Jericho wie, dat wie it bysûnder eigendom des Heare. En dat elk dat goed witte soe, moast it hiele leger mei ark en preesters sawn dagen lang om 'e stêd hinnegean en dan, de sawnde deis, soene de muorren fan 'e stêd fansels ynstoarte.
Dyselde deis noch rôp Jozua de âldsten fan it folk by him en joech er har dat Godswurd troch. Hy skerpe har foaral goed yn, dat Jericho ban-offer wie en dat elk dy't hwat fan Jericho mei-naem sels ek ‘ban’ wurde soe en dat om ien sa'n rôver de flok oer hiel it folk komme soe. De âldsten seine it wer troch, elk oan syn eigen ôfdieling en doe't, net lang dêrnei, it leger klear stie foar de mars om 'e stêd, wist elk hoe't er him hâlde en drage moast.
En sa bigoun op in iere moarn de earste omgong om de faeije stêd. Preesters yn wide wite mantels droegen de ark en sawn oaren rounen der foar en bliezen op bazunen fan kromme ramme-hoarnen makke. En foar en achter de hillige ark, swijend en earnstich, triek it wapene leger op. Ien omgong diene se mar, dy earste deis; ien rounte lutsen se om Jericho en alles dat binnen dy deadlike sirkel lei, wie nou ta Gods banoffer wijd. Oer alles, dat libbe yn Jericho lei nou de flok des Heare; oer alles, bihalve dy iene famylje yn it hûs op 'e muorre, dêr't it reade koard út it finster hong... De mannen fan Jericho wiene op 'e muorre klommen, doe't dy frjemde optocht der oan kaem en in sterke wacht stie by de poarte ré. Hwat woene se, dy tsjinners fan dy greate god, dy't de Jordaen droechmakke hie, dat hja mei de ark des Heare opteagen nei har stêd.? Soe nou aenstouns, de ark foarop, dat greate leger yn 'e oanfal gean? Hja huveren en wachten. Mar doe't hja ien kear om Jericho hinne west hiene, trieken se stil werom en gyngen wer nei it kamp by Gilgal. Noch ien dei tominsten koene se rêstich har wegen gean, noch ien nacht feilich sliepe!
Mar ek de twadde deis die de fijân oars neat as om 'e stêd hinne rinne en krekt sa gyng it de oare dagen fan dy frjemde wike. Hwat woe dat folk? Doarst dy god dan dochs de striid net oan, of soe der hwat freesliks barre, hwat dat hja nou noch net bigripe koene? Elke moarn dy mars om 'e muorren en fierder wie de hiele dei lang alles stil. Mar djip yn har hert wisten se, dat it sa net bliuwe koe! Soms, yn 'e gleone middei, as alles stil wie oer it fjild, wie it krekt as hearden se noch dat swier en somber lûd fan 'e bazunen.
En sa kaem de lêste, de sawnde dei. Ier yn 'e moarn al stie it leger marsfeardich en noch ien kear spriek Jozua har ta. Dizze moarn moasten se sawn reizen om 'e stêd hinne dwaen en dan, nei de sawnde omgong, soene de sawn preesters de bazunen blaze en moast hiel it folk jûchje. Hwant net earder as hja lûd en optein jûchen, soene de muorren falle: hja moasten op God bitrouwe en jûchje, foar't hja de oerwinning bihelle hiene. En foar it lêst skerpe Jozua it har yn, dat alles yn Jericho band wurde moast, dat gjin minske en gjin bist yn it libben bliuwe mocht - útsein dan Rachab en har famylje - en dat gjinien hwat nei him nimme mocht, dat ûnder de ban des Heare lei.
Doe joegen se har op mars, swijend en earnstich. In greate dei soe dit wurde; de earste stêd fan it biloofde lân soe har yn hannen falle, sa mar, sûnder stoarm en striid, in wûnder Gods. Der wiene guon by dy't der stil fan waerden en dy't tochten: wy binne neat better as dizze Kanaäniten en nou moatte hja stjerre en wy binne Gods eigen folk en meije syn wraek oan 'e heidenen wreke. Sokken skammen har oer har sûnden en wiene tankber, dat God har útkard hie, mar de measten tochten der net iens oer nei: dy hiene wol sin oan it aventûr en diene hast gjin geduld om sawn kear de stêd om; hja knypten de fûst om it swurd en it kaem net by har op, dat hjasels likegoed de dea fortsjinne hiene.
It duorre in hiel skoft ear't hja sawn kear de omgong makke hiene en de sinne stie al heech oan 'e loft doe't de preesters stean bleauwen. It weard stil. Alle man hie de wapens úttein en allegearre stiene se nou mei it gesicht nei de hege muorre. Doe gyngen op 'e nij de bazunen, lang en lûd en tagelyk brieken al dy stimmen los; as hiene se de slach al slein, sa jûchen se en doe't hja op it lûdst rôpen seagen se hoe't de mânske muorren skuorden en foaroer foelen. De groun trille har ûnder de fuotten, doe't dy stikken stien delsloegen en in grize wolk fan pún en moude hong boppe de stêd. Hja wachten dat dy wolk wer