daen droechmakke en dy't de muorre fan Jericho falle liet? En it hie ek gjin sin om mar stil ôf to wachtsjen en lit it needlot oer jin komme.
Dat dan wie der mar ien mûglikheit mear: hja moasten bisykje om mei Israël in forboun oan to gean om sa it faeije libben to rêdden. En sels dat soe net maklik wêze! Hja wisten mar al to goed dat dy god syn folk oplein hie om hiel it lân to bisetten en om alle ynwenners út to roegjen. Né, Jozua soe der net oan tinke om in forboun to sluten mei Gibeon en mei de trije stedtsjes dy't der by hearden! Mar as hja nou ris nei him ta gyngen en hja bearden, dat hja út in fier, frjemd lân kamen, hoe soe it dan komme? Elk folk dat in lange, swiere oarloch fiert, wol wol helpers hawwe en as hja Jozua nou ris tige yn 'e hichte stieken en hja priizgen foaral dy god fan Israël tige, soene se har dan dochs noch net oerhelje kinne? It koe yn elk gefal bisocht wurde.
De rie fan 'e âldsten praette lang en breed oer it plan, mar op it lêst waerden hja it iens, dat it al wêze moast. En nou kaem it der op oan om de gaedlike mannen to finen foar de reis nei it kamp fan Israël. It moasten moedige mannen wêze, dy't net gau binaud wiene, hwant as it útkaem hwa 't hja wiene en hwat hja fan doel wiene, dan kaem der fan it hiele selskip net ien wer thús. Mar it koene ek gjin dryste jongkeardels wêze, dy't maklik to folle seine en domme dingen diene, it moasten âlde, wize minsken wêze, dy't wisten hwat der yn 'e wrâld to keap wie en hoe't men mei fjildhearen en riedslju omspringe moat. En elk wurd dat hja seine, elke bûging dy't se makken, de klean sels dy't se oanhiene, alles moast der op birekkene wêze om dy Israëliten oan it forstân to bringen, dat hja út in fier en frjemd lân kamen. Mar al wie it dan gjin wurk foar elken-ien, der wiene wize en foarname Iju genôch yn Gibeon dy't it dwaen koene.
Dat op in goede dei triek der in hiele karavaen de poarte fan Gibeon út; mânlju en in lange rige ezels en fansels de slaven dy't by sok in steatlik selskip hearre. Hja wiene wol sa wiis dat hja net sa mar, de koartste wei lâns, nei Gilgal teagen; hja makken in greate omwei en kamen doe út it noarden wei, op it greate tintekamp ta. En gjinien, dy't harren sjoen hie, soe oait tinke kinne, dat dit nou minsken wiene út in stêd dy't sa tichteby lei. Men koe sjen dat de klean dy't hja droegen, moai west hiene en djûr, mar nou wiene se forblikt en forslein; bilape sandalen hiene se oan 'e fuotten en de sekken dy't de pak-ezels droegen wiene sútrich en stikken. It brea yn 'e sekken wie alhiel útdroege en krommelich en de learene wynsekken wiene op plakken skuord en hastich oaninoar ponge, lyk as mânlju dat dogge, dy't lang fan hûs west hawwe.
Yn it kamp by Gilgal seagen se nuver op, doe't de karavaen stil hâldde by de yngong en frege om Jozua to sprekken. Fansels wie der gjin biswier tsjin om har yn to litten en sa stiene se dan, de swalkers-út-'e fierte, foar de oanfierder en syn riedslju. Hja diene har it groetsjen en bûgen tige oan tiid en doe seine se it doel fan har komst: ‘Wy binne kommen út in fier lân; nou dan, meitsje in forboun mei ús.’
Der wiene by de âldsten fan Israël dochs guon, dy't it net rjocht fortrouden. Dat koe dochs sa mar net, dat hja in forboun oangyngen mei frjemden en hja wisten noch net iens hwêr't hja weikamen. ‘Miskien wenje jim wol yn ús formidden,’ seine se. De boaden fan Gibeon fielden, dat it der nou op oan kaem, mar hja murken ek, dat it Jozua oars net sa min talike. Hja gyngen op him ta en makken in djippe bûging. ‘Wy binne jins tsjinstfeinten’, seine se earnstich. Dat bitsjutte fansels, dat hja neat mei dy âldsten út to stean hiene, mar dat Jozua hjir de man wie en dat hja nou fierder mar leafst mei him de saken biprate woene. Hy wie oars net in greatsk man, Jozua, mar it die him goed dat dy frjemde boaden it fan him forwachten en dat hja sa goed wisten dat hy de lieder wie. ‘Hwa binne jim’, frege er freonlik, ‘en hwer komme jim wei?’
Hja antwurden: ‘Jins tsjinstfeinten komme út in tige fier lân; it leit fier yn it noarden op, noch bûten de grinzen fan Kanaän en it is sa fier ôf, dat jim der fêst net fan heard hawwe en dat it gjin sin hat en neam de namme. En wy hawwe de fiere reis allinne makke om 'e namme fan 'e Heare, jins God. Hwant wy hawwe fan 'e Heare, heard en dat er jim forlost hat út Egypte en dat er Sihon, de kening fan 'e Amoariten yn jim hân jown hat en Och, de kening fan Bazan. En dat wy in lange reis hawn