De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 157]
| |
gen nou it swurk driuwen en waerden it sa mar iens. Fiif keningen gyngen meiïnoar yn it boun en trieken op nei Gibeon: earst soene se dy ôffallige stêd tuchtigje en dan soene se ôfrekkenje mei Israël en Jozua. Mar sa fier kaem it net. Noch foar't hja de stêd ynnommen hiene, foel Jozua mei it hiele leger op har oan en forsloech se. It roun út op in wylde flecht, in smelle berchpas lâns en doe't it like dat hja it slimste hawn hiene en dat de measten it libben der ôfrêdde soene, briek der in skriklike tongerbui los mei hagel en wjerljocht. Op 'e skeane heuvelkling by Beth-Horon foelen der mear troch de hagel as troch it swurd fan Israëls mannen. Doe't Jozua seach dat de flechtsjende fijân him hast noch ûntkomme soe, fjurre er op 'e nij syn mannen oan. Hja mochten net ûntkomme, dy Kanaäniten; hja moasten de kâns net krije om jitris yn 'e oanfal to gean; de Heare, dy't stried foar syn folk mei hagel en tonger, moast him helpe! En mei stiek Jozua de hân omheech nei de himel en rôp: ‘Sinne, bliuw stean to Gibeon, en dû, moanne, yn 'e delling fan Ajalon!’ En ek nou hearde de Heare nei it gebet fan syn trouwe tsjintsfeint: de sinne bleau stean en de dei duorre langer as gewoan: in great tal Kanaäniten dy't al har hope set hiene op 'e joun en it tsjuster, foelen noch troch it swurd op dy lange, einleaze middei. Sels de fiif keningen koene net ûntkomme en stoaren in wrede dea. Nei dizze greate oerwinning lei it Súdlik diel fan Kanaän foar Israël iepen en foel stêd nei stêd it folk yn hannen. It hiele berchlân waerd biset en allinne de stêdden yn 'e flakte, deun by de sé, namen se net yn. Dat moast fansels letter noch al, mar earst moasten se it noarden yn, dêr't in great tal stêdden har ré risten ta de striid. It wie in machtich leger mei weinen en hynders, dat de tinten opsloech by de boarnen fan Merom. Hja hiene har moed wol, dat hja Israël oer koene: alderearst al wiene se folle machtiger as de fiif keningen út it súden, en dan, hwat soe dat folk út Egypte bigjinne tsjin al dy izeren weinen en dy wylde hynders? Mar hja krigen de kâns net ienris om har wapenreau to brûken: ear't hja der erch yn hiene foel Jozua har legerkamp oan en yn ien wylde stoarm sloech er it hiele leger útinoar. In great tal Kanaäniten foel yn 'e striid en alle hynder-en-weinen foelen de Israëliten yn hannen. Hja mochten se net hâlde: de weinen waerden forbaernd en alle hynders makken se dea. It duorre noch gâns in skoft ear't ek yn it noarden alle stêdden ynnommen wiene en slein mei de ban. Mar ienris kaem it dochs sa fier, dat ek dêrre alle stêdden yn 'e bergen fallen wiene en dat mar allinne inkelde fêstingen yn 'e flakte noch yn 'e macht wiene fan 'e heidenen.
