'e eare fan Israëls God. Hy leaude ek fêst dat it him slagje soe. En as it al oars út kaem, as hy by dy dryste oanslach stjerre soe, dan wie de dea altyd noch better as dizze skande. Achttjin jier ûnder Eglon - mar dit waerd de lêste reis.
To-mûk makke er alles klear foar de oanslach. Hy naem in lange dolk en slipe dy oan beide kanten; dat deadlik wapen gaspe er, ûnder de klean, op 'e rjochterheup. It kaem goed út dat er lofts wie, lyk as mear lju fan syn stam; net ien soe der erch yn hawwe as er by de kening de lofterhân ûnder de mantel hie. Hja hiene in goede reis mei de machtige keppel en de lange rige dragers en doe't alles oer wie, gie er gewoan mei de oaren fuort. Strak soe er weromkomme en allinne syn slach slaen.
Hy brocht syn maten oan 'e goadebylden by Gilgal ta en troch de wachtpost fan 'e Moabiten. Doe sei er, dat hja sûnder him mar fierder gean moasten, hwant dat er noch hwat mei de kening to bipraten hie. It wie yn 'e middei doe't er foar de twadde kear by it hûs fan 'e kening kaem. Eglon siet net mear yn 'e wide keningsseal, mar boppe yn 'e dakkeamer. Dêr siet er middeis faek as it hyt wie yn 'e djippe delling fan 'e Jordaen en yn 'e broeiske strjitten fan 'e palmstêd. In pear fan syn tsjinners wiene by him.
De wachten, dy't Ehud lang al koene fan syn reizen mei de skatting, lieten him daliks troch en wiisden him nei de brede trep. Gjin ien hie erch yn it wapen dat er ûnder de mantel droech. Hy roun rêstich nei boppen; net ien seach him oan dat er hwat fan doel wie. Op it dak, in ein fan 'e keamer ôf dêr't de kening siet, bleau er earbiedich stean. Eglon knikte, dat er sprekke mocht.
‘Ik haw jo allinne hwat to sizzen, o kening.’
De kening wonk en al de tsjinners gyngen de keamer út en de trep ôf nei ûnderen ta. Biret kaem Ehud nei foaren. Nou stie er flak foar syn fijân. Stil siet er dêr, de kening, machtich en swier en fan syn hymjen tilde de bûnte mantel. Hy moat oerein tocht Ehud, sa kin ik him noait goed reitsje.
Hy bûgde en spriek: ‘Ik haw in wurd fan God oan jo.’
De kening suchte. Nou moast er ek noch oerein yn 'e hitens. Hwant sels in kening kin net sitten bliuwe as er in boadskip kriget fan in god. Hy klamme de hannen om 'e leuning fan 'e stoel en hyste himsels omheech. Hwerom sei dy Israëlyt nou neat? Hwerom taeste er mei de lofterhân ûnder de mantel? Hie er in brief miskien, dat er foarlêze moast? En doe seach er it. Ehud skuorde it mes út 'e skie en stiek it mei alle macht yn it grouwe liif fan 'e kening. Hy seach him fallen. Eglon hie net ienris tiid mear to roppen...
Ehud roun nei de doar fan 'e keamer. Syn hert bounze fan wylde blidens, mar hy moast kalm bliuwe, oars soe alles noch mislearje. Hy die de doar ticht en yn it slot en gyng koelbloedich de treppen ôf. De wacht by de poarte liet him troch en al de strjitten troch twong er himsels om stadich to rinnen. Earst doe't er in ein bûten de poarte fan 'e stêd wie sette er de hannen yn 'e side. Troch de gleone middei roun er, sa't er noch noait yn syn libben roun hie..
Yn it keningshûs wachten de tsjinners earbiedich, dat har hear har roppe soe. It joech gjin foech dat hja sûnder freegjen yn 'e keamer kamen. Miskien hie er to waerm west, of mûglik tocht er nei oer it boadskip fan dy Benjaminyt. Dy hie sa faek de skatting al mei brocht, miskien dat er nou in gunst frege hie.
De tiid gyng stadich foarby. De slimste gleonens fan 'e middei wie al oer en noch rôp de kening net. Op it lêst doarsten se net mear to wachtsjen. Mei in machtige houten kaei draeiden se de doar los. Earbiedich stoepen se oer de drompel. Doe seagen se it. Foar de hege stoel lei de kening dea. It wie allegearre bloed. Dy Israëlyt! Wyld sprongen se de treppen del en sloegen alarm. Mar Ehud, de soan fan Gera, wie ûntkommen en gjin soldaet fan Moab koe him mear ynhelje.
En wylst de boaden op reis gyngen nei Moab en alles yn Jericho yn opskuor wie, rôp Ehud yn Benjamin en Efraïm syn folk op ta de striid. Hja kamen út alle haest en yn in wylde stoarmrin namen se Jericho yn. It hiele leger fan Moab flechte nei de Jordaen. Mar by it iennichste plak dêr't se der troch koene, stiene de mannen fan Efraïm al klear en houden se del. Fan al