den, Hy wol foar syn folk de Iene wêze en dy't de nammen fan 'e goaden neamt njonken sines, is him al ûntrou.
It wie fansels net sa, dat hiel it folk fan Israël har sa gau al mei de Baäls ôfjoech; it wiene noch mar inkelden, mar it wie dochs wol goed, dat Jozua it folk oprôp, om har noch ien kear to warskôgjen. Hja kamen trou op, de âldsten en de foarmannen, mar ek in greate mannichte gewoane minsken: suver elk dy't de reis dwaen koe en it oan tiid hie, makke de reis nei Sichem. Hja kamen alhiel út it Suderlân fan Juda en út de noarderbergen; hja kamen fan de sékant en út it East-Jordaenlân wei en yn tiden hiene se net sa goed field dat hja byinoar hearden en ien folk wiene.
Earnstich harken se nei de wurden fan Jozua. Hy wiisde der har jitris op, dat de Heare har dit goede lân jown hie en dat hja troch syn goede ginst allinne de Kanaaniten forslein hiene. Mar hy sei ek, dat dat wurk noch lang net ôfroun wie en dat hja se allegearre útroegje moasten. ‘Haw gjin omgong mei dat ûnbillich folk, dat yn jim lân noch oer is; únthâld de nammen fan har goaden net en swar der net by en bûch jimme der net foar. Wês net bang, hwant de Heare is great en sil jim helpe: ien fan jimme sil tûzen fijannen jeije, as jim mar op him bitrouwe. Mar as jim net dogge hwat Hy jim oplein hat en as jim de heidenen net útsuverje út jimme lân, dan sil Er jim net mear helpe en al dy frjemde folken, dy't jim yn it libben sparre ha, sille jim wurde ta in strik en ta in net, en ta in gisel yn jimme siden en ta toarnen yn jim eagen, krekt sa lang oan't jim ûndergean yn dit lân, dat de Heare jim jown hat.’ En oan 'e ein fan syn rede stelde er har wer de seine foar en de flok; de seine as hja de wet des Heare hâldden, de swiere flok as hja God forgeaten en him ûntrou waerden. ‘En lit ús nou’, sei er, ‘it forboun mei de Heare fornije en Him jitris de trou belove.’
It waerd in greate dei dêr yn Sichem, doe't Jozua alle âldsten en haden en rjochters by it alter rôp om jitris yn it forboun to gean mei de Heare, har God. Heech stie er dêr boppe it folk, de grize profeet, en yn machtige wurden rôp er har op ta de tsjinst fan God. Hy bigoun by Abraham wei en forhelle hoe't de Heare him roppen hie út in sûndich folk: syn eigen heit, Tearach, hie oan 'e oare kant de rivier de goaden tsjinne. Mar Abraham hie de Heare trou tsjinne en God hie him seinge en him makke ta in great folk. Dat folk wiene hjasels, Gods eigen, iene folk en nou hie de Heare har in lân jown, dêr't hja net oan arbeide hiene, en stêdden dy't hja net boud hiene en wynbergen en olivebeammen dy't hja net plante hiene. ‘Nou dan,’ rôp er mei útset lûd, ‘freezje de Heare en tsjinje him en jow jim net wer ta de tsjinst fan 'e goaden dy't jimme âffears oan 'e oare kant de Rivier tsjinne hawwe en tsjinje ek de Baäls fan dit lân net. Mar, as it kwea yn jim eagen is, om de Heare to tsjinjen, doch dan hjoed de kar en siz it dan, mar hwat my en myn hûs oanbilanget, wy sille de Heare tsjinje!’
De mannen fan Israël hoegden har net lang to birieden: de wurden fan de âlde, grize kriichshelt taestten har djip yn it moed, Sa hiene se him noch noait sprekken heard, sa like er op de Mozes, dêr't de âlden fan fortelden, sa wie er har mear as in moedich soldaet, mear as in lieder en foarman, sa wie er har in Godsman en in great profeet. En mei djippe earbied antwurden se: ‘Wy sille de Heare ús God noait forlitte, mar wy sille him tsjinje, hwant Hy is ús God!’ Noch ien kear naem de âlde profeet it wurd. ‘It is net maklik om de Heare to tsjinjen; Hy wol net lije dat jim Him tsjinje en de ûngoaden: al jim offers wol Er ha, al jim eare en it hiele hert. Dat ik nim jim ta tsjûgen tsjin jim sels, dat jim hjoed de Heare keazen hawwe, om him altyd to tsjinjen.’ Doe gyngen al dy hannen omheech en al dy mûlen seine, yn in machtich sprekkoar: ‘Wy binne tsjûge!’
Doe liet Jozua de âldsten by it alter komme en mei in offer waerd it bisegele. In greate stien waerd ta in teken opset, dat dizze greate dei net yn it forjitboek komme soe. En dêrmei gyngen se har wegen, de âldsten en de rjochters en al it folk en brochten it nijs fan it forboun yn alle doarpen en stêdden fan it lân.
Net lang nei dizze greate dei stoar Jozua en waerd bigroeven to Timnath-Searach, yn it berchlân fan Efrïm. En dêrmei bigoun der foar it folk fan Israël in nije tiid. Mozes wie der al lang net mear en nou moasten se Jozua ek noch misse; nou wie der gjin lieder mear dy't foar har útteach yn