De middeis kamen se, wurch en ûngedien en tige biskamme yn it kamp by Gilgal oan. Hjir, út ditselde tintekamp, wiene se de moarns bitiid mei moed op mars gien en nou wiene se der wer, forslein en alhiel ûntdien. Doe't de lêsten binnen wiene waerd der appèl hâlden: der misten seis-en-tritich man.
It hiele kamp rekke yn ûnstjûr. Op sa folle tûzenen soldaten wie seis-en-tritich man net folle, mar dat hja nou forslein wiene, midden yn it fijannich lân, dat nou de heidenen triomfearren, dat wie it slimste. Sa'n lytse stêd, de earste dy't hja sels ynnimme moasten en nou al sa'n tobekslach! Lûd jammerjend rounen se tusken de tinten om. Holp God har dan net mear, dyselde God dy't de machtige muorren fan Jericho omwurpen hie? Wiene se dan syn folk net mear en joech er har nou allegearre oer oan 'e dea?
En sels Jozua wie forslein en wist net mear hoe't it moast. Daliks, doe't er alles heard hie, gyng er mei de âldsten nei de tint dêr 't de ark en de pieesters wiene. Ta teken fan rou diene se moude op 'e holle en swarte doeken om, hja skuorden de klean en lieten har plat op 'e groun delfalle. Hoe faek hiene Mozes en Aäron sa net lein to bidden foar de tint des Heare? Hoe faek hie God it smeekjen fan syn freon Mozes net heard en ûtkomst jown út alle need? En nou wie Mozes der al lang net mear en lei Jozua, de kriichsman dêr. Mar ek Jozua koe bidde.
‘Och Heare, Heare’, klage er, ‘hwerom hawwe Jo dit folk dochs troch de Jordaen gean litten, om ús to jaen yn 'e hân fan 'e Amoariten? Hiene wy it mar weage en bliuw oan 'e oare kant de rivier! Och Heare, hwat moat ik sizze, nou't Israël foar it antlit fan syn fijannen de nekke keard hat? Nou sille alle Kanaäniten it hearre en hja sille komme en ús bisingelje en ús fordylgje fan 'e ierde en hwat sille Jo dan oan jins greate namme dwaen?’ Strang antwurde de Heare: ‘Kom oerein; hwerom leistû dêr plat oer de ierde? Israël hat sûndige en hja hawwe nommen fan it bande; fan myn banoffer hawe se stellen en it binefterhâlden en it by har húsrie lein. Dêrom binne se nou sels yn 'e ban en Ik sil fuortoan net mear mei jimme wêze, as jim dy ban net út jim formidden fordylgje. Dat gean oerein en siz tsjin it folk, dat hja har hilligje op moarn en lit dan it hiele folk yn 'e moarntiid oankomme neffens jimme stammen en geslachten en húsgesinnen en Ik sil de man oanwize dy't sûndige hat en dy man, mei alles hwat er hat, sil mei fjûr forbaernd wurde, om't er it forboun des Heare oertrêdde en in dwaesheit yn Israël dien hat.’
En sa stie dan de oare moarns bitiid it folk foar Jozua; de âldsten foar en dêrefter, yn brede rigen, it bange folk. Ek Achan stie der by en noch doarst er neat to sizzen. Hie er it mar noait meinommen, dat sulver en dat goud en dy moaije mantel, mar hwa hie tinke kinnen dat dit der achterwei komme soe? In forlerne slach en seis-en-tritich deaden en dat alles om hwat jild! Moast er dêr nou om stjerre, hy en syn bern? Hy seach hoe't de preesters alles ré makken foar it godsoardiel. In offerdier waerd slachte en by it rikjend alter stiene de tolve âdsten fan 'e stammen Israëls. Sa earnstich stiene se dêr en seagen nei de preester dy't it lot foar har wurp. As it nou ris forkeard gyng mei it lot, as nou syn stam ris net oanwiisd waerd... Mar dan soe immen oars foar him stjerre moatte! Soe er nou noch nei foaren gean en sizze: ‘Hâld mar opl Ik haw it dien?’ Mar dat doarst er net. Hwat soe syn heit sizze en syn greate bern, dy't mei him stjerre moasten? Doe hearde er de preester sizzen, strang en lûd: ‘De stam fan Juda is rekke; alle oaren geane frij út!’ It wie oft syn hert stil stie. Mar noch sei er neat. Hy koe neat sizze. Nou wist er, dat de Heare him fine soe.
En wer stie in rige mannen foar Jozua: de haden fan alle geslachten út 'e stam Juda. Dizze kear foel it lot op it geslacht fan Zarchi, itselde geslacht dêr't ek Achan by hearde. O, God-yn-'e-himel, hwerom hie er doe syn hannen net thúshâlden, dy deis yn Jericho? En nou wie it foar altyd to let. It wie oft it lûd fan 'e preester hiel fier wei kaem: ‘De Heare wiist de famylje fan Zabdi oan. Lit alle man fan Zabdi hjir by it alter komme.’ Zabdi, dat wie syn pake. Hy stie midden tusken de oaren. Ticht by him stie syn heit, mar hy doarst net nei him to sjen. Allegearre seagen se earnstich: dit wie de lêste kear, dat de preester it lot werpe soe: dit gie om dea en libben. Doe