sjen oft der noch earne in gaedlik plak wie om to wenjen. It moast goed lân wêze, mei romte foar altyd seis hûndert húsgesinnen en as der al minsken wennen, dat hindere neat, dêr wisten se wol rie op. It kaem der ek neat op oan oft it by it rjochtsgebiet fan in oare stam hearde; to freegjen hoegden se gjinien, as it lân mar rom en de groun mar fruchtber wie.
De fiif jonge mannen, dryste keardels, dy't der net folle omjoegen, setten de stap der yn en kamen op 'e lange reis ek by it hus fan Micha lâns. Hja gyngen der oan en fregen oft hja de nachts oerbliuwe mochten. Micha foun it goed: hy joech har iten en ûnderdak en de oare moarns bitiid makken se har ré om wer fierder to gean.
Wylst hja op 'e poarte tarounen - Micha hie in muorre om it hiem, mei in brede poarte der yn - hearden se yn in keamer de Levyt, dy't lûd-op oan it bidden wie. Forheard bleauwen se stean en harken. Doe gyngen se bretael it godshûs yn en rôpen de Levyt.
‘Hwat hawwe jo hjir to meitsjen?’ fregen se, ‘en hwat dogge jo hjir?’
De Levyt fortelde dat Micha him as preester woun hie en liet har alles sjen: it godshûs, de efod, de tearafim en fansels it getten byld dat Micha syn mem meitsje litten hie. De fiif Daniten seagen elkoar ris oan en allegearre tochten se itselde: dat wie wol hwat foar ús, as wy skielk forhúzje moatte. Sa'n preester en sa'n prachtich byld, dat soe fêst gelok oanbringe, tominsten as it in goed preester wie, ien dy't syn fak forstie. Mar dat koene se gauwernôch gewaer wurdel
En freonlik fregen se: ‘As jo dôch in preester binne en in efod hawwe, freegje God dan foar ús, oft wy in goede reis ha sille en oft wy ta ús doel komme of net.’ Der waerd in offer brocht en de Levyt sloech de prachtige mantel om. ‘Gean yn frede’, sei er plechtich, ‘de wei dy't jimme gean sille is foar de Heare.’ De Daniten bitellen hwat se yn 'e skuld wiene en gyngen har wegen. En doe't hja goed en wol bûten de poarte wiene, seine se tsjin elkoar: ‘As it ien kear sa fier is en wy forhûzje, dan nimme wy dy preester en syn byld en syn efod mei. It soe skande wêze, dat dizze iene boer in godshûs hat en in heale stam hat neat.’ Micha soe it wol net moai fine, mar hwat koe har dy boer út Efraïm skele?
De fiif mannen reizgen gâns in ein it Noarden yn en kamen op it lêst to Laïs, in stedtsje dat by it gebiet fan Naftali hearde, mar dêr't noch altyd Kanaäniten wennen. Hja bleauwen der in skoftsje en joegen har eagen goed de kost: de lju fan Lais libben rêstich en ûnbisoarge, hja bimuoiden har mei gjin ien en hiene ek fan nimmen help to wachtsjen. It soe tige maklik wêze om dizze stêd to oerfallen, de biwenners út to roegjen en har lân yn bisit to nimmen.
Dat doe't de fiif bispieders werom kamen yn Dan, seine se tsjin 'e âldsten dy't har útstjûrd hiene. ‘Oerein! Lit ús optsjen en dy stêd oerfalle, hwant it lân is tige goed en it folk is ûnbisoarge en wy hawwe der de romte, fier en hein! Kom, wês net sleau, hwant God hat it yn ús hannen jown, in oarde dêr't it oan neat op ierde ûntbrekt.’ En hja forhellen fan de preester yn it hûs fan Micha, dy't har yn it foar al sein hie, dat hja in goede reis ha soene en it wie krekt sa útkommen! Dat as hja optrieken nei Laïs en dy preester en dat byld meinamen, dan soe it har wis goed gean...
Net lang dêrnei teagen út Soara en Estaöl, twa stêdden yn it berchlân fan Dan, seishûndert wapene mannen op, mei in hiel gefolch fan bern en froulju en mei alle fé en have. De fiif jonge mannen dy't nei Laïs west hiene, trieken foarop en wiisden de wei. Doe't by hja it hûs fan Micha kamen, gyngen se it godshûs yn en fregen de Levyt hoe't it mei him wie. Hja fortelden, dat se in goede reis hawn hiene, doe, en dat it dan nou sa fier wie dat hja nei Laïs soene. De preester gyng daliks nei bûten. Der barde net folle yn dit stille doarpke yn 'e bergen en hy woe wol ris prate mei al dy Daniten, dêr by de poarte.
Hy hie noch mar krekt de hakken bûten de doar, of de fiif mannen bigounen it godshûs leech to stellen: hja pakten de lytse tearafim yn, de djûre mantel en it getten byld. Doe gyngen se wer nei bûten, de poarte út, dêr't de preester rêstich to praten stie mei de wapene mannen fan Dan. Hy wist net hwat er seach en binijd frege er: ‘Hwat dogge jim nou?’