Dat nou waerd it tiid om it lân to fordielen en elke stam syn wenplak ta to wizen. It wie al bisletten dat Ruben, Gad en de heale stam fan Manasse it lân oan 'e oare kant de Jordaen hawwe soene, mar ek de oare stammen lotten nou, elk om syn plak yn it biloofde lân. Alhiel yn it noarden kamen Aser, Sebulon, Naftali en Issaskar to wenjen; de sterke stam fan Efraim krige it midden en de oare heale stam fan Manasse krige it gebiet by de Karmelbergen. It súdlik heuvellân kaem oan Juda en noard en súd fan Juda setten de stam fan Dan en Simeon har nei wenjen. Der wie ien stam dy't net meilotte en dus net in eigen gebiet krige: de stam fan Levi. Om't Levi de preesterstam wie en om't alle Leviten bysûnder ta de tsjinst fan 'e tabernakel wijd wiene, kamen hja it hiele lân oer to wenjen, yn 'e stêdden fan alle oare stammen. Hja moasten it folk ûnderrjochtsje en it de wet en de ynsettingen des Heare leare. Fan 'e Levite-stêdden waerden der seis ta ‘frij-stêd’ oanwiisd; nei ien fan dy seis stêdden mocht alleman yn Israël flechtsje as er, sûnder opsetsin, in minske deade hie. Wie er ienris yn 'e frijstêd, dan mocht gjin-ien him mear hwat dwaen. Fansels hie in moardner, dy't willemoeds de neiste oan it libben kaem, dat rjocht net: dy moast yn elk gefal troch de famylje fan 'e forsleine deade wurde, om sa de bloedskuld wei to nimmen en Gods wraek to kearen. En sa hie dan nou elke stam syn eigen plak en koene de âldsten it lân fordiele ûnder de famyljes en de húsgesinnen. Nou wie dan de lange reis fan Egypte en de Sinaï nei it biloofde lân folbrocht; nou wie it swalkjen dien en it heukerjen yn tinten; nou hie elk syn eigen hoekje bou en weide foar de bisten; nou boude elk in eigen hûs. | |
[pagina 158]
| |
Nei fjirtich lange, swiere jierren, wiene se dan nou thús. It wie noch wol net sa't it wêze moast: noch sieten de Kanaäniten yn 'e stêdden fan 'e flakte en noch wiene alle heidenen net slein mei de ban, mar dat soe mei 'er tiid noch wol komme. Fuort doe't it lân fordield waerd, hie Jozua it har jitris oplein, dat it sa net bliuwe koe. Hja mochten dy heidenen net libje litte yn des Heare lân; yn it lân dat Hy har ta-makke hie wie allinne plak foar syn hillich folk. Gjin alters mochten der mear rikje foar de ûnreine goaden yn it lân, dêr't syn gouden bouns-ark stie. Elke stam moast de Kanaaniten fordylgje dy't op har groun noch oerbleaun wiene. Fansels biloofden se it allegearre: yn dizze earste greate blidens woene se alles wol bilove. Mar it hie fansels ek gjin haest, mienden se. Al dy Kanaäniten hâlden har ommers rêstich en hja kamen gjin ien to-nei. As se it weagen en kom foar it ljocht, út har hoalen en har stêdden wei, dan soene se mei har ôfrekkenje, mar dat doarsten se ommers dochs net! En bûtendat, Jozua sels waerd âlder en hja hiene sa lang al fochten en dien: it waerd heech tiid dat hja it lân bihouden en dat wurk allinne al ferge de hiele man! It wie ommers allegearre nij en ûnwennich, foar in folk dat opgroeid wie yn 'e woastine en gjin ûnderfining fan buorkjen hie. Der foel nou gjin brea mear út 'e himel, hja moasten it nou winne út dizze groun, dy't har noch net eigen wurden wie.
En sa glieden de jierren foarby. Elk jier, nei de koarte, kâlde winter, rûze de iere rein oer de ierde; elk jier bloeide de Maeitiid mei grien en blommen, elk jier yn 'e gleone simmer ripe it nôt; elk jier al weroan rispen se de druven en dronken de frisse wyn. Earst wie it in wûnder; doe wende it; op it lêst wie it suver, as hie it altyd sa west. Dy swiere reis troch de toarre wyldernis bigounen se to forjitten, de trochtocht troch de Reade Sé, it wetter út 'e rotsstien, de wolkkolom, it manna, de tocht troch de Jordaen, it waerd in moai forhael út in fiere tiid. Soms koene de âlde minsken der noch fan fortelle en dan wie it altyd wer moai, mar al mear naem it hjoed har yn bislach, de drokte fan it wurk, de soargen om fé en lân. Dy Kanaaniten, dêr tochten se net folle mear oer; dy moasten har hert mar ophelje. It lân wie nou fan har, en hja wiene Gods eigen folk, dat de Heare soe wol op har passe.
Yn dy tiid stoar Jozua, de soan fan Nun, de lêste greate lieder fan it folk. |
